by steat stelt om út dy achteleaze, ûntspande hâlding wei yn ien klap oer te gean yn dy fan de jager, dy't har op 'e proai stoart. Klauwen út, tosken bleat.
‘Hoe gong it fannacht?’ freget mem ynienen.
‘Mwah, gong wol,’ antwurdet Fardou sûnder wifkjen, ‘mar it moat net lang duorje. Hy snoarket.’
‘Net wier,’ sis ik. Myn stim klinkt heger as oars.
‘Hear,’ seit Fardou, ‘syn stim begjint oer te slaan. Krijt er einlings it burd yn 'e kiel. Miskien snoarket er dêrom wol sa.’
‘Ha ha, wat moat ik laitsje,’ sis ik. De adrenaline jaget my troch de lea.
‘Jonges, net dwaan,’ glimket mem. ‘Noch ien nacht; dêr nei bin jim' fan inoar ferlost.’ Fardou sjocht my oan, proastich; en slim narjend slacht se suggestyf de iene skonk oer de oare, wêrby't se my even har krús sjen lit.
Heit stelt út om nei 't iten in strânkuier te meitsjen. Fardou klinkt hast oerdreaun entûsjast, seit dat se de fierrekiker meinimt. Ik sil him fuort opsykje, en se jout my in knypeachje. Dan krij ik even in boek, sis ik, en stifelje achter har oan.
Sadree't ik de sliepkeamersdoar achter my ticht doch, falt se my om 'e nekke. Hâldst fan my, prevelet se, hâldst fan my? Bin ik dyn kring, dyn eigenwize trut, dyn nederich suske? Dat bist, flústerje ik har yn 't ear, dat bist, en noch folle mear. Dêrnei hellet se har fierrekiker foar 't ljocht en kies ik in boek út.
Wy meitsje dy middeis in flinke kuier achter de Lange Dunen. Der stiet mear wyn as juster, en de brâning is namste yndrukwekkender. Mar it is net allinne de see dy't ús oandacht opeasket; ek it strân prikelet it eachweid mei alles wat der oanspielt en te finen is. Spitigernôch is der wol