5
De need is heech. Ik sis tsjin Riemer dat ik earst pisje moat, de blaas stiet my op barsten. Allinken ha wy de twadde flesse cola ek al hast soldaat makke. Wy binne oan 't hertejeien, wylst wy nei in nije lp fan Deep Purple harkje.
‘Net yn myn kaarten sjen, hin?’
‘Ha. Do kenst my dochs?’
‘Dêrom.’
‘Gean do no mar te migen, jonkje.’
Ik stuiterje by de trep del, betink my dat it noflik is, mei Riemer sa tegearre. Wat dom prate, in kaartsje lizze, muzyk draaie. Fierders neat. Nerges oer neitinke.
Mei in raam lûk ik de doar fan 't húske iepen, rits de broek los en lit it wetter rinne. De ûntspanning is sa grut, dat ik mysels aaah hearren sis. Dat fielt goed.
Oant twa earmen om my hinne glydzje.
‘Ik ha my altyd ôffrege hoe't soks fielt, by jonges,’ hear ik Fardou yn myn ear flústerjen.
‘Idioat, wat dochst?’ Fan 'e skrik pisje ik oer de râne.
‘Wat no, wurdst net kjel fan my, wol?’
‘Fardou, ferdomme, Riemer sit ek boppe.’
‘Dat 's net ûnder. Lit my gewurde.’
Mei sachte twang wrigget se de hân om 'e kul. Se taast, knypt in bytsje, laket ferheard. ‘Ik fiel it streamen!’
Stiif stiet se tsjin my oan, de iene hân om 'e kul; mei de oare omfettet se de ballen.
‘Myn Hilbrand,’ seit se. ‘Hieltyd tichter wol 'k by dy wêze.’