| |
| |
| |
4
Hjerst is it. Beammen wurde útklaaid oant op it bonkerak, rein sammelet him yn plassen, dêr't, tusken de buien troch, wolken yn jachtsje. Wyn gûlt as in Ierske Banshee om 'e pleats, kringt by sommige kezinen de keamers yn.
Jiertiid dy't my altyd bekoare kinnen hat, sels as ik dweiltrochwiet fan skoalle thúskaam. Hjerst is lampeljocht, lêze, de geur fan ferve, it lûd fan in piano. Mar ek, altemets, mei ús allen tillevyzje sjen. Mominten dy't ik assosjearje mei lykmoedige húslikens, in beskate ûnderlinge waarmte.
De hjerst fan dit jier lykwols benearret my. Noait hawwe de ferhâldings ûnderinoar sa min west as no. Neat waarmte en geselligens, hoe breklik en ûnfolslein soks by ús ek wie. Wat heit en mem oanbelanget binne neffens my de lêste maskers fallen; har relaasje hat in folslein djiptepunt berikt. Net inkel de leafde mankearret; nee, se haatsje inoar. Meastentiids swije se, mar as se prate is it in útwikseling fan fijannichheden, opmerkings dy't as iennichst doel ha de oare sear te dwaan. Kâlde oarloch mei geregeld fûleindige ynsidinten. As ik noch wat fan in dream koestere, in barmhertige, swiete yllúzje fan 'e bernetiid, is dy no wol dea.
Yn har bline striid binne se wreed en ûnmeilydsum. Foar harsels, mar ek foar ús. Wy krije alles te hearren en te sjen. Se steure har net oan Fardou en my. Dat fyn ik skokkend, faaks mear noch as it hottefyljen sels. It lit sjen dat haat en leafde ticht byinoar lizze, miskien wol itselde binne; se ha allinne each foar elkoar. Mar ús fleurich húshâlden hat noch twa persoanen. En tusken dy twa giet it ek net goed.
| |
| |
It docht bliken dat myn beslút om ôfstân te nimmen effektyf is. Behoarlik effektyf, want de ferwidering is grutter as dat ik it my winske hie. Ik sil net sizze dat se my hatet, dat is leau 'k net sa, mar dat se my op 't stuit net lije mei is dúdlik. Eins behannelje ik har as in hûn, brûk wurden dy't meast út ien wurdlid bestean. Yn 't begjin frege se noch oft my wat skeelde, mar dat docht se net mear. Wy prate amper, wylst myn ferlet grut is, fral no't it mei heit en mem op 'e non liket te rinnen. Ik soe myn eangsten útsprekke wolle, myn twivel en ûnwissichheid. Gewoan stipe sykje, byinoar, sa't wy dat altiten diene. En ik bin der wis fan dat sy dat ek sa fielt. Mar wy kinne net ticht byinoar wêze. Ik kin net ticht by Fardou wêze. Dat is gefaarlik. Wa wit wat ik der yn in swak momint allegear út smite soe en dêrmei noch mear stikken meitsje as ik no al doch?
Soms tink ik dat wy gek wurde mei ús allen. Of miskien al binne. Hoe is 't oars te ferklearjen dat wy sa spastysk meiinoar omgean? Wylst it sa ienfâldich wêze kin. Jûn bygelyks sil heit in glês port foar har ynjitte. Hy sil mem tsjin him oanlûke en yn tinzen meinimme nei dy feesttinte, witst noch wol? Glimkje sil se, knikke, se rûkt it tintdoek, de geur fan skraal bier en rynsk brûkte klonje. Dy stûfe jonge mei syn kúf. Noch kin se har yn 't sin bringe wat se fielde, doe't se him seach. Se sjocht fansiden, wylst er praat en praat. Erges moat dy jonge der noch wêze, achter dy tearen yn dat serieuze gesicht. It is lang lyn dat se sa deun tsjin him oan sitten hat. It docht har goed. Se begjint acht te slaan op wat er seit. Hy hâldt in pleit om datjinge werom te finen wat se troch de jierren hinne kwytrekke binne. Hy freget har om dy tocht mei him te ûndernimmen. Maklik sil it net wêze, seit er, en it sil grif tiid fergje; mar ferdomd, tegearre moatte wy it oprêde kinne.
| |
| |
Fannacht sille se sûnt tiden byinoar sliepe.
Fuotstappen op 'e trep. Eins mear sprongen, bonk, bonk, bonk. De doar giet iepen. Riemer. Dat is it momint. Ik draai de radio sachter. Myn maat ploft op 't bêd. Hy hat modder oan 'e skuon. Ik krij in stoel.
‘Hee.’
‘Hm?’
‘Ik moat dy wat fertelle.’
‘Fertel.’
Gewoan deryn batse.
‘Ik bin ferlyfd.’
‘Ho ris, lit my riede.’ Hy komt oerein, stoarret nei 't plafond. ‘Agatha. Nee, ho. Maaike, dy mei dat reade hier. Of dochs Aleida, fan okkerdeis?’ Hy nokkeret. ‘Bliksem, ik wit it! Valery. Fan 'e dûmny. Ja, dat is se. Krekt wat foar dy. In útdaging. Is net te fersieren, en ik kin 't witte. Stom dat ik dat fuort net betinke koe.’
Mimerjend sjocht er my oan. ‘As ien it oprêde kin bisto it wol. Bist my wolris faker oer 't mad kommen.’
‘Ik bin ferlyfd op Fardou.’
‘Lykas doe mei Sandra en Hilly.’
‘Myn suske.’
Riemer is ynienen stil. Hellet in pakje sjek foar 't ljocht en begjint ien te rôljen. Ik gean stean, set it rút op 't wiidst iepen.
‘Serieus?’
‘Echt. En ik wit net wat ik dwaan moat.’
Hy langet my it pakje sjek oer.
‘Moatst it tsjin har sizze.’
‘Bisto gek!’
‘Gewoan earlik wêze. Dat wurket it bêste.’
| |
| |
‘Ik bin siik. Wa wurdt no ferlyfd op syn suster?’
‘Do. Sis it tsjin har, dan sjochst wol wat derfan komt. Wat kin der gebeure? Jim' kinne ommers goed. Moatst har fertrouwe.’
Sa ienfâldich soe it wêze kinne. In begrypfolle Riemer, in moedige heit en mem.
Allegearre kul. Foar 't neist soe mem raze dat er fan har ôfbliuwe moast, mei syn stjonkende kloeren. Riemer soe my earst net leauwe wolle, en as ik him by einsluten fan myn tsjinnatuerlik fielen oertsjûgje kinnen hie, soe er my foar folslein dwylsinnich útmeitsje, net goed mei de holle; ferklearje dat ik by him út 'e buert bliuwe moast, dat er my noait wer sjen woe.
It begjint te skimerjen yn 'e keamer. Ik doch de burolampe oan. It hurde, gielige ljocht fait oer boeken, skriften, mappen. Moarn rippetysje wiskunde. Fierders ha 'k noch taken fan ekonomy, Dúts en Nederlans. Saai. Utsein Nederlâns. Hylkema is hartstikke entûsjast, wol ús ek oan 't lêzen ha sûnder dat it in ferplichting is. Hy hat ús yn 'e kunde brocht mei it wurk fan Herman de Coninck. Moaie gedichten, eigentiids en tagonklik. Skriuwt op sa'n wize datst tinkst, dat kin ik ek.
Mei wat fan skrutenens en sjêne lûk ik it grutte laad iepen en helje in plestik hoeske foar 't ljocht. Sân fellen papier, mei likefolle gedichten. Alle kearen kloppet my it hert yn 'e kiel. Ik wit dat it bagger is, mar frjemdernôch jout it in beskate ferlichting om te skriuwen oer dat wat my dwaande hâldt. Yn in waaier lis ik se foar my del, eagje se oer. Ja, der is mar ien tema. En ik wit dat ik der noch folle mear oer skriuwe sil, krekt salang oant ik alle demoanen besward ha.
Ik bergje de gedichten op en bûch my oer it húswurk. Boppe my kletterje grouwe reindrippen op it dakrút.
| |
| |
It is stil as ik yn 'e wenkeamer kom. De tillevyzje is út, der spilet gjin muzyk. Mem sit op 'e bank, se lêst in boek. Se sjocht der wurch út, skier en ûnfersoarge. Eins ken ik har sa net. Ik wol wat aardichs sizze, mar wit neat te betinken. Hoeden siich ik njonken har del.
‘Fardou der net?’
Se leit it boek op 'e tafel, skodhollet.
‘Dy is nei in soos, mei in stel freonen.’
Wêr't heit is freegje ik net. Ik wol it net witte, it ynteressearret my net. Hy is op 't heden gauris fuort, benammen yn 'e wykeinen. Boppedat bin ik der wis fan dat se it my net fertelle kin.
‘Wêr soesto ek alwer hinne?’
‘Nei de film ommers? Mei Riemer. Ik soe him oanhelje, dus ik stek aanst ôf.’
‘De film. Ja. Hokker?’
‘Jaws.’
‘Dy moarderij mei dy haai? Ba, ik begryp net wat jim' dêroan fine!’
‘Dy moarderij fait wol in slach ta. It skynt gewoan in spannende film te wêzen.’
‘Ja, dat sil 't wol. Och, wêr bemuoi ik my ek mei. Jim' moatte jim' mar fernuverje.’ Hommels streaket se my oer 't hier. ‘It is net te leauwen hoe fluch 't jim' grut wurde, Fardou en do.’ Se glimket weemoedich. ‘Mar kom, ophâlde mei dat âldwivepraat. Do witst it, hin? Alve oere thús wêze.’
Ik knik, jou har in flechtige tút op 't wang. Doech, seit se, krijt it boek fan 'e tafel en ferdjippet har yn 't lêzen. Lyts is se, as ik de keamer út rin, fragyl en ûnbetsjuttend yn dy grutte, learen bank; yn 'e swiere stilte fan 'e pleats.
Underweis nei Riemer spoeket my dat iene sintsje hieltyd
| |
| |
troch de plasse. Fardou is nei de soos, mei freonen. It stiek my, it stiek my echt, ik fernaam it yn 'e mage. Foarhâns slagget it hielendal net om my fan har los te meitsjen. Krekt oarsom, hoe mear dingen oft ik doch en net doch om dat te berikken, hoe mear oft ik oan har fêst sit. Lykas mei 't swimmen. Dêr bin 'k mei ophâlden om't ik ornearre dat it dêrmei makliker wurde soe. Mar dat is net it gefal. Alle moarnen lis ik wekker, te harkjen nei it gestommel, it fuortriden fan 'e auto; sit se my mear troch de lea as ea. En dat jildt foar al myn inisjativen.
Riemer stiet my by de homeie op te wachtsjen. Yn 't healtsjuster is syn gluorjende sigaret in beaken. Mar ek syn fyts is dat hast, want dy hat er in wykmannich lyn knalgrien opferve, oan de speaken ta. As ik flakby bin springt er op 't seal en freget er wat wy sille, op 'e fyts of mei de bus.
‘Fytse,’ sis ik, ‘it is ommers hielendal net kâld.’
‘My bêst. Sparje ik dy sinten alfêst út.’ Hy flybket, giet foaroer op 't stjoer lizzen.
Der stiet gjin suchtsje wyn, sadat wy mei in kertier teplak bin. In kloft minsken stiet al foar de doarren fan 'e bioskoop.
‘Bliksem,’ seit Riemer, ‘it is drokker as dat ik tocht hie. No mar hoopje dat wy in kaartsje besette kin.’
Wy dogge de fytsen op 't slot en skowe oan by de mannichte. Oeral hingje filmposters, oan wjersiden njonken de yngong, yn bakken mei glês derfoar; op 'e doarren, dy't noch hermetysk sletten binne. Dy fan Jaws ymponearret: in gigantyske haaiekop dy't opriist ûnder it minime stal fan in swimmer. Driging. Unfoarstelber gefaar. Dy swimmer is sûnder euvelmoed, hat gjin idee wat him te wachtsjen stiet.
Ik sil in jier of acht west ha, doe't ik foar 't earst in film
| |
| |
yn dizze bioskoop seach. Leafde op it earste gesicht. Ik wie hielendal ûnder de yndruk fan 'e rigele ljochtsjes boppe de yngong, de treppen dy't derhinne laten, de grandeur fan dat âlde, monumintale gebou. Mar ek binnenyn fûn ik it prachtich. Wy - Fardou, mem en ik - hiene in sit op 't balkon, hast as de kreake fan in tsjerke. Dat hie wat ferhevens, it tilde ús letterlik boppe de oare minsken út. En, net te ferjitten, it plafond. Grut wie de ferheardens doe't ik dêr in kolossale skildering gewaarwaard; in mytysk, allegoarysk tablo fan ienhoarnen, mûtele ingeltsjes, mysterieus útsjende froulju tsjin in achtergrûn fan bosk en wetterfal. Dêrmei hie de tsjoen fan de sinema my al te pakken, foar't de film begûn.
Dochs wie dat fansels it hichtepunt. It rûzjen dat fuortêbe doe't de ljochten útgiene, de projektorstriel dy't it tsjuster kleau. Wis bin 'k net, mar der sil grif earst in Polygoon-sjoernaal fertoand wêze, en dêrnei in tekenfilm of sa, Woody Woodpecker, Tom en Jerry. Nee, wat my helder yn 't ûnthâld stiet is de haadfilm. Laurel en Hardy, de dikke en de dunne. Lake ha wy, alderferskuorrendst lake, hoewol't ik my ek mominten yn 't sin bringe kin dat ik it begrutlik fûn, benammen foar dy lytse tinne mei syn lang, guodlik gesicht. Somtlike mâlfiten wit ik ek noch goed, mar de ein is my it bêst bybleaun. Yn in dekór fan hege bergen, snie op 'e toppen, rinne se tegearre in doarpke út, wurde hieltyd lytser, oant se yn dy ûnbekende fierten ferdwine. Dat byld taaste my djip yn 't moed. Nei alle argewaasje, rúzjes en brike setten de bêste kameraten, de meast ynlike freonen, inoar trou yn ieren en sinen.
Myn oertinkings wurde fersteurd as Riemer my in dúst jout. It sil heve, seit er. Yndie docht de portier fan 'e bioskoop de doarren fan 't slot. Fuortendaliks komt der bewe- | |
| |
ging yn 'e groep, mar earst moatte de minsken derút dy't in eardere foarstelling besocht ha.
By einsluten docht bliken dat der noch rom plak is. Wy fine in sit yn de midden fan 'e seal. Nei de nedige trailers set einlings de haadfilm út ein. Lang duorret it net foar't it my yn 'e besnijing hat. De spanning wurdt ta grutte hichten opfierd, fral om't der eins neat gebeurt. En as de haai in kear taslacht, lûke rillen fan huver en ôfgriis troch it publyk. Sommigen skreauwe sels.
De finale is in echte klimaks. De boat fan 'e jagers wurdt troch de enoarme haai oanfallen, hy fernielt it fartúch sels, sadat de romp op in stuit skean it wetter ynstekt. Wanhopich besykje de jagers har erges oan beet te hâlden, want ûnderoan it skeane dek leit Jaws te wachtsjen, de bek mei de grousume, flymskerpe tosken wagewiid iepen.
Op it momint dat ien fan 'e manlju loslit en ôfglidet nei in freeslike dea, wurd ik hyt fan moardsucht. As it slachtoffer razend en bloed koarjend yn 'e bek fan it woeste bist ferdwynt, streamt my in yntins gefoel fan befrediging troch de lea; sa fûleindich dat ik der licht fan yn 'e holle wurd. Ik wol dat se sneuvelje, dy jammerdearlike wêzens, elk foar oar; dat de see him read skûmjend boppe har slute sil.
Nei ôfrin fiel ik my leech, wurch. Riemer is optein, fûn it in geweldige film. Ik fertel him fan myn sympaty foar de haai, mar lit it djippe geniet dat it rûge deadzjen my besoarge wei. Ik skamje my derfoar, wol net bleatjaan dat soks blykber ek yn my huzet.
Foldien stappe wy op 'e fyts. Om't wy moai op 'e tiid binne, stelt Riemer út om noch in slach troch it sintrum. Ik fyn it bêst. De sfear fan sa'n nachtlike stêd yn 't wykein sprekt my oan. Der is in protte folk op 'e lappen, rûnom
| |
| |
baarnt ljocht; út en troch driuwe fleagen muzyk oer de strjitte. Dêr spilet it echte libben him ôf, it libben sa't ik it fermoedzje mar dêr't ik net de finger op lizze kin; in broeinêst fan heimsinnigens.
Sa nonsjalant mooglik jouwe wy ús dertusken. De auto's dy't der binne ride stadich, om't nachts de strjitten oan de fuotgongers tabehearre. As wy op in stuit by in diskoteek lâns komme, freget Riemer hoe't ik oer ús kânsen tink.
‘Kinst wol ferjitte,’ sis ik.
‘Wy binne aardich oan 'e lingte,’ besiket er.
‘Ja... mar ik ha ek gjin jild genôch, tink dat ik amper de yntree betelje kin.’
‘Hoefolle hast noch?’
‘Ik wit it net krekt, in pear gûne.’
Fuortendaliks komt er mei in alternatyf.
‘Sille wy oars in gleske bier keapje yn in kafee? Dêr keare se ús grif net.’
Utsoarte komt er my oer 't mad. Tagelyk lokket it my wol. It is in stap dy't wy noch net earder set ha, en dêrmei krijt it wat fan in oertrêding.
‘Mar ik ha tasein dat ik alve oere thús wêze sil,’ sis ik.
‘Salang bliuwe wy ek net. Allinne in pilske en even ien roke. Kom.’
Oerallich fyts ik achter him oan, bewûnderje syn hâlding. Hy rydt op 't gemak de stoepe op, lavearret handich tusken de minsken troch en hâldt by in kafee op 'e hoeke fan 'e strjitte. Under it úthingboerd fan Amstel Bier ljochtet de namme op: It Hoekje. De ruten binne beslein, men sjocht inkel skimen. Mei in mjuks fan ûnferskilligens en skrutenens triuwe wy de doar iepen en stappe deryn.
Waarm is it, en benaud. Reek hinget as smog ûnder de
| |
| |
balken. Ut in jukeboks klinkt it lûd fan Alexander Curly. Noch mar werris Guus.
Net ien slacht ús acht, in gegeven dat my frjemdernôch wat teloarstelt. Wy rinne nei de bar, dêr't net in kruk mear te besetten is. Achter in skyld fan rêgen besiket Riemer de oandacht fan 'e betsjinster te lûken. It duorret even, mar einlings en te'n lêsten stiet se freegjend foar him.
‘Twa pilskes, frou,’ seit Riemer.
Ik kin de eagen net fan har ôfhâlde. Se sjocht derút as in famke dat net fan tiid witte wol, mei har reade strik, koarte rok en swarte pumps. Mar de hûd ferriedt har, docht my tinken oan yndroege grûn ûnder in bleakerjende sinne. Har lippen binne fjoerread, de eachjes fonkelje mank plassen maskara.
Wurdleas hifket se ús, twa tellen. Dêrnei jout se in hast net te fernimmen knikje, kroasket fuort om twa pilskes te taapjen.
‘Ik leau dat wy slagge binne foar 't eksamen,’ gnysket Riemer. ‘Wat in heks, net?’
Op 't stuit dat ik my nei har ta kear, swaait de doar iepen. Unwillekeurich sjoch ik oer 't skouder. Der komme trije minsken yn, twa manlju en in frou. En ien fan 'e manlju ken ik. Op slach fielt de mage oan as in hurde, stikelige frucht; priuw ik in bittere smaak yn 'e mûle. Opsoademiterje, wol ik roppe, wat dochsto hjir? Soargje datst thús komst! Fluch draai ik him de rêch ta, bin der wis fan dat er my net sjoen hat.
Riemer triuwt my in glês bier yn 'e hân. Ferdôve nim ik it oan. Tinzen spoekje as finz'ne miggen troch de plasse. Ik konsintrearje my op it glês dat ik beet ha, bring it nei de mûle, drink it yn ien kear leech. Mei in klap set ik it op 'e
| |
| |
bar. Ik wink it âld wiif dat krekt in buorrel ynjit, meitsje har dúdlik dat wy noch ien ha wolle.
Myn maat sjocht my fernuvere oan. Hy seit dat ik net sa hurd drinke moat. Ik bin yn 'e war, wit net hoe't ik my hâlde sil, sis dat ik toarst ha. It twadde glês drink ik lykwols rêstiger op. De lea ûntspant my, en ik begjin wat om my hinne te sjen wylst Riemer oer de film ferhellet.
Hy stiet hielendal achteryn, de holle foardel, te harkjen nei wat de man him fertelt. Hy hat in romer yn 'e hân, laket altemets. Tusken har yn stiet it frommeske. Se sjocht der weelderich út, hat grutte boarsten dy't omtrint út 'e jurk kiperje, mûtele earmen en skonken. De glimpen dy't ik fan har gewaarwurd, meitsje dúdlik dat se har net by it petear belutsen fielt.
Ik wit net wat har ûnderlinge relaasje is, wol ik ek net witte. Syn opdaagjen is de yllústraasje fan in mislearring dy't my al sa lang sear docht en bang makket. Mar de konfrontaasje mei dy werklikheid yn dit fermidden is hurder noch, skrinender; fral om't elkenien it no sjen kin. Ik skamje my. En tagelyk fiel ik lulkens. Ik wol him oanfleane, op 'e bek slaan.
‘Ik moat fuort,’ sis ik tsjin Riemer, dy't mei in âld mantsje stiet te praten. Hy knikt, seit dat er meigiet.
As wy op 'e fyts sitte en fuortride, freget er wêrom't ik ynienen sa stil wie, nuver die.
‘Foel it bier ferkeard?’
Ik skodholje.
‘Nee. Mar witst... Thús is 't net super, tusken ús heit en mem bedoel ik. Eins al hiel lang net. Och, ik wit it net... Soms docht it my neat, mar op oare mominten kin 'k der samar ynienen siik fan wêze.’
| |
| |
By de rûnwei hâlde wy yn foar in stikmannich auto's dy't foarby jakkerje; dêrnei ferdwine wy yn 'e tsjustere trachter fan it achterlân.
‘Ik hie sokssawat alris tocht,’ seit Riemer nei in skoftke. ‘Oars wie jim' mem altyd fleurich, mar as ik no by jim' kom, is it krekt as sjocht se dwers troch my hinne.’
‘Hast de âldman wol sjoen?’
‘Wannear?’
‘Niiskrekt, yn It Hoekje.’
‘Nee.’
‘Ik wit net wat er by de ein hat. Dy kloatsek. Doe't er deryn kaam waard ik hartstikke kjel. Wolst leauwe dat ik him wol op 'e bek slaan woe?’
Riemer antwurdet net. Allinne de dynamo op 'e foarbân makket lûd, fierders is it stil, fredich hast.
‘Slacht er mei oare froulju om?’ freget er ynienen.
‘Gjin idee. Mar it soe bêst kinne.’
‘Moai kut. Ik kin 't my yntinke datst dermei sitst. Wêrom hast it net earder tsjin my sein?’
‘Krekt as is dat sa maklik.’
‘Bin 'k dyn maat, of net?’
‘Ja. Mar ik praat net sa fluch oer datsoarte dingen, ek net mei dy. Ik bedoel... It is net wat om grutsk op te wêzen.’
‘Nee bliksem, dat is sa. Mar ik begryp no better wêromsto samar ynienen in min sin ha kinst.’ Hy snúfket. ‘Ik soe my der ek beroerd ûnder fiele.’
Wy prate deroer troch, oant wy by de ôfslach nei de pleats binne en Riemer my it bêste winsket, moarn kom ik del.
As ik fiif minuten letter thús it hiem op fyts, sjoch ik yn 't ljocht fan 'e bûtenlampe twa figuerkes tsjin 'e skuordoarren oan stean. Fardou. En in jonge dy't ik net ken. Ja, dochs.
| |
| |
Steven hjit er, syn heit docht yn fersekeringen, is foarsitter fan Doarpsbelang.
Ik remje let en ryd him tsjin 'e hoksen. Hy flokt, seit dat ik útsjen moat.
‘Wat dochsto hjir ek,’ sis ik, ‘jonkjes as dy moatte allang op bêd lizze.’
‘Wêr bemuoisto dy mei?’ antwurdet er.
‘Wêr't ik my mei bemuoi?’ Ik smyt de fyts oer 'e grûn en raam him by 't boarst. ‘Opsoademiterje! Do hast hjir neat te sykjen, eigenwize droplul!’ Hyt bin ik, en blyn. Ik jou him in fûle triuw, sadat er achterút stroffelet en op 'e kont falt. Wilens hinget Fardou my oan 'e earm, ropt allegear dingen dy't ik net ferstean. Steven klaut oerein, krijt syn fyts en rydt skellend fuort, hy swaait mei de fûst. Wyld skodzje ik Fardou fan my ôf. Ik wit amper wat ik doch, bats de bûthúsdoar iepen en rin mei grutte stappen yn 'e hûs. Dêr hearsket deselde stilte as doe't ik fan 'e jûn fuortgie. De keamersdoar stiet oan, en yn in flits sjoch ik mem lizzen. Se sliept, hinget achteroer yn 'e kessens. It boek leit oer de flier.
As ik op 'e râne fan 't bêd sit en krekt ien skonk út 'e spikerbroek ha, komt Fardou de sliepkeamer yn stoarmjen. Se giet flak foar my stean, mei de hannen yn 'e side.
‘Lul,’ seit se, net lûd, mar lûd genôch. ‘Grut stik ûnfatsoen! Wat hie dat no foar sin? Bisto gek wurden of sa? Steven wie sa aardich om my thús te bringen, en dan springsto him samar op 'e bealch! Do doochst net, witst dat wol? Of bist dronken?’ Se bûcht foaroer, snúft, har lange hier rekket myn hûd. ‘Ik rûk it al, do bist dronken!’
‘Stel dy net oan ju, hielendal net!’
‘Do stjonkst nei bier, dat seit my genôch!’
‘Ik ha mar twa hân, ja? Mar twa!’
| |
| |
‘Blykber kinst der net oer, want wêrom dochsto oars sa nuver?’
Mei in lêste hoart rop ik de broek út en goai him yn 'e hoeke fan 'e keamer, besykje wilens myn tinzen op in rychje te setten.
‘Do wiest te let thús.’
‘Wolst net beweare datst dêr sa dûm om wiest.’
Ik sko achterút, lynje tsjin 'e muorre dy't kâld oanfielt.
‘Ik ha heit sjoen yn 'e stêd. Yn in kroech. Hy wie dêr mei in man en in frou dy't ik net koe.’
Op slach feroaret har hâlding. Se lit de skouders hingje, teart mei beide hannen tagelyk it hier achter de earen. Ik ken dat gebeart. Ik hâld derfan, soe 't sels by har dwaan wolle.
Se giet njonken my sitten, lûkt de knibbels tsjin 't boarst en slacht de earmen deromhinne. It is lang lyn dat wy sa ticht byinoar west ha. Ik doch de eagen even ta, besykje de stilte yn my op te nimmen om rêstich te wurden.
‘Ik kin der net mear oer,’ seit se, ‘alle dagen argewaasje, of inoar deaswije. It fret oan my. De sfear is folslein ferrotte. Ik begryp net dat se noch byinoar bin. Wat ha dy minsken noch tegearre? Ja, ús; mar ik ha net de yndruk dat se dêr wat om jouwe.’ Se suchtet, pjukt oan in string hier. ‘Soms wol 'k dat se ús by har roppe en it hege wurd derút smite. Mar op oare mominten moat ik der net oan tinke, soe 'k it freeslik fine om te hearren dat se skiede wolle.’ Se keart har nei my ta, sjocht my oan.
‘En do dochst de lêste tiden ek sa stom. Snauwe en grauwe, krekt in lulke hûn. Agressyf bist ek, dat ha 'k niiskrekt mar al te goed fernaam.’ Ynienen laket se, sacht en nokkerjend. ‘Ik mei it net sizze, mar út soarte kaam it my wol goed út datst thús kaamst. Steven waard krekt oantwingerich,
| |
| |
woe in tút fan my ha om't er my thús brocht hie. Ik bedoel, ik fûn it aardich en sa, mar fierders seit er my neat. Likegoed waard ik slim kjel doe'tst him samar oanfleachst. Sa ken ik dy hielendal net.’
‘Nee, no ja...’
Ik glydzje fan 't bêd en rin nei de stoel dêr't myn jaske op leit. Ut 'e binnenbûse helje ik in pakje sigaretten, skodzje der ien út en stek him oan. Dêrnei doch ik it rút wat fierder iepen, yn 't folle besef dat ik oars neat as in ûnderbroek oan ha.
‘Hoechst net te dwaan, hear.’
‘Wat?’
‘It rút fierder iepen sette. Mem wit allang datst rookst.’
‘O.’
‘Kom.’ Se slacht mei de hân op 't bêd, wol dat ik wer neist har sitten gean. Ik krij it pinnebakje fan 't buro, meitsje it leech en nim it mei.
‘Handich,’ seit Fardou, as ik op bêd krûp. ‘Jou my ek ris in lûkje.’
‘Rooksto?’
‘Nee, út en troch ris ien, op in feestje of sa.’
‘Hast gelyk, dat telt net.’
Se laket, lûder no, triuwt my de sigaret wer tusken de lippen. Ik byldzje my yn dat it filter fochtich is fan har flibe.
‘Dus heit wie yn 'e stêd. Mei in frommes, seidest?’
‘En in fint. Trijeresom op stap. God, ik hie 't smoar yn doe't ik him seach.’
‘Dat hat Steven fernaam.’
No moat ik laitsje. It fielt fertroud om sa wat te sitten en te praten.
‘Witst, do hast gelyk dat ik de lêste tiden kiezzich bin. Dat komt fansels troch dy kloatesitewaasje fan heit en mem,
| |
| |
mar miskien mear noch troch it gefoel dat ik gjin kontrôle oer de dingen ha, dat it libben my oerkomt, docht wat it mei my wol. En dêr mei 'k min oer.’
‘...’
‘Okee, klinkt dizich, mar ik soe mear ynfloed ha wolle op wat der gebeurt.’
‘Op skoalle en sa?’
‘Ja, gewoan, alles.’
‘Fammen?’
Gefaarlik terrein. Ik krij it waarm.
‘Miskien wol. Hee, kinst dy it ritueel noch herinnerje dat wy doe útfierd ha, yn ús hutte yn 'e skuorre?’
Hommels leit se de holle by my op 't skouder. Noflike swierte.
‘Fansels wol.’
‘Oan no ta wurket it. Sjoch, dat is nochris kontrôle útoefenjen. Faaks dat ik my op 'e magyske wittenskippen talizze moat. Moatsto it my leare.’
‘Ast it goed neigiest binne wy der al hiel lang mei dwaande, mei de âldelju, bedoel ik.’ Se giet oerein sitten, rookt it lêste eintsje fan 'e sigaret op. Wer falt it my op dat se âlder liket as dat se is. Hoe't se de skonken oer inoar slacht, mei de teannen wibelet; de reek fuortblaast.
‘Mar no'tsto oer dat ritueel begjinst: miskien moatte wy ús der aktyf mei bemuoie, in kear de mûle iependwaan. Oant no ta ha wy it altyd oer ús hinne komme litten, wylst wy der wol lêst fan ha, se dogge ús ek sear.’
‘Dat is sa. En hoe steltst dy soks foar, mei de fûst op 'e tafel: no moat it dien wêze, want oars naaie wy út?’
‘Sjanteare wurket altyd. Nee, gewoan, in kear rêstich deroer prate of sa.’
| |
| |
‘Mar do witst hoe'n prater heit is. Of hy slacht ticht, of hy ropt dat wy ús der net mei bemuoie moatte, of hy rint de keamer út sûnder wat te sizzen.’
‘Hm.’
‘Wylsto deroer neitinkst, helje ik wat te drinken. Wat wolst ha?’
‘7-Up. As mem wekker is seist mar dat ik al thús bin en sliep, okee?’
As ik werom kom mei in flesse en twa glêzen, stiet Fardou by it buro. Se wiist nei de kalinder.
‘Witst wol dat it oer seis wike har troudei is?’
‘Nee. Eins net. Hoesa?’ Mei de folle glêzen gean wy op 't bêd sitten.
‘Wy moatte harren ferrasse, oer 't mad komme.’
‘Fertel.’
‘Dit kear krije se in presintsje fan ús, foar harren troudei.’
‘Mar dêr dogge se ommers neat oan.’
‘Nee, krekt.’ Fardou har eagen fonkelje. Wy proaste.
‘Wy stjoere se in wykein fuort tegearre. Erges yn in hotel. Om 't wurk hoecht it net oer te gean.’
Ik sjoch har fernuvere oan.
‘Dat kinne wy noait betelje.’
‘Hoecht ek net, dat moatte se sels dwaan. Wy regelje it allinne. Wat wy wol dwaan kin is har in dinee oanbiede op ús kosten. Djoer, mar dat moat kinne.’
Ik stean fersteld. Dat is in drystmoedich plan.
‘Mar tinkst dat se it samar oannimme?’
‘Ja, dat wit ik dus net. Wy meitsje yn alle gefallen dúdlik dat wy it graach oars ha wolle tusken har.’
‘Ik tink dat heit it ferdomt.’
| |
| |
‘Mar fynst it in goed idee?’
‘It is in hiel goed idee op himsels.’
‘Moai. Ofpraat. Kommende wiken sil ik ynformaasje garje oer hotels, sadat wy rillegau in kar dwaan kinne.’
Foldien drinkt se har glês leech, rekt har dêrnei út as in kat.
‘Ik sil op bêd,’ seit se. Mei in linige beweging wipt se oerein. By de doar draait se har om, ‘Lekker sliepe’, en ferdwynt.
Ik stek de tomme omheech by wize fan antwurd, mar bin net wis dat se it sjoen hat. De doar falt hoeden yn 't slot.
Stadich lit ik my oer de side falle. Ik ha oeral pikefel, mar fan binnen baarnt it. Ik lis de holle, mysels ferachtsjend, op it plak dêr't se sitten hat. Laavje my.
|
|