kaartsje derút luts en lies, bûgde heit oer har skouder. Skuorde grutte eagen op doe't it ta him trochkrong. Hy skaafde de strôt, helle de hân troch 't hier en die in stap fansiden. By de sliep tynde in ier út, in teken dat er him opwûn.
It like krekt as hâlde elkenien op dat momint de azem yn, stiene wy te harkjen nei it nijs dat sacht mar ûnfersteurber út 'e radio klonk. Langer as de tiid tusken twa hertekloppen sil it net duorre ha, mar it wie ûnferdraachlik.
Der kaam in ein oan doe't mem op 'e stoel sonk en 'e hân foar 'e mûle sloech. Se waard muoilik. Heit hammere ús mei syn eachopslach tsjin 'e muorre, as woe er ús binnenstebûten strûpe om te sjen oft wy de gek mei har hiene of net.
‘Wat sizze jim' derfan?’ sei Fardou, skriller as gewoanwei.
‘No...’
‘Wy wolle graach dat jim' it dogge,’ foel se heit yn 'e mûle, wylst se my oanseach. Ik knikte, gie deun neist har stean.
Heit wie dúdlik mei de sitewaas je oan, stoarre nei de útnoeging yn mem har hannen, as soe it in orakel wêze dat him rie jaan koe. Blykber holp him dat al om syn tinzen te oarderjen, want doe't er spruts klonk er útdaagjend, triomfantlik hast.
‘Hoe sille jim' dat betelje?’
‘Dat kinne wy net,’ sei ik, bliid dat ik my einlings ek manifestearje koe. ‘Mar it dinee dat jim' dy sneontejûns oanbean wurde sil, is wol foar ús rekken. En fierders hoege jim' nerges oer yn te sitten. Wy rêde ús wol, sa'n wykein, en as der al wat bysûnders is, kinne wy altyd in berop op 'e Lolkema's dwaan.’
Op dat stuit riisde mem oerein en rûn mei reade eagen de keamer út.