De azem stike my yn 'e kiel. Ik begriep wat se woe. Ik waard befongen fan in woeste dwylsinnigens, in wylde geilens dy't ûngewosken in útwei socht; it lêste fleachje skamte ûngenedich ferkrong.
Wylst ik har as in rôfdier fiksearre begûn ik my ôf te lûken, stadich, stadich. Tefreden helle se de tonge oer de lippen, draaide mei de heupen wylst se de hakken yn 't matras sette, hieltyd mear lûdsjes har ûntkamen.
Op in stuit spande har lichem as in bôge, kaam omheech, foel del. Ril nei ril fear troch har hinne, de hannen stiif tusken de billen klamme.
Ik hie sjoen wat ik sjen woe, liet my hielendal gean. Nei noch in lêste, krachtige haal kaam ik klear, spuite it sied yn hite gjalpen oer har krús, de hannen, it liif.
Yntins foldien smarde se 't oer de búk, de ribbekast. Dêrnei sprate se de earmen: kom. En ik kaam, gie op har lizzen. En wy omearmen inoar, widzen elkoar as babys, âlde minsken. En neat yn 'e libbene weareld dat ús skiede koe.
Doe't wy wat bekommen wiene, noch nei leine te sûzjen yn inoars geur en waarmte, tante ik har oer heit en mem.
‘Hoesa?’ flústere se.
Ik bewûndere har profyl, liet de wiisfinger oer 't noaske dwale, de lippen, it kin. Ferhûge wie 'k dat wy yn inoars genen smokkele sieten.
‘Fynsto dat it goed giet?’
‘Makkest dy wer soargen?’ Se draaide har nei my ta, striek hoeden it hier út myn eagen. ‘Neffens my is 't in ritueel dêr't se net sûnder kinne. Se ha sa lang yn har houlik oan 't hottefyljen west, dat it in soartemint gewoante wurden is. Mar om earlik te wêzen fûn ik dat kliemske gedoch ek neat, lykas fan 't simmer en sa. Do dochs ek net?’