Mei't ik deryn kom docht se in stap tebek en giet op 'e barkruk sitten, de holle skean, de eagen taknypt. Prakkesearjend mjukst se ferve op 't palet, taksearret wilens de ôfbylding op it doek. Sûnder fansiden te sjen seit se: Tankewol leave, set mar erges del.
Glimkjend sykje ik plak op 'e tafel mei potsjes, blikken, tuben en kwasten. Dêrnei nim ik it tafriel yn my op. It ljocht dat troch de hege ruten falt jout har gesicht in seldsume sêftens, in soargeleazens dy't my yn 't moed taast.
Ynienen fiel ik my spjalte, bin ik frjemd foar mysels. Ik fernim dat ik de frou achter de ezel mei oare eagen besjoch; net as dy fan in soan syn mem, mar as dy fan de frijer fan har dochter. De betizing is sa grut dat ik my erges oars waan, in romte dy't ik net ken, dêr't it nei ferve en terpentine en bjinwaaks rûkt. It iennichste referinsjepunt is it frommes dat dêr sit te skilderjen, yn 'e stúdzje wei is, folslein yn harsels opgiet. Yn har ken ik myn mokkel werom. Deselde ljochte hûd, deselde mûle; se bewege de lange, sierlike fingers op identike wize.
Troch de ferfrjemdzjende gewaarwurding meitsje ik in knoffelige beweging, dúst tsjin 'e tafel. Kwasten rattelje yn potten; der gjalpt wat tee út it kopke. It frommes draait har om, se liket net fersteurd, glimket sels. Mem, tink ik, it is ús mem.
‘Wat fynst derfan?’ seit se, wylst se de kwast op it palet lek en de hân útstekt om 'e tee oan te krijen. Ik langje it oer en bliuw njonken har stean.
Waad, strân, loft. Oantsjut mei ferskillende soarten griis, grien, brún en blau. Hjir en dêr bespeur ik ek in readichgielige skyn.
‘Ik mei it wol lije,’ sis ik, ‘moaie kleuren.’
Se knikt en seit: ‘Sjochst it wol?’