3
Fardou skoddet my wekker. Se rûkt nei sjippe, sjocht helder út 'e eagen. Yn myn kop ferdizenet in dream. De lêste yndruk is ien fan ûnrêst, erotyk ek.
‘It is tiid,’ seit se.
Ik kear har de rêch ta, sis tsjin it kessen: ‘Ik ha der gjin sin oan.’
Even is it stil.
‘Hoesa?’
‘Hoesa, hoesa? Ik ha der gjin sin oan. Jim' stekke mar ôf.’
‘Dêr sil Jelle net bliid mei wêze.’
‘Sit ik net mei.’
‘Wat dochsto nuver.’
‘Seur net. Ik wie fannacht let. Mei ik ris oerslaan fan 't swimmen?’
‘Bist sels in seur.’
‘Dach Fardou.’
Ik hear oan har fuotstap dat se nidich is. Mei't se ta de doar útset kom ik oerein en sjoch har achternei. De flecht mei it reade ilastykje dûnset op 'e rêch. Wat soe se tsjin mem sizze? Ik sakje werom yn 't kessen, doch de eagen ta. Besykje it oansjen fan Aleida foar 'e geast te heljen. It slagget my net.