har yn 'e eagen te sjen, wylst ik de grutte tean yn 'e mûle nim. Earst sûch ik in bytsje, lit de tonge oer de sachte ûnderkant dwale. Se gichelet, mei de hân foar de mûle; de eagen glinsterje. Dan set ik de tosken deryn, fûl, mar net tè. Yn in refleks sil se de foet weromlûke, mar ik hâld him beet, de iene hân om 'e hakke, mei de oare streakje ik it krop. Fluch lit ik de grutte tean los en nim de fjouwer lytse tusken de lippen. Se wegelet se genietsjend hinne en wer. Soerich-sâlt smakket it, ik wurd der rûzich fan.
Op in stuit lûkt se my nei har ta, as in fisk oan 'e angel. Ik lis de holle yn 'e skurte, even mar.
‘Wat is der?’ hear ik har freegjen. Se klinkt heazich. Utsoarte soe 'k no neuke wolle.
‘Tialda, in fanke by ús op skoalle, is swier.’
‘En dêr hasto noed om?’
‘Nee... no ja, net om har fansels. Mar ik bin der wol kjel fan wurden. Ik bedoel, wy brûke neat, Fardou.’
‘Dus dêr sitst oer yn.’
‘Do net?’ Ik sjoch har oan.
Se skodhollet, stoarret ôfwêzich yn 'e fierte.
‘Foar't wy inoar fûnen, hie 'k al nei dokter ta west. Om 'e pil.’
‘O?’ Frjemdernôch stekt har utering my. ‘Wit mem derfan?’ Ik klink as in âld wiif.
Se knikt.
‘Se kaam der sels mei. Om earlik te wêzen hie 'k der noch noait oer neitocht, wie 'k ek beslist net fan doel om samar mei dizze of jinge it bêd yn te dûken.’ Mei de platte hân strykt se my oer 't hier. It fielt lekker. ‘Faaks mei om't ik allinne mar oan dy tinke koe. En alles wat ik dêroer byinoar fantasearre wie ûnmooglik.’