| |
| |
| |
9
‘Ha jim' wat te iten en te drinken meinommen?’
‘In rêchpûde fol.’
It falt my ta dat se noch erch yn ús hat. Sûnt heit fuort is, leveret se har hielendal út oan har kreative driuw. Hy wie juster amper út it sicht ferdwûn, of se siet al op 'e fyts mei it sketsboek ûnder de earm. As in nauwe faas, dêr't tefolle wetter yn siet en oerrûn. Har ûngeduerige entûsjasme wie oandwaanlik; en sûnder dat se derom frege hie wiene wy meigongen, út in oandrang om har wat te hoedzjen en te noedzjen. Nerges foar nedich fansels, en doe't wy ús nocht hiene, wiene wy de dunen yn dwaald. Dochs drukte har ûnsichtbere oanwêzigens sadanich op ús, dat wy dêr en doe net frij genôch wiene om ta te jaan oan de lust dy't ús sinzgjen docht. Kleare geilens, hoewol't ik ôfrûne nacht betocht ha dat de seks eins symboalysk is, dat wy earder wat sykje dat ferburgen en heimsinniger is, wat, dêr't de seks net mear as in teken fan is.
Mar miskien fersin ik my. De honger neiinoar is yn alle gefallen grut en echt en pynlik. Dus ha wy fan 'e moarn betocht dat wy nei 't Oerd ta wolle. Op 'e fyts. De ôfstân nei dy eastlike punt is grut genôch om mem bekomme te litten, mocht se ûnferwachts aspiraasjes ha. It moat wakker in moai gebiet wêze, dêr't in protte ferskillende soarten fûgels tahâlde. Dat, yn kombinaasje mei de rike plantegroei, is genôch foar mem om har net te fernuverjen oer ús foarnimmen.
As wy ús útstel dogge, taalt se der sels amper nei. Se knikt, okee, goed; ferhellet ús fan har eigen plannen. Hjoed sil se
| |
| |
nei de waadkant fan 't eilân, dêr'tst, mear noch as oan 'e strânkant, allinne wêze kinst. ‘Dat makket it in bysûndere ûnderfining,’ seit se. ‘Mar it giet my benammen om it lânskip by leechwetter. As ik dat op in befredigjende manier fêstlizze kin, ha 'k aansten prachtich materiaal om te skilderjen. No ja. Yn alle gefallen sis ik jim' ta om moarn wer wat mei ús allen te dwaan, okee?’
Wy knikke, sizze dat se der net oer yn sitte moat, wy fine it net slim. Se liket fergetten te wêzen dat wy der al allinne op út woene.
En no binne wy op 'en paad, útlitten, balstjurrich, wolfoldien. Likegoed fielde ik my earst skruten, doe't wy út ein setten. Want hielendal op ússels, net ien yn 'e buert dy't ús oer 't mad komme koe, gjin driging fan ûntdekking. Der is sa'n soad dat ik har fertelle wol, dat ik eins net wit wêr't ik begjinne moat. En hoe. In stom, ferlegen jonkje. Mei har te neuken yn 't healtsjuster liket ienfâldiger as samar yn 't folle deiljocht in petear te hawwen.
Dus lul ik in slach yn 'e rûnte oer 't waar, Kiewiet fan 'e húskes, Rixt fan 't Oerd, soene wy har ek jammerjen hearre kinne? Mar ek oer de âldelju, heit syn ferlichting doe't er op 'e bus nei de boat stoep; mem har fiksaasje no't se min ofte mear de hannen frij hat. Alles wat mar net ta de saak docht. Ik hear mysels ratteljen, mar bin net by steat om der in kear oan te jaan.
Oant Fardou in hân op myn earm leit. In simpel gebeart dat my samar yn 't moed taast, en tagelyk rêstich makket. Ik fernim it gewicht, licht en dochs stevich; sjoch de lange, smelle fingers dy't sierlik bûgje. Op slach is alle achterhâldenens ferdwûn, ek it ûnwisse dat my niiskrekt yn 'e stringen hâlde. Dimmen begjin ik te fertellen fan de wrakselingen
| |
| |
dy't my bytiden ta wanhope dreaune. Neat hâld ik achter; sels it beskamsume foarfal mei pake yn Greidesicht fertel ik har.
Neigeraden ik my mear en mear bleat jou, fiel ik my lichter wurden, as in leauwige dy't sûnt lang ta de bycht giet. En Fardou harket, falt my yn 'e mûle, heakket ta en follet oan. Myn ferhaal rint linkendewei oer yn harres, wurdt ien, werjûn út twa mûlen.
Kilometers glydzje elk foar oar ûnder 'e tsjellen troch; yn tarredyk, grânpaad en klinkertwei. De rûte dy't wy ôflizze is eins ien lange, rjochte streek nei 't easten; en nettsjinsteande it ientoanige karakter is de omkrite in bêding foar ús ferhaal. Sa reizgje wy troch Nes en Buren, de Koaidunen en 'e Sâlte Greide; mar ek troch de tiid en alderhanne sitewaasjes dêr't wy no om laitsje, mar allyksa it bittere fan priuwe, de ûntsetting noch fan fiele.
Einlings komme wy by ús eindoel. Op it heechste dún stiet in útsjochtoer. Handich, om't wy lang net oeral komme meie. Nei 't wy de fytsen tsjin in planke set ha rinne wy by de treppen omheech, mei de earmen ominoar hinne. It útsjoch fan 't plato ôf is oerweldigjend. Hege dúntoppen wikselje mei nijsgjirrige delten, dêr't by hjir en by dêr markes yn lizze te spegeljen. Mar ek de kwelders ha in prominint plak yn 't eachweid: heech wetter is 't, en tûzenen fûgels fine dêr har rêstplak. Se roppe, snetterje en krite, en dochs is it stil; in tiidleaze, ymposante stilte dy't ús stadichoan betsjoent.
Fardou leit de holle op myn skouder, en noch stiver lûk ik har tsjin my oan. Ik fiel my neatich en grut tagelyk; bin de spil dêr't alles om draait, en minder as it lytste kerreltsje ûnder myn skoech. Ik wol wat sizze dat moai is, en wier; mar de brâning yn 'e kop is te lûd, en wyld plantsje ik de
| |
| |
mûle op harres om te fielen, de tonge, de tosken, de amme. Lit de hannen oer har lichem glydzje as om mysels derfan te oertsjûgjen dat ik net fan drôchbylden pleage wurd.
Lust flamket op, en Fardou taast my begearich yn 't krús. Ik slikje har ranke, blanke hals; om dêrnei ien fan 'e boarsten yn 'e mûle te nimmen, dwers troch de blûze hinne. Se stint, licht en mei oerjefte.
‘Goendei jongelju.’
Hommels litte wy inoar los. Ik skraabje de kiel, sis hoi tsjin 'e man en 'e frou dy't achter ús stean. Ungemurken bin se boppe kommen, en glimkjend nimme se ús no op. Se binne âld, in jier of sechtich, en sjogge der hast itselde út. Beide drage se in bêzjekleurich huodsje mei in sloppe râne, in body-warmer oer in streekjetrui, en in koarte broek. De man hat in fierrekiker foar 't boarst te hingjen, de frou in fototastel. Beide prottet it griis hier ûnder it huodsje wei. Se meitsje in gemoedlike, sportive yndruk. Mei syn knypbriltsje en puntsik docht de man my oan in learaar tinken, of in musikus of sa.
‘Wat is de natuer prachtich, net?’ Hy komt op ús ta, wiist nei de fierrekiker op Fardou har heupe. ‘Fûgelders?’
‘Jawis,’ seit Fardou ûnfersteurber.
‘Hast al wat bysûnders sjoen?’ freget er, wylst er neist har stean giet en 'e dopkes fan 'e linzen docht.
‘Neu. Wat miuwesoarten. Sulverkob, stoarmmiuw. Sokssawat. In pear hoarnskrobbers, blauwe en brune. En in moaie wylp.’
Hy sjocht har fansiden oan en lûkt oan 'e wynbrau. ‘Do hast der doel oer, hear ik.’
‘Ik hâld fan fûgels,’ seit Fardou.
Se reitsje yn petear en begjinne inoar dingen oan te wizen.
| |
| |
De frou skroevet wilens de dop fan in fjildflesse en begjint derút te drinken. Dêrnei biedt se him my oan.
‘Ek wat?’
‘Nee, tankewol. Wy ha genôch by ús.’ Ik wiis nei de rêchpûde.
‘Hè, ik bin sa hetsich as wat fan dat ein fytsen.’
‘Hetsich?’
‘Ja, toarstich. Kinst dy útdrukking net?’
‘Noait heard.’
‘Jim' bin ek fan in hiele oare generaasje fansels.’
Mei har seeblauwe eagen strykt se oer my hinne; dêrnei nimt se Fardou op, hoeden, prakkesearjend. Se wit it, tink ik ynienen panikerich, se sjocht oan ús dat wy broer en suster binne. It sil útkomme, it sil altyd útkomme, wêr't wy ek binne en hoe foarsichtich oft wy ús ek hâlde. Priemkjende fingers, eagen dêr't ôfkarring yn te lêzen stiet, wurden dy't ús ferketterje. Nerges in feilich hinnekommen, in plak dêr't wy ússels wêze kin. Se sille ús achterneisitte, krekt salang oant wy net mear flechtsje kinne, en skiede.
En dan?
‘Leuk,’ seit se, wylst se har nei my ta keart.
‘...’
‘Jim'. In kreas stel. Sa moai jong. En sa ferlyfd. Men soe der hertsear fan krije.’ Se suchtet. ‘De tiid giet sa fluch. It liket juster dat Goska en ik krektsa jong en ferlyfd wiene.’ Se bûcht har nei my ta en krijt my by de earm. ‘Jim' moatte derfan genietsje, jong,’ seit se fertroulik. ‘Foar'tst it witst is 't foarby.’
Ik knik, fiel my ynienen mankelyk. De frou fernimt it net, liket tefreden mei myn reaksje en giet neist har man stean. Dy hat it wakker oer eiderguozzen en bercheinen,
| |
| |
wytstirnsen en rôze skriezen. Oan Fardou hat er in geduldich harkster. Boppedat is har ynteresse net spile; se hat altyd al in soad niget oan fûgels hân.
It effekt fan 'e lêste pear sinnen galmet ûnevenredich grut troch de kop. Ik begryp net wêrom't dat sa is, en om dy nuvere ynfloed kwyt te reitsjen begjin ik it iten en drinken om te partsjen. Ut fatsoen bied ik de âlde minskjes ek wat broadsjes oan, mar se wegerje hoflik, sizze dat se koartlyn skoft hân ha. ‘Trouwens, wy ferbrûke ek grif safolle enerzjy net as jim'’, seit Goska nokkerjend. De frou jout him in dúst yn 'e side.
Stadichoan berint de loft. Dat earst in inkeld wolkje wie, is linkendewei oergien yn in tichte, griis-blauwe tekken. Dat is foar ús it sein om ôf te reizgjen.
Storein. Wy bin de Sâlte Greide al foarby, ear't wy ús der bewust fan wurde. It hier plakt my tsjin 'e foarholle, út en troch fei ik drippen út 'e teisters. Likegoed fytse wy steech troch. Us foarste doel is om it keale ein paad sa fluch mooglik ôf te lizzen. Op 'e hichte fan Buren binne wy dweiltrochwiet. Hoewol't wy earst fan doel wiene om erges oan te stekken, sette wy dochs mar troch. It makket no al neat mear út.
Yn Ballum, op 'e hoeke dêr't wy ôfslaan moatte om by ús húske te kommen, seit Fardou ynienen: ‘Sil' wy noch in slach troch de buorren?’ Har fraach fernuveret my, fral om't de storein wilens oergien is yn in stevich buike. Lykwols sis ik Okee. Se knikt tefreden, set beret út ein. Myn ferwûndering wurdt namste grutter as ik sjoch wêr't se sa doelfêst hinnegiet.
De grutte tsjerke. No wurd ik hielendal nijsgjirrich. Se stapt fan 'e fyts. Mei in amper waar te nimmen knikje docht
| |
| |
se in teken, kom. Yn sân hasten sette wy op 'e doar ta, want it eazet no. Nei't se oer 't skouder sjoen hat begjint se oan 'e klink te hoarten.
‘Wat sil dat?’ freegje ik ferheard.
‘Deryn.’
‘Mei dat wol?’
‘Sjoch mar op 't boerd.’
Yndie. Njonken de yngong stiet dat men de stjerke besjen kin oant en mei augustus. Mei in kop fol fragen strûp ik achter har oan. De klap dêr't wy tegearre de doar mei tichtlûke, galmet ûnhuerich nei.
Wy ha gjin religieuze opfieding hân. Foar 't neist ûntbrekt it my dêrom oan ûntsach en fromme nederigens, dy kearen dat wy in tsjerke fan binnen sjoen ha. Likegoed bin ik no ûnder de yndruk, faaks om't wy hielendal allinne binne.
Stil is it, sels de rein heart men net. Oan wjerskanten fan it middenpaad stean banken yn in rigele, glânzjend fan 't brûken. Troch de koepelruten fait in dof ljochtskynsel. Oan dwersbalken boppe it paad hingje in stikmannich kandlers. Ik snúf, alle tsjerken rûke itselde: in moassige mjuks fan kalk, stien, hout; en in net te definiëarjen ieuwenlange útwazeming fan minsken.
‘Wêrom binne wy hjir?’ Ik merkbyt dat ik flústerje. It sil de sfear fan ynkear wêze.
Fardou glimket. Mei har wiete, slûke hier docht se my oan 'e Madonna tinken.
Se krijt my by de hân.
‘Yn in folder fan 'e VVV stie in stikje oer de preekstoel,’ seit se dreamerich. ‘Dy moat prachtich byldhouwurk ha.’ Foar't ik in opmerking meitsje kin, nimt se my mei, oer 't middenpaad en ûnder de goudkleurige bôge fan it fjouwer- | |
| |
kant troch. Hoewol't ik der gjin doel oer ha, sjoch ik wol dat de preekstoel yndie ryk fersierd is.
‘En?’ freget se.
‘Ja, wol moai leau 'k. Mar do hast noch hieltyd gjin antwurd jûn.’
‘Dat antwurd leit boppe-op 'e preekstoel te wachtsjen. Wolst it witte?’ Har donkere eagen fiksearje har op my. Ik bin huverich. De wiete klean plakke oan 'e lea, jeie rillen oer de rêch. Mar ek yn 'e tsjerke is 't kâld, in jierrenlange winterkjeld.
‘Fansels.’
Se draait har om en rint by it smelle trepke omheech. Ik folgje har, slim nijsgjirrich, mar ek wifkjend om't ik it idee ha dat wat wy dogge gjin foech jout. Ienris boppe falt it my ôf dat der net mear te sjen is. De romte is beheind, mar grut genôch foar ús tegearre. Foar it kateder, dêr't in iepensleine Bibel op leit, stiet in opstapke. Mei in lyts sitbankje foarmet dat de iennichste attributen. Fierders neat. Ik wit net wat ik krekt ferwachte hie, mar net dit keale, sobere ynterieur. Wol hat men fan dizze hichte in moai oersjoch oer 't gehiel. Ik kin my yntinke dat in foargonger, dy't op syn iepenst is, neat ûntkomt. It gicheljen fan fammen; jonges dy't ferfeelsum mei bûsmessen yn 'e banken skrasse, of mei de kop op 'e earmen lizze en dreame fan in winnend goal yn 'e lêste minút.
Fardou, dy't achter my stiet, slacht de earmen om my hinne. Se jout my in tút yn 'e nekke. Mei de iene hân strykt se oer 't liif, de oare glidet nei ûnderen en taast my yn 't krús. Ik wol my omdraaie, mar se klampt har stevich oan my fêst.
‘Wat dochst no?’ sis ik senuwachtich.
| |
| |
‘Do woest dochs witte wêrom't wy hjir binne?’ flústert se, wylst se handich de knoop fan myn broek losmakket en de rits nei ûnderen lûkt. ‘Wy binne hjir om ús ferbining te besegeljen, om it hillich te meitsjen. Ik wol gewoan mei dy yn tsjerke trouwe, yn 't gefal der al sawat as in God bestiet. Dit is Syn hûs, dus sil er sjen dat wy foar ivich byinoar hearre.’
‘Do bist hartstikke gek!’ Alle kjeld en huver is ferdwûn, it swit brekt my út. Ik draai my om, en no lit se it ta. Ik stean te triljen op 'e skonken, bin folslein fan 't sintrum.
‘Wolst net mei my trouwe?’ seit se, wylst se myn kul beet krijt en rêstich ôf begjint te lûken. De ferbjustering dy't him fêstbyt is no like grut as de geilens, en de dwylsin fan har foarnimmen. Ik sjoch har bleke gesicht, omkrânse fan dy donkere, wiete wale; har earnstige eagen, it wyt fan 'e tosken tusken de heal-iepen lippen. Yn dreamen waard ik achternei sitten troch wat dat ik net beneame koe, gjin gesicht hie; oars net as in tsjustere, ûnwisse driging. Mar ek foel ik fan tuorren, bergen, gebouwen; waard pinige fan dingen dêr't ik nei rikte mar krekt net by komme koe.
No dream ik yn it folle deiljocht, mei iepen eagen en skerpe sinnen. Rûnom is gefaar, loksilligens en gekte.
Ik triuw har mei de rêch tsjin 't achtersket.
‘Ja,’ sis ik, ‘ja, ja.’
Mei rimpene bewegings makket se har broek los, stapt mei ien skonk út 'e bokse en set 'e foet op it sitbankje. Dwyl fan spanning en opwining stoart ik my op har; as in bist, in minner, in man. De gjalp dêr't ik har mei binnen kring manifestearret him as in aberraasje, mar ek as in bekentenis, in belidenis foar alle ûnsichtbere machten oer. Ik stjit net; ik wurd stjitten, bin bûten mysels fan 'e útwrydske sitewaasje. As in fampier sûch ik my fêst oan 'e sachte, blanke
| |
| |
hals, as om har folsleine wêzen yn my op te nimmen, wylst ik pomp en pomp en ús skreauwen profaan de romte follet, en wy opnommen wurde yn in fûl, allesomfetsjend himelsk wyt ljocht.
|
|