6
De weareld leit derhinne as in hôf. In tinne dize hinget oer de fjilden, de wiete, donkere klaai. Rook fan rotsjend wetter. Mar it lûkt nei de maitiid; erges moat in hert wêze, in jong hert dat rêd slacht, útsprút; grien bloed streame lit. It slacht yn 't boarst fan 't lân, achter de skyl fan beamte, yn 't rûzjen fan wetter. Rûnom. Ik hear it net, en dochs is it der.