| |
| |
| |
3
Wetter. Triviale namme foar de ferbining diwetterstofokside, gemyske formule H2O, en benammen de floeibere faze dêrfan. Yn 'e âldheid waard wetter as elemint beskôge, oant, tsjin 'e ein fan 'e achttjinde ieu, dúdlik waard dat wetter gjin elemint, mar in ferbining wie fan wetterstof en soerstof. De mins bestiet der foar fiifensechtich prosint út; as embryo yn 'e earste moanne sels foar mear as njoggentich prosint. Wetter is wêzentlik.
Seit Jansma fan natuer- en skiekunde. Hy hat gelyk. Dat binne de feiten. Mar it is mear as in betingst foar biologysk bestean; like wichtich is it foar de psychology, de mentale steat. Wetter jout freugde, skinkt wolwêzen, biedt rêst, en, yn sommige gefallen, treast.
Sûnt heit him yntinsyf mei ús opfieding ynliet, bin ik dat wizer wurden. Tank heit.
It hottefyljen beheinde him yn 't earstoan ta jûns, as se mienden dat wy it fel al lang en breed oer de eagen hiene. Yn in letter stadium sieten se inoar gewoan yn 't hier dêr't wy by wiene. Ferwiten as stokslaggen, fergiftige pylkepunten dy't ek ús troffen, doel en bysaak tagelyk. De striid gie oer Hilbrand en Fardou, mar, begriep ik letter, miskien noch wol mear oer Douwe en Marcella, har wanhopich besykjen om de flok te kearen, dy't faaks fan it begjin ôf oer harren relaasje hongen hat.
Ein jierren fyftich. Sy is eigensinnich, artistyk, romantys; fielt de Zeitgeist as in kompas de poal. Hy is enerzjyk, ûnge- | |
| |
duerich, ree om de takomst stal te jaan. Se moetsje inoar op in feestjûn fan 'e Oranjeferiening. Marcella is tsjin 't sin mei har âlden meigien te farren oer de Fryske marren. Se bewûnderet de skientme fan 'e omkriten, mar fynt it selskip - heit, mem, omke en muoike - ferfeelsum. As se oanlizze yn 'e haven fan it plakje S*, en se te hearren krijt dat der dy jûn in feest is, is se gau beret. Hero en Antoinette bin der net mei ynnommen, mar kin har net keare.
Yn 'e tinte spylje de Flying Bulls, pleatslike helden, dy't sels in Amerikaans beat-nûmer op 'e wurklist ha. Dêr moetet se Douwe, oankommend boer, mei it uterlik en 'e alluere fan in donkerhierrige James Dean. Hy is hiel oars as de jonges dy't se ken, swijsumer, rûger, net oantwingerich. As er laket hat er kûltsjes yn 'e wangen. By einsluten krijt se him sa fier dat er mei har dûnset. Syn bewegings binne houterich, syn klean âlderwetsk. Hja is op slach ferlyfd.
Neierhân hâlde se kontakt, op syn minst ien brief yn 'e wike. Har epistels binne gâns wiidweidiger as sines, mar se sprekke deselde taal.
Hoewol't de maatskiplike ferhâldings op dat stuit al yn 'e kiif stean en bleatlizze foar feroarings, binne de reaksjes fan beide famyljes op de prille ferhâlding stereotyp. Oan heit syn kant wurdt praat oer stânferskil, oer dat Douwe himsels in rêd foar eagen draait, dat soks noait wat wurde kin. It aksint by it kommentaar fan mem har kant leit mear by de stúdzje, it belang fan de eigen ûntjouwing dy't wichtiger is as in flikkerke mei de soan fan de earste de bêste boer, hoe himmel ek.
De kwestje rekket yn in streamfersnelling as Douwe syn heit in oerhaal krijt. Bloedprop yn 'e harsens. De rjochterskonk en earm hingje tenei nutteleas oan 't lichem. Se
| |
| |
moatte ferfarre nei in oanpast hûs. Douwe kin de pleats oernimme, earder as dat de bedoeling wie, mar hy is der klear foar. Yn in, foar syn dwaan, lange brief, sketst er Marcella de kontoeren fan 'e takomst sa't hy dy sjocht. Oan 'e ein fan it skriuwen docht er har in houliksoansyk.
Fjirtjin dagen letter hellet er har fan 'e trein. Tegearre besjogge se de pleats, rinne oer it hiem, sitte by de grêft de fjilden oer te eagjen. In swak septimbersintsje fervet alles pastel. Douwe doart har net om in antwurd te freegjen. As er har werom bringt nei 't stasjon, hifket er hoeden wat se derfan fûn. It is in prachtich stee, seit se, romte genôch foar myn boeken, de piano en myn skildersark. Optein pakt er har hannen, knypt der in bytsje yn. Mar ik bin gjin boerinne, dat moatst net fan my ferwachtsje. Ik hâld fan dy, seit er, en tutet har op 'e mûle. Trije moanne letter trouwe se.
Heit fûn ús weareldfrjemd. Sei dat wy noait fan 't honk kamen, altyd mei de noas yn 'e boeken sieten, net iens kunde oan oare bern hiene. Dyn skuld, sei er tsjin mem, do makkest der kasplantsjes fan. Soks is net sûn. Hy sei dat har ideeën oer opfieding te iensidich wiene. Do, do hast noch noait nei de bern taald, en no silst my ferwiten meitsje? Sokke mominten wie mem in tigerinne, fûle eagen, heechreade wangen, de neilen priemkjend yn syn rjochting. Do kenst se net iens, hast gjin idee wat der yn se omgiet.
Under de tafel socht Fardou myn hân. Wy doarsten inoar net oan te sjen, doarsten neat te sizzen. Wy fielden ús skuldich.
It binne lange, skiere bongels, sa stiif as in planke. As men net better wist soe men sizze dat it stedsbern wiene. Wat dêr op tsjin wie, woe mem witte. Alles, sei er. Oft it sa oanhâldt wurde it asosjale skepsels, dy't allinne mei har eigen
| |
| |
dingen dwaande bin, en fierders net. Sjoch nei de ynteresses. Ha se oait belangstelling hân foar hoe't it op 'e pleats om en ta giet, wat it boerewurk te betsjutten hat? Mar klear, dat easkje ik ek net, al fyn ik it wol nuver. Wêr't it my om giet is dat se ûnder de minsken moatte, dat se omgong krije mei oaren, dat se har sosjaal en fysyk ûntjouwe.
Mem wie even stil. Doe frege se wat er yn 'e holle hie. Sporte, sei er. Se luts in fiis gesicht. Ja ferdomme, sporte. Miskien dat it yn jim' rûnten in ûnbekend fenomeen is, inkel in aktiviteit foar it plebs, mar sporte is in goed ding foar bern. Hark, de stim fan it proletariaat klinkt, sei se ferachtlik, stel dy dochs net sa oan fint! Hy skodholle ferheftich. Sa leit it derhinne. Do kinst se muzykles jaan, tekenje litte en wit ik al net, mar sporte sille se. Op 'e fraach wat wy dwaan moasten, seach er mem triomfantlik oan. Swimme. Goed foar de kondysje, en, mei it each op al it wetter om ús hinne, ek noch ferdomde belangryk. Hasto noait by stilstien. As se hjir yn 'e feart donderje fersûpe se as katten. Wolsto dêrmei sizze dat ik gjin ferantwurdlikheidsgefoel ha, raasde mem.
Sa bedarren wy op swimles.
In pear dagen nei dat foarfal. Ik sit toanljedders te oefenjen op 'e piano. Mem is nei 't doarp. Wêr't Fardou keard is wit ik net. Ien fan 'e katten leit yn 't finsterbank te sjen nei de reindrippen dy't tsjin 't rút slagge. Dy is der by fersin yn rekke, want heit wol se oars net yn 'e hûs ha. Yn alle rêst doch ik myn oefeningen. It giet bêst, ik bliuw net ien kear stykjen. Nei ferrin giet de doar iepen. Fardou. Se hat in plestik tas by har.
‘Giest mei?’ freget se.
| |
| |
‘Wêrhinne?’
‘Nei ús hutte.’
‘Wat hast yn dy pûde?’
‘Sis ik net. Sjochst wol. Moatst meikomme.’
Ik doch de klep fan 'e piano ticht en wip fan 'e kruk, in trijepoat mei in rûne sitting dy'tst yn hichte ferstelle kinst. Wy brûke him ek wol as stjoer, fan in race-auto of sa.
Yn 'e skuorre is it skimerich. Der hinget in pit, oan in balke, mar dy jout net it measte ljocht. Us hutte is fan âlde planken en kûleplestik makke. Hy falt net op. In roastich âld ploege stiet derfoar, bryk as in skip yn stoarmwaar. Fardou hat noch neat sein, se docht hiel geheimsinnich. Se krûpt om 'e ploege hinne, tilt in flap omheech en ferdwynt yn it tsjustere gat. Nijsgjirrich krûp ik achter har oan en tear de flap teplak. Fardou rommelet yn 'e tas om, strykt in lusifersprikje oan, sadat har gesicht spoekachtich opljochtet.
‘Wy meie net mei fjoer boartsje,’ sis ik. Se antwurdet net, toveret in kears út 'e tas en stekt dy oan. No ha wy mear ljocht. Se triuwt my de kears yn 'e hân en hellet in lyts, gielkoperen hâlderke út 'e Vivo-pûde, dy't ûnútputlik liket. Ik wit wat de bedoeling is, hâld de kears op 'e side en lit in pear drippen fet yn 'e hâlder falle. Dêrnei plantsje ik fluch de kears deryn. As it wat bestjurre is lit ik it spul los. Hy stiet goed en baarnt moai. It wurdt sels in bytsje waarm yn ús skûlplak.
‘Moai,’ sis ik bewûnderjend.
‘Ja hin,’ seit Fardou, ‘ik ha noch mear yn 'e tas.’
‘Lit sjen.’
Stadich, as in gûchelder dy't mei in spesjale trúk dwaande is, hellet se in middelgrut fleismes foar 't ljocht. Ik wurd kjel. It lange blêd glânzet yn it skynsel fan 'e flam. Fardou har
| |
| |
eagen lykje koallen, swarte fonkelstiennen.
‘Heit en mem ha de lêste tiid in protte rúzje,’ seit se flústerjend. Ik knik, kin de eagen net fan it mes ôfhâlde.
‘Dat makket my bang.’
Yn in flits sjoch ik har op bêd lizzen, de boarterspop yn 'e hannen klamme. No sit der in hiel oar fanke tsjin my oer.
‘Ik bin bang,’ ferfettet se, ‘dat se byinoar wei wolle. Om ús. En witst, fan 'e middei nei 't iten hiene se it deroer dat wy tenei elk op in keamer sliepe moatte. Mem sil it útfanhuzerskeammerke opknappe.’ Se skodhollet. ‘Neffens my binne se wat fan doel.’
‘Ik begryp it net.’
‘As se byinoar wei wolle, moat ik mei mem. Do bliuwst by heit op 'e pleats. Tink ik. Dêrom moatte wy apart sliepe, kinne wy alfêst wenne.’
Ik bin ferbjustere. Myn weareld stoart yn. Ik wol net dat heit en mem rúzje ha, byinoar wei sille. Ik wol net dat se Fardou en my útinoar helje.
‘Ik wol net by dy wei,’ sis ik.
‘Dat sil ek net gebeure,’ stelt Fardou planút fêst. ‘Dêrom ha 'k dat mes meinaam.’ Se skoot de kears foarsichtich fansiden, is wach dat de flam út 'e buert fan it plestik bliuwt. Dêrnei bûcht se har nei my ta.
‘Wy moatte in bân smeie dy't noait ferbrutsen wurde kin, in magyske bân.’ Har stim klinkt sacht mar beret. ‘En ik wit hoe't soks moat.’
‘Hoe?’
‘Troch inoars bloed te drinken.’
‘Harrejasses.’
‘Neat harrejasses. Wolst dat wy foar altyd byinoar bliuwe, of net?’
| |
| |
‘Ja.’
‘Dan moatst net seure.’
Rimpen stekt se de linkerearm út, skoot de mouwe fan 'e trui omheech. Sûnder mankearen set se de punt fan it mes op 'e sachte binnenkant fan 'e pols, dy't te tin en te fyn liket foar it massive snij-ark.
Ynienen krij ik it gefoel dat se âlder as my is, grutter. Folwoeksen sels. Dat mei ik net lije, en ik nim my foar om alles te dwaan dat sy ek docht, har te boppe te gean as it moat.
‘No meitsje ik in sneedsje. Sadree't it bloed derút komt moatsto in stik of wat drippen yn 'e mûle opfange. Dêrnei dogge wy it oarsom.’ Se parset de lippen op inoar en triuwt. It liket ûnhandich wat se docht. Ik tink oan de lessen biology, oan it gefaar fan slachierlike bliedings. Mar as se it limmet weromlûkt spuitet der gjin deadlike fontein omheech; nee, der welle inkel in pear kobbels út, dy't wifkjend paad sykje nei de sydkant fan 'e pols, dêr stadich ôfglydzje.
Se tilt de earm omheech, draait de pols nei de grûn, begjint der mei de oare hân yn te knipen. Ik hâld de holle skean en stek de tonge in bytsje út. Waarm falle de drippen, ik fernim it amper. De smaak is sâlt en metalich, as guon teeleppeltsjes. Ik slok. De weeë geur set him fêst yn 'e kiel, de noas.
‘Sa,’ seit se, ‘no do.’ Plechtich jout se my it mes oer.
Swijend set ik de flymskerpe punt op 'e binnenkant fan 'e earm. Fardou sjocht my fol ferwachting oan. Dit is in hiel belangryk momint. Mei tsjinsin snij ik mysels. It docht searder as dat ik tocht, mar lit neat blike. De earm trillet as ik in stikmannich drippen yn Fardou har mûle falle lit; in pear komme op 't wang en 't kin telâne. Mei de rêch fan 'e hân faget se dy fuort.
It is dien. Wy sjogge inoar oan.
| |
| |
‘Dit is ús geheim,’ seit Fardou. ‘Do meist der mei gjinien oer prate. Ast dat dochst wurket de magy net mear.’
Ik sis dat ik it noait fertelle sil.
|
|