1
Nuver hoe'n krachtige yndruk alles op my makket. As sjoch ik de dingen no pas echt, ûntdek ik se troch it oantinken dat ik derfan ha. Miskien is echte ferwûndering wol makke fan oantinken, en net fan nijichheid. Ik wit it net. Mar ik rin en rin, fiel by alle stappen de fearkracht fan 'e grûn sa't ik dy noch noait field ha; besjoch it bochtich slingerjen fan 'e sleat mei in sterke benijing; fernim hoe't it eachweid romten ûntslút dêr't ik fan tocht dat ik se kwyt wie.
Twa kilometer fan 'e pleats nei de slûs. In fertroud paad, hoewol't it even lyn is dat wy it rûn ha. En no is it nij en fier, yn romte, yn tiid; skôgje ik de omkriten en de dingen, elk mei syn eigen skaad ûnder in himel fan iensumens.
Dêr. Ik ha de brêge al yn 't sicht. Sa te sjen is der net ien; ik bespeur alteast gjin brommers of fytsen. Rêstich is it, en nuveraardich stil. Of sit dy stilte yn my, is it in reaksje op it yntinse fan 'e yndrukken?
Fardou rint foar my út. De heupen weagje bekoarlik ûnder 'e stof fan 'e simmerjurk. Froulik is se. Mar ek famkesachtich, sa mei de bleate fuotten yn 'e gymnastykskuon.
Ik hâld net fan har. Hâlde fan is loas en hol. Dat wat ik fiel giet oan dy útdrukking foarby, hat dêr neat mei út te stean. Besestere bin ik, folslein besestere. En sy ek. Wy kinne net oan inoar ûntkomme. Mear as ea binne wy ferbûn.
De twifels binne ferdwûn. Gjin fragen, gjin ûnwissichheden; gjin wroechwjirm mear dy't gnobbet en dolt en it oer sûnde hat. Ik ha frede mei ússels, mei de sitewaasje; ha ús fûnemintele tastân ûntdutsen en dêrmei ek ús bestimming.