Noegje har út, hjir op dyn keamer. Mem sil gjin beswier ha, fynt it grif nijsgjirrich. Do seist gewoan dat jim' wat muzyk draaie sille. Soargje foar drinken. Stek in kears oan. Meitsje it romantysk. Frij mei har. Lit de hannen dwale. Mar net de klean út, dat net. Dochst it? Dochst it foar my?’
‘Nee, ik ferdom it. Ik kin it net, echt net.’
‘Do moatst. En ik sil achter de doar stean te harkjen. In skoft. En dan triuw 'k him iepen, kom jim' oer 't mad. Do leist boppe-op har, sy hat de earmen om dy hinne. Har hier, dy fjoerreade flagge, sit hielendal yn 'e tiis. O, sil ik sizze, it spyt my, hiel skruten en beteutere. Nei alle gedachten bliuwt it stil, want do witst net watst sizze moatst. Mar har swijen is keninklik, bazich ek. Grutsk en besitterich sjocht se my oan. Nochris ûntskuldigje ik my en rin feralterearre de keamer út.’
‘Do gûlst.’
‘Ik gûl net.’
Hoeden lis ik har de hannen om 't gesicht, slikje, sa't ik dat faker dien ha, de seesâlte skitt'ring fan 'e wangen. Dy wrange, bittere smaak.
‘Sis it ta,’ seit se. ‘Alles wol ik mei- en trochmeitsje. Sis datst it dwaan silst, broerke.’
En ik sis it ta.