‘Ik begryp dy man net,’ sei ik op in jûn tsjin him, ‘sa'n foarfal moat dochs oan him frette, as kanker, in kwaal op termyn. It kin net oars of hy moat ûnwis wêze, yn 'e war, wantrouwich ek. As er fuort giet en by dat frommes oanbellet, sil er dochs oer 't skouder sjen. Of net?’
‘Ik wit net hoe't soks wurket. Giet er ek noch geregeld op stap?’
‘Hy hat net in tongersdeitejûn oerslein. Yn 'e wykeinen is er altemets ek fuort.’
‘Miskien tinkt er wol dat er yn syn rjocht stiet, hat dat wiif him sa yn 'e besnijing dat er mient dat der leafde yn 't spul is.’
‘En dy bestiet net.’
‘Nee, dy bestiet net.’ Hy lei it kassettebantsje op 'e tafel, dat er krekt mei in protte lijen en muoite út 'e tiis helle hie. Dêrnei tearde er de hannen yn 'e nekke, ûnder 'e donkere krollen. ‘Ik kin him net mear mei gewoane eagen besjen,’ sei er. ‘En as dat mei my al sa is, kin ik 't my sawat yntinke hoe't dat mei dy wêze moat. Sitst der moai mei oanklaud.’
Ik knikte, kriich it bantsje fan 'e tafel. Koest krekt it plak sjen dêr't de tape yn 'e rekorder sketten wie. Faaks dat Riemer syn ynspannings fertuten dien hiene.
‘Dochs soe ik de hiele boel op syn berin litte,’ ferfette er, ‘as jim' heit fierders gjin lûd jout. Ik bedoel, do witst no hoe't er yninoar stekt. It is in liger en in dikke lul. Mar wat kinst dermei? Neat. Kinst it jim' mem net fertelle. Net no't se de ôfrûne moannen sa op 't skik is. Fynst al?’
Nee, skodholle ik, nee.
‘Dêrom. It soe my ek begrutsje om har, want sy is swier okee. En wa wit, miskien is jim' heit sa kjel wurden dat er der al in punt achter set hat. Dan soest in protte rarichheid