| |
| |
| |
6
Kweatinken. Fergif dêr't ik alle dagen in slokje fan naam. Sûnt it mislearre útstapke nei 't Gaasterlân begûn ik heit te mistrouwen. Noch yngeander hâlde ik him yn 'e gaten, al syn bewegings, de dingen dy't er sei te hifkjen op wrachtigens. Miskien wie it in utering fan myn eigen wankelmoedige stimming, joech it in soartemint ferromming troch my erges oars yn fêst te biten. Ik wit it net. Fardou fertelde ik der yn alle gefallen neat oer. In pear dagen nei it beruchte útsje wie, op in nacht, heit syn hâlden en dragen op 't aljemint kaam. Mar al myn twifels hie se fuortlake. Bist te swier op 'e hân, makkest fan in mich in oaljefant. Tochst dat sa'n oanfarring fuortendaliks de relaasje mar wer yn 'e kiif stelt? No way. Boppedat, do sjochst doch hoe't se mei-inoar omgean? Neat net oars as oars. Moatst gewoan akseptearje dat it net altyd feest wêze kin. Se bin' net sa as ús, Hil. Net ien is sa as ús. Dat moatst beseffe.
Dus hie 'k my fierders stilhâlden. Ik woe ek dat se gelyk ha soe, dat de minsken dy't ús fuortbrocht hiene op syn minst de helte belibje koene fan dat wy hiene. Mar de oare moarns sette ik likehurd de bittere tsjelk oan 'e lippen, en dronk.
Myn oertsjûging dat d'âld man toanielspile, waard namste grutter doe't er yn 'e rin fan 't neijier wer geregeld op stap gie. Tongersdeitejûns wie er tenei steefêst fuort. Kreas yn 't pak, hier yn 'e ploai, glânzjende skuon. Hannenfoi Tabac om 't kin, sadatst him troch de hiele pleats hinne roekst.
Ik stie it net. Freeds hie er altyd in bêst sin, ek as wie 't de jûns tefoaren let wurden. Ien kear hie 'k mem frege: Heit
| |
| |
fuort? Doe skodholle se, sei ja ju, biljerte hin? Hoewol, se kaarte der leau 'k ek by. Mar ast it my fregest, sitte se mear te drinken en te sigaarsmoken as dat se oan 't spyljen binne. Toe mar. It is myn fermeits net, mar jim' heit fynt it gesellich dus lit ik him mar moai gewurde. Ferset de sinnen wat, moatst tinke.
En dêrmei út. Hiel oannimlik allegear. Ik begriep mem net. Moast er him dêr sa allegeduerigen foar yn 'e pronk stekke? Op in stuit bleau ik wekker om te fernimmen hoe let oft er thúskaam. Fier hynstenacht foarby, twaen, trijen. Hy seach der skier oer, de oare deis. Mar hy wie wol fleurich. Hoe is 't op skoalle, Hilbrand? Bêst. Woe 't wat mei heit justerjûn? Mei hinnebruie. Pryskes winne sit der lykwols net yn. Kin my trouwens it measte ek net skele. Wy ha noflik dwaande west, dat is 't foarnaamste.
Neffens my stie er te ligen, ek al ferblikte er net. Ik woe dat er liigde. Nachts lei ik plannen te betinken. Hoe't ik him mei de opfierde brommer fan Riemer-en-dy folgje soe, sa ûnopfallend mooglik. Utfine wêr't er hinne gie. Net nei ‘De Prins’, dat wie wol wis. Hy teach nei in gelegenheid mei Privee yn 'e namme, of oars mei de oantsjutting Massaazjesalon of Nachtklup. Huize Rosa. Wy ûntfange jo graach. Fan diskreesje bewisse. Us fammen binne skjin en sûn.
Mei't ik de brommer útdoch sjoch ik him deryn gean, de rjochthoeke fan 'e doar, in weach timpere, soele muzyk; skymrich, read-oranje ljochtskynsel. Hy fuotfaget op 'e matte. Keurige man. Dêrnei falt de doar achter him ticht, mei in sachte klik. Moat ik oanbelje, deryn baarne sadat se iepen dogge en ik him oer 't mad kom? Ah, de ultime fernedering! Mar is sa'n aksje net te dryst? Faaks bin ik mear in man om him swijend op te wachtsjen, om him allinne al mei
| |
| |
myn oanwêzigens te krinken en te misledigjen; stil beskuldigjend sjen, dat it skamterea op 'e kaken jeit.
Dat wie myn dilemma. Mar de aktive, manmoedige haadrol yn it drama wie foar my.
Fanwegen de wiette hie 'k de skuon útdien, rûn op sokken yn 'e hûs. De doar nei de gong stie oan. Ik treau him fierder iepen, hearde heit mompeljen. Hy wie oan 't beljen, hong wat skean oer de heak hinne. De sacht útsprutsen wurden kroepen lykwols aardich fersteanber troch de holle, kâlde romte op my ta.
‘Kin wol wêze, mar...’
‘...’
‘Nee, ik wol 't net ha, it kin gewoan net lije...’
‘...’
‘Okee, mar do kenst myn sitewaasje. Do moatst my tiid jaan, romte ek...’
‘...’
‘Belje my net thús, dat is alles wat ik freegje. Ha geduld, ús tiid komt noch...’
‘...’
‘Goed. Ja. Ik wit it. Ja. Ik ek fan dy, Saapke. Doech.’
Foar't er him omdraaie koe, wie ik de gong al wer út. Yn sân hasten rûn ik werom nei myn fyts, die de skuon oan en kriich it stjoer beet. Ik kom krekt thús, heit, ha neat heard.
Hy kaam myn kant net út, de doar bleau ticht.
Ik trille oer de hiele lea. Mei ien klap wiene myn romantyske optinksels fuortfage. Syn wurden lieten gjin romte foar twifel, gjin ynterpretaasje oars as troubrek. Ik ek fan
| |
| |
dy, Saapke. Dêrmei skeinde er myn fantasij, ûntnaam er my it lêste hâldfêst.
De strôt taknypt, it hert op 'e rin. Dûm. Folslein fan 't sintrum. Saapke. Wat in belachlike kut-namme foar in frommes om in bûtenechtlike relaasje mei te hawwen. Wêrom net Susan of Jenny of Marleen? Saapke klonk net as in hoerenamme. Tsjin in hoer seine je dochs ek net Ik ek fan dy? Of wol? Mar wat makke it út? It gegeven wie sa klear as in klontsje. Heit belazere mem. Belje my net thús. Hoe lang wie 't lyn dat er har in boskje blommen jûn hie? Ferline wike. Asjeblyft. En in tút op 'e foarholle. Judas. Nee, dûbele Judas, want hy draaide ús ek in rêd foar d' eagen.
Doe't ik de skuon foar de twadde kear útlûke woe, fernaam ik dat de hannen ta fûsten oprôle wiene. Bûtse. Oan grom slaan. Dy kop hielendal ferbouwe. It baarnde achter de eagen, o sa hyt. Nee. Gjin trien. Slokke. Slokke, bliksem. De tiid fan gûlen wie allang foarby. Ik wie in man, neukte, hie in frou. Echte mannen rize, komme foar 't ljocht yn faaie sitewaasjes. Ik moast gjin domme dingen dwaan, de kop derby hâlde. Folwoeksen reagearje.
Dy nacht koe 'k net yn 'e sliep komme. Ik wrotte en heistere, mar de fiif sacht útsprutsen sinnen stiene as net te fermurvjen wachters by de poarte fan Morpheus. It ferlet om ferjitnis yn Fardou har earmen te sykjen wie grut. Doch doarst ik it net oan. Se soe de stimming fuortendaliks oanfiele, my tantsje, fileare mei it mes fan har tonge.
Sels moast ik in manier útfine om mei de nije wittenskip om te gean, mar har woe 'k der net mei belêstigje. Besmodzgje. Want sa kaam it my oan. It soe nei myn betinken in smet smite op ús eigen omgong, ek al soe it dy net wêzentlik beynfloedzje. Sa net, Fardou wie der wis fan dat
| |
| |
alles goed gong tusken heit en mem, en moast ik dejinge wêze dy't har dy yllúzje ûntnimme soe?
It fielde oan as ferried. Heit dy't mei in oar frommes omsloech. It klonk as in contradictio in terminis. En doch wie it sa. Of net? Fersinde ik my? Hie 'k it heard om't ik it hearre woe? By einsluten wiene it mar in pear losse sinnen, dy't ik sels komplemintêr makke hie. Ja. Miskien hie 'k te rêd myn konklúzjes lutsen, moast ik se doch nochris tsjin 't ljocht hâlde. Mar hoe? Op heit ta stappe en op 'e man ôf freegje hoe't it siet? De koartste klap faaks, mar dat doarde ik net. Dus begûn ik nei oare wegen te sykjen. En dat makke al dat ik my minder machteleas fielde.
Doe't de nacht syn tsjustere flerken ticht tearde wie 'k der einlings út.
Riemer skodhollet, langet my syn sjek oer.
‘Wat in kloate-tastân.’
Ik knik, bin bliid dat ik him deryn behelle ha.
‘En wat hast ek alwer op 't kaartsje set?’
‘Oars net as: Wy moatte prate. Sneon de tredde. Healwei fiven yn It Hoekje. S.’
‘Saapke,’ prevelet Riemer. Hy stoarret ôfwêzich foar him út. ‘Net om it ien of oar, mar út soarte is jim' heit wol de lêste dêr't ik my soks fan foarstelle kin.’
‘Sa giet it mysels ek. Dêrom bin ik ek benijd wat der gebeure sil. Sjoch, hy nimt altyd de post mei, en dat sil moarn net oars wêze. Tusken de rekkens en 'e reklame fynt er in kaart. As ik it mis ha, komt er dermei yn 'e hûs en smyt er him op 'e tafel: Ik wit net wat dit te betsjutten hat, mar it sil wol foar ien fan jimme wêze. Geheim ôfspraakje, of sa? Of hy fandelet de kaart dertusken wei. Dat is de foarste test. De
| |
| |
twadde is dy middeis. Sil er opdaagje of net? Dat wol 'k mei eigen eagen sjen.’
‘Ik bring dy,’ seit Riemer, ‘op 'e brommer.’ Hy sjocht my oan. ‘Der sitte noch wol losse eintsjes oan dyn plan. Hy soe har bygelyks fantefoaren belje kinne om te freegjen hoe't it sit.’
‘Okee. Mar dêrmei bewiist er ek al dat der wat oan 'e hân is.’
‘Dat is sa.’ Hy giet stean, panderet mei de hannen yn 'e bûse hinne en wer. ‘Hast al neitocht oer wat er dwaan sil, as dy Saapke him letter dúdlik makket dat dat kaartsje net by har weikomt?’
‘Nee. Eins net. Kin my út soarte ek neat ferdomme.’
‘It is in soadsje. Ik wit ien ding wol: trouwe sil foar my noait hoege. It hat ek wat tsjinnatuerliks, sa'n lang eksklusyf akkoart. Soks moat op 'en doer mislearje, want leafde en hertstocht bin' net duorsum. Dat docht wol bliken. Fûleindich, hyt en koart, sa heart it te wêzen, Hilbrand jonge. Dermei ophâlde foar't de skientme ferwylget.’
Doe't heit de oare deis mei de post oansetten kaam, betocht ik my ynienen dat de earste test eins wif stie. It kaartsje soe ommers ek wolris in dei of wat letter besoarge wurde kinne. Gebeurde geregeld by de ptt.
Achteleas smiet er it steapeltsje op tafel.
‘Neffens my krije wy alle wiken mear fan dy reklamebrot,’ snúfde er, ‘wat moatte wy dermei?’
‘Och, ik fyn 't aardich,’ sei mem. ‘Sit der herders noch wat by?’
‘In skriuwen fan 'e fersekering en in ôfskrift fan 'e bank.’
| |
| |
Núnderjend blêde mem troch it steapeltsje. Erges waard in doar tichtslein. Fardou. Charles Aznavour song Mes emmerdes. Ik naam in swolch kofje, hyt en swiet. Doe't mem in tel letter sei: Wat is dit?, ferslokte ik my hast. It hert sloech my yn 'e kiel. Ik seach heit oan. Dy makke mei in leppeltsje it skriuwen fan 'e fersekering iepen. No? sei er. ‘In útnoeging foar it meidwaan oan in kursus Assertiviteit,’ antwurde se.
Dochs bêde har taljochting my net del. Kwânskwiis ûnferskillich skifte ik de reklamefolders derút en helle dy nei my ta. Gjin kaart te sjen. Ik tearde ien fan 'e folders iepen. Wytguod. Elektroanika.
‘En dy útnoeging is oan dy rjochte?’
‘Ja.’
‘Wat in ûnsin. Wa betinkt soks?’
‘Sa'n ûnsin is it net. Ik tink dat guon minsken, benammen froulju, der baat by ha kin.’
‘Soks is foar lju dy't tiid oer ha.’
‘Asto it seist sil 't wol sa wêze.’
‘Hm.’
Ik skode de stoel achterút en gong stean.
‘Silst fuort?’ frege mem.
‘Nee. Even Riemer belje.’
‘O. Hâld der yn alle gefallen rekken mei dat ik tolve oere ite wol.’
‘Okee.’
Justjes nei fjouweren loek Riemer de brommer op 'e steander. Wy stiene rjocht tsjin 't kafee oer, oan 'e oare kant fan 'e strjitte. Drok wie it, winkeljend publyk, wapene mei alderhanne tassen en pûden fan ferskillende ôfmjittings,
| |
| |
swaarme om ús hinne. In eintsje fierderop stie in draaioargel te spyljen, beselskippe fan twa al wat âldere mantsjes mei in foaieblikje. Ald-Hollânske nostalgy, grif; mar lykas altyd wearzge ik fan 'e earmhertigens fan 't tafriel.
Wylst ik op 'e wiuw stie, helle Riemer twa blikjes drinken. Spand wie 'k, senuwachtich ek. It libben hie in amper te befetsjen kear nommen, sette my oanienwei op 'e ferkearde foet. Manlju en froulju rûnen tsjotterjend en laitsjend foarby. Libben yn in oare weareld. Dêr te stean makke dat ik my ûnwerklik fielde, absurd. Mar net mismoedich, want ik ûndernaam aksje, socht klearrichheid.
‘En?’
Ik kriich it blikje drinken oan.
‘Noch neat sjoen.’
‘It is tweintich oer fjouweren. Stel, hy is der healwei fiven net. Wat dogge wy dan? Wachtsje? En hoelang?’
‘Goeie fraach. In minút of tsien? Hy soe troch omstannichheden letter wêze kinne.’
‘Hm. Oars kinne wy dêrnei altyd deryn gean en keapje ien. Sitte wy op 'e earste rang as er dochs noch komt.’
‘Allegear goed en wol, mar as er ús dan sjocht?’
‘Stekke wy de hân op en sizze: Hoi, dat is tafallich!’
‘Moaie lul bisto.’
‘Kom, wy kinne der wol even by sitte.’
Yndie waard de mannichte allinken lytser, sadat wy dochs goed sicht hâlden. Riemer nestele him yn 't finsterbank fan 'e militêre dump achter ús. Ik folge syn foarbyld, dronk myn blikje leech.
De mannen fan 't draaioargel pakten de boel ek al op. De doarren kamen ta en in grutte, healbizige Audi waard derfoar riden. Mei wat manûvrearjen keppelen se it oargel fêst,
| |
| |
en sloegen dêrnei hast tagelyk - en mei itselde gebeart - de hannen oan har snústerige jaskes ôf.
Op ien of oare manier deprimearre har krewearjen my. It like sa sinleas, oerstallich. Wat soene se fertsjinne ha, oardel, twa gûne? Sjoch leave, hjir hat er in stuorke, doch dat mar yn it blikje fan dy pake. Moai wurk? Sa like it net, want se seagen as tuorren. Doe't se foarby rieden foel it my op dat de sjauffeur omtrint de noas tsjin 't rút treau. Minne eagen. Ik fielde my ferromme doe't se út it sicht ferdwûnen.
Riemer joech my in dúst.
Ik loek oan 'e kop.
As de lins fan in kamera skerp te stellen, tichterby te heljen, it goeie stuit ôf te wachtsjen en fêst te lizzen. Klik. Utsnien yn 't ûnthâld. Klik. Ien foar de wissichheid.
Hy seach op noch om, rûn mei de kop foardel, de hannen stiif yn 'e bûse. Ferklaaid hie er him net, allinne de overall útdien. Ut syn hâlding bliek argewaasje.
Frjemdernôch hie 'k - justjes - begrutsjen mei him. It hie wat oandwaanliks, sa'n man op jierren, mei in kop fol soargen, dy't op it punt stie ta de ûntdekking te kommen dat er foar de gek hâlden waard.
Mar dêrnei teskroeide it meifielen yn it fjoer fan lulkens dat oplôge. Dy kloatsek. Ik hie my net fersind. Hy bemitere de hiele boel. It masker foel mei elke stap dy't er sette. Deadeling. Ik hie de hiele tiid gelyk hân. Mar wêrom joech dat gjin foldwaning? Ik wie dwers troch alles hinne. Der doogde neat fan it bestean.
‘Hilbrand?’
Riemer hie my by 't skouder, skodde.
‘Ofstekke?’
| |
| |
Ik knikte, hoewol't ik in sterke oandriuw hie om troch de ruten fan 't kafee te gluorkjen, om te sjen oft er ek ferheard wie, betize, ferslein.
Mei in taknypte strôt stoep ik by Riemer achterop. Gelokkich sei er neat.
Dy nacht kaam Fardou by my, sûnder dat wy 't ôfpraat hiene. Ik lei wekker, fansels. Se streake my, flústere sachte wurdsjes. As fan in ôfstôn flamme ik nei har op, fielde myn lichem reagearjen krekt as hearde it net by my, gong it syn eigen gong: kâld en swijend en rûch.
Nei ôfrin sei ik dat it my muoide. Se sei dat niks my hoegde te muoien, dat ik soks noait wer sizze mocht. Wy ha inoar ommers neat út te lizzen, sei se.
|
|