| |
| |
| |
9
Ungemurken is de dei ferrûn. No teart it kleed fan 'e kosmos him boppe ús iepen; tsjutte fonkeljende stjerren op 'e nij op in kâlde nacht, friezerswaar.
Wy ha de iisbaan al yn 't sicht. De lampen baarne, de muzyk galmet ús blikkerich yn 'e earen. Moai liket it, feeëryk; sa tsjin 'e râne fan 't doarp, al dy minsken sirkeljend yn puozzen fan ljocht. Likegoed hat it wer hiel wat muoite koste om it safier te krijen, want de baan wurdt net om 'e nocht tsjems neamd. Heit hat ús froeger, yn ien fan syn mear redenrike buien, alris ferteld dat it stik lân, dêr't sleatten troch rûnen, net ôfgroeven is. Se ha 't gewoan tichtgoaid, snúfde er ferachtlik, logysk dat it wetter fuortrint. Neffens him hat it bestjoer fan 'e iisferiening alles besocht, fan kûleplestik oant daklear, mar de baan bleau lek. Dus moat der allegeduerigen bypompt wurde. Mar as it winter wêze wol, wit ik net better as dat je by 't doarp rillegau ride kinne.
Wy sette de fytsen tsjin 't stek, rinne oer de barte nei 't hok om op te binen.
Binnendoar is it waarm en drok. Wy moatte even wachtsje foar't wy sitten gean kinne om 'e redens ûnder te dwaan. It rûkt der nei oalje en poeiermolke en lear. Fardou is wilens al optein begroete troch in stel freondinnen. Ien fan har knoffelet oerein, krijt my by de earm en tsjut Fardou dat se op har plakje sitten gean moat. Ik stoarje troch 't rút en sjoch dat Riemer foarby skoot. Hy hat de slach al aardich te pakken, stapt fluch oer yn 'e bocht, ûntwykt in pear praters en lûkt himsels wer op gong.
| |
| |
Sytske, dy't my noch hieltyd beethâldt, hat it wakker oer har sloppe ankels, har minne kondysje en dat se hopet dat wy har net te bot útlaitsje sille. Ik harkje mar mei in heal ear, wol eins dat se my loslit. Fardou sjocht ús oan en laket. Bekoarlik is se mei har strakke, donkerblauwe turnbroek, de grouwe, wite trui en de blau-wite sjaal om 'e hals. Njonken har is wer ien klear, en fluch nim ik it plakje yn beslach. ‘Oe,’ ropt Sytske, ‘oe’; se wankelet oerdreaun as in dronken hin nei bûten.
As even letter dy hiele kloft froulju, ynklusyf Fardou, it hokje út is, wurdt it rêstiger. Ik meitsje de fiters fan myn noaren fêst en helje de rubberen beskermers fan 'e izers. Dêrnei lûk ik de moffen oan en knoffelje ek nei bûten.
It is al even lyn dat wy ride kinnen ha. Ik sjoch der nei út, mar de earste pear skekken fiele slim ûnwennich, sadat ik earst mar werom fal yn in lytsere slach. Mei ien hân op 'e rêch foltôgje ik it earste rûntsje.
Sjoerd en Jappy en noch in stik of wat jonges fan 't doarp stean yn in kloft foar 't hokje, sizze Hoi! Ik ryd op har ta en remje hoeden, om net in nuvere flikker te meitsjen. Se freegje hoe't it giet, hoe't ik fyn dat it iis derby leit. Goed, sis ik, goed. It liket dat soks har tefreden stelt, en flot skeakelje se oer op it ûngemak fan Reade Lútzen justerjûn, mei de auto dwers troch it stiennen túnmuorke fan de Hiddema's. Bealch fol drank, wein total-loss, Lútzen net in skramke. Doe't Hiddema op sloffen en yn 'e moarnsjas derút stowen kaam, skynt de Reade sein te hawwen dat it him spiet dat syn túnkabouter ferstoarn wie. In abslute held, dy Lútzen.
It iene ferhaal jaget it oare, en ik harkje mei niget. Sûnt fan 't simmer by de slûs ha 'k it idee dat ik by sa'n groep hearre kin, sûnder dat ik my echt mei harren ferbûn fiel.
| |
| |
‘Wat no, jonkje, stompe redens?’
‘Wat dan?’
‘Ik ha dy hielendal noch net riden sjoen.’
‘Ien rûntsje.’
‘Ja hear, hà wy iis, giet er stean te praten. Kom, wy sille in streekje sette.’
Mei barstend geweld set Riemer út ein. As in hazze sjit ik achter him oan, bin noch oan 't klauwen as hy al moai op streek is, de hannen op 'e rêch. Nei likernôch oardel rûntsje bin ik einlings by steat om yn syn ritme mei te gean. Lange halen. It liif boppe de linkerskonk, it liif boppe de rjochterskonk. Ik besykje sa djip mooglik te sitten, om druk op 'e redens te hâlden. Trije rûntsjes fierder bin ik út 'e liken. De longen skroeie, dogge sear. Riemer sjocht op noch om, seit net in wurd. Der is oars neat as it skrassen fan izer op iis, it lichte suiskjen fan 'e wyn; it lôge, swiere sykheljen. Ik sit opsluten yn mysels, finzen yn in marteljende kadâns. Mar ik byt my fêst, wol gjin belies jaan. En nei noch in stikmannich rûntsjes begjin ik my better te fielen, reitsje 'k oer de earste wurgens hinne. No is 't in genot, in beweging dy't himsels makket en my opdriuwt achter Riemer, dy't hast net wurch te krijen is.
Lang om let jout er in wink. Hy rjochtet de rêch, rydt op it hokje ta en bliuwt stean. Mei behoarlik mear selsfertrouwen as niis set ik de redens dwers, sadat it iis derhinne spat. Geweldich. Riemer jout my in dúst. Hy is read om 'e kop. Fan 'e kjeld, mar grif ek fan 'e ynspanning.
‘Falt my net fan dy ôf,’ seit er gnyskjend.
‘Yn 't begjin gie it my oars stûf genôch,’ antwurdzje ik. ‘Mar doe't ik it minste hân hie, skarrele it wol.’
‘It is moai wurk, ik bin bliid dat der wer wat iis leit.’
| |
| |
Hy snúft, flybket, sjocht fleurich om him hinne. ‘De sfear sprekt my oan, it is krekt as binne de minsken oars as oars. De froulju sjogge der ek moaier út, oanfallich of sa. Sit him mei yn hoe't se har klaaie fansels, al dy strakke broeken...’
‘Do bist ûnferbetterlik.’
‘Ja, hin?’
Hy laket, triuwt de hannen yn 'e bûse.
‘Ik moat dy wat opbychtsje,’ seit er.
‘Dat klinkt serieus.’
‘Dat is it miskien ek wol. Teminsten...’ Mei de punt fan 'e reed hakket er hoekjes út 't iis.
‘No? Kom op, do makkest my nijsgjirrich.’
Skreauwend en gicheljend rydt in groepke fammen foar ús lâns. Fardou is der ek by. Se hâldt de hân foar 't liif, wiuwt. Tagelyk stekke wy de finger op.
‘Jim' Fardou wurdt in ferdomd moaie mokkel,’ seit Riemer.
‘Ja? Ja, it sil wol.’
‘It is sa. Ik sis it. In bloedmoaie mokkel.’
Bylden fan har neakene lichem rize yn my op. Ik soe 't útraze wolle, Riemer by de bealch krije en fertelle hoe't it sit tusken har en my. Dit is de gelegenheid. Hy sil it begripe. Dat mei heit ha 'k him ek yn belutsen, en dat begrypt er ek. Hy is ferstannich. Earlik. Krekt as ús kin er geheimen bewarje. Myn maat. Myn alderbêste maat. By him sil 't feilich wêze.
‘En ik ha in eachje op har.’
‘Wat? Op wa?’
‘Op jim' Fardou. Eins al sûnt fan 't simmer. Se is wat jonger, ik wit it. Mar de foarnaamste reden dat ik oan no ta neat ûndernommen ha, is dat it dyn suske is. It fielt gewoan
| |
| |
nuver, om it oanlizze te wollen mei it suske fan jins maat. Krekt as dogge je dat net, stappe je dêrmei oer in grins, of sa. Unsin fansels, mar likegoed lek it my op 'e mage, fyn ik dat 'k it dy sizze moat. Miskien wol freegje oftst it goed fynst dat ik in skot weagje.’ Hy glimket, lûkt in plat pakje sjek út 'e achterbûse. ‘Want it is ek noch net sein dat se my lije mei. Neffens my is se goed sinnich. Ik ha teminsten noch niks fernaam fan frijers. Do wol?’
Nee, skodholje ik, nee, nee. Riemer sjocht my hifkjend oan, sels mei wat fan skrutenens.
Ik ha 't gefoel dat ik troch it iis sakje kin, sa swier binne de skonken yn ien kear. Boppe ús hollen galmet ien of oare Dútse schlager-sjonger. Jurgen Marcus. Freddy Breck. Rex Gildo. Ein Festival der Liebe. Wanhopich besykje 'k de komplikaasjes fan syn hommelse bekentenis op in rychje te krijen, mar dat slagget net. It is in gaos yn myn kop, in dwylsinnige merke dy't my ferlammet.
‘Mar wat seist derfan, ha 'k dyn tastimming, as beskermhear fan 'e jonkfrou?’
‘Ik sil deroer neitinke,’ sis ik, wylst ik de wurden út 'e strôt wring. ‘Want ik ken dy. En it is myn taak om noed te stean foar de earberens fan myn suster.’
‘Jo nommel ynboarst achtsje 'k heech, en jo hoedene opstelling wurdearje ik tige. Lit my dy dêrom, om alfêst yn in goed bledsje te kommen, in bekerke poeiermolke oanbiede, bêste freon.’
‘Sjerpstriker.’
De rest fan 'e jûn is bedoarn. Sûnder wille ryd ik myn rûntsjes, wit yn 'e petearen mei dizze en jinge de goeie toan net mear te finen. Riemer is optein, liket ferromme no't er syn langst op 't aljemint brocht hat. Ik besykje gewoan tsjin
| |
| |
him te dwaan, mar dat fait net ta. Mei syn utering hat er my de kâns ûntnommen om him yn fertrouwen te nimmen. Almar swierder wurdt sa de lêst. Want moat ik him no ek noch as konkurrint beskôgje? Ik merkbyt dat ik syn dwaan en litten folgje, sjoch ek dat er Fardou hieltyd yn 'e kiker hâldt. Mar ik wol him net yn 'e gaten hâlde. It is myn maat; nei Fardou en mem de persoan dy't my it neist stiet.
Krekt foar tsienen komt Fardou by my. Se hat in sûne, reade kleur, de eagen fonkelje. Myn Fardou. Jezus.
‘Sille wy op hûs oan?’ freget se.
‘Bêst. Eins ha 'k de ein ek yn 'e bek.’
‘Ik ek. Kom.’
Underweis nei hûs is Fardou wakker op 'e tekst. Op in stuit seit se:
‘Hast dy wat fermakke?’
‘Hoesa?’
‘Bist sa stil.’
‘Ik harkje nei dy.’
‘Dat sil 't wol.’
‘Hat Riemer noch mei dy praat?’
‘Riemer? Hm... Ik leau it net. Ja, wy ha “Hoi” sein. Hoedat sa?’
‘Samar.’
‘Nee, net samar. Fertel.’
‘Hy hat in eachje op dy.’
‘O.’
Stil bliuwt it, like stil as de stjerren, it swijen fan de ûneinige djipten boppe ús.
As se wer begjint te praten, klinkt har stim oars, as hat de winter der fet op krigen. Ik hear skuorren yn 't iis, in kâlde eastewyn troch keale beammekrunen. Wat dat hurd en âld is.
| |
| |
‘Hil,’ seit se, ‘miskien moatte wy ús in bytsje oanpasse.’
‘Hoe bedoelst?’
‘Oan 'e bûtenweareld. Oan wat oaren ferwachtsje.’
‘Ik begryp der neat fan.’
Se leit de hân op myn earm. Krekt as fan 't maitiid.
‘Ik bedoel dat wy altemets mei oaren omslaan moatte. Skarrelje. Ris ien thús komme litte en sa.’
Kjel sjoch ik har oan.
‘Dat mienst net.’
‘Dat mien ik wol. Miskien falt it sa stadichoan op dat wy noait wat oan 't hantsje ha. Om ússels te beskermjen sille wy moatte. Echt. Boppedat, ik wit hoe't de fammen oer dy prate. De measten binne sljocht nei dy. Hiest fan 'e jûn dy kop fan Sytske sjen moatten, doe't se dy oan 'e earm hong yn 't hokje.’
Ik bin mei stommens slein. Hoe betinkt se it? Mar it kin net. Ik wol it net ha. Ik fermoardzje elk dy't in finger nei har útstekt. Sels Riemer. En ik mei in oar fanke?
‘Wy ferriede inoar,’ sis ik.
‘Just net. Even stean bliuwe.‘
De nacht is ûnwêzentlik stil om ús hinne. Fardou glidet fan 't seal en lûkt my nei har ta. De mof kribelet yn 'e nekke. Har wurden wolkje my temjitte.
‘Tinkst, om't ik it útstel, dat it maklik foar my is? Tinkst dat ik net stjerre sil asto mei in oar omslachst, in frjemde tonge yn dyn mûle, in frjemd lichem tsjin dines? Mar ferdomme Hil, wy ha gjin kar. It is kleare needsaak. Ik wol gjin praatsjes ha, gjin rabberij dy't wit ik net wat teweibringe kin. It sil sear dwaan, ja, en goed ek. Mar dy pine nim ik op 'e keap ta, as soks betsjut dat wy feilich wêze kinne. Moatst it sjen as in offer, in offer foar ús fuortbestean.’
| |
| |
Stiif lûk ik har tsjin my oan. Ik soe mei har omheech falle wolle, it kâlde, iensume, ûnpartidige tsjuster fan 't hielal yn. Dêr't net oardiele wurdt en gjin bemuoienissen har ynfloed op ús jilde litte kinne. Gewoan inoar beethâlde en sweve, almar sweve. Sûnder ein.
‘Wat dochst mei Riemer, as er wurk fan dy makket?’
‘Riemer is in aardige jonge, ik mei wol oer him. Dêrom sil 'k him ôfhâlde, dúdlik meitsje dat er neat te ferwachtsjen hat.’
Unwillekeurich moat ik laitsje.
‘Dat klinkt stom. Tsjinstridich.’
Se knikt earnstich.
‘Ja. Mar ik bedraach leaver ien dy't my folslein neat skele kin.’
Op 'e nij giet de grize my oer de grouwe.
|
|