| |
| |
| |
4
Op in jûn waard it ús meidield. Heit spriek as in dûmny. Of in abbekaat. Wilens siet mem ta it rút út te sjen, ôfwêzich, as hearde se der net by, hie se der neat mei út te stean. It waard tiid dat wy elk in keamer krigen, wy hiene de leeftyd derfoar. De skilder soe komme om it útfanhuzerskeammerke op te kreazjen, dan koene mem en Fardou it dêrnei ynrjochtsje. Wy soene wol fernimme hoe goed it foldwaan soe, elk in eigen romte. En noch wat, sei er, jim' witte dat wy it deroer hân ha om jim' op swimles te dwaan. Hy socht kontakt mei mem, mar dy bleau ta it rút út sjen, as wie dêr wat ûneinich belangryks. Mei útset lûd kundige er oan dat it regele wie. Trije kear yn 'e wike, moarns betiid, sân oere. It sil in goed ding wêze.
Yn dy snuorje wie mem foar it rydbewiis slagge. Neffens my wie se ien fan de earsten, faaks de earste frou út 'e omkriten dy't autoried. Dêrmei waard sy ús sjauffeur, want heit hie it fansels te drok mei oare dingen.
It joech praat yn 't doarp, sy fan Douwe karket moarnsier mei de bern nei 't swimbad yn H*. Moat blike litte dat se út in oar laach komt, oanstellerich typ, heech yn 'e holle, moatst rekkenje.
Tenei stiene wy trije kear yn 'e wike healwei sânen neist it bêd. Fluch in streek om 'e holle, stikje bôle en yn 'e auto. De earste kear storeinde it, wie 't sa ticht dat it wol dize like. Mem grommele wakker op it waar om, op it iere stuit, yn 't generaal op 'e hiele ûndernimming. Moarns wie se sowieso net op har bêst.
| |
| |
Doe't de kontoeren fan 't bad foar ús opriisden, stiene wy al op it parkearplak. Wy hiene der noch noait west. By ús op skoalle waard net oan swimmen dien, en sels dobberen wy, as it simmerdeis hyt wie, yn in karree fan pakken strie, mei kûleplestik beklaaid en folgetten mei liedingwetter. Kâld, mar ús tige nei 't sin.
It bad sels waard ik, troch de beammen dy't deromhinne stiene, net gewaar; mar de penetrante, hast nei mige útskaaiende geur fan gloar wie dúdlik genôch. Mismoedich skoffele ik achter Fardou en mem oan, waans hakken koarte, driftige tik-lûdsjes op 'e wiete klinkerts makken.
By de kassa siet in man dy't ús freonlik taknikte, rin mar troch. Mem koe de kaarten mei ús foto's dêrop yn 'e tas hâlde, wat ik eins spitich fûn.
Binnenyn wiisde se ús de klaairomten: links fan 'e yngong it skieppehok foar de jonges, rjochts dat fan 'e fammen. Dêr tuskenyn hiest noch de ienpersoans-klaaihokjes, en in soart fan oerdutsen garderobe, dêr't in leger plestik stokjes hong dy't op bernepopkes liken.
It fernuvere my dat wy ús apart ferstrûpe moasten, mar soks soene de nije regels wol wêze. Ik rûn op it skieppehok ta en hearde, doe't ik tichterby kaam, stimmen klinken, dimmen en hol tagelyk. Utsoarte kaam it my oer 't mad, want ik hie der net by stilstien dat der mear bern wêze koene.
Yn 'e gauwichheid telde ik acht jonges doe't ik plak socht op 'e bank. It grutste part dêrfan wie jonger as my. Ien fan de wat âlderen, in meagere jonge mei swart hier en fûle eagen, hie it heechste wurd. Hy stie midden oer de flier mei de hannen yn 'e side. Ik strûpte de klean út, wylst hy my ûngewosken stie op te nimmen. As in rôffûgel. Doe't ik oan 'e swimbroek ta wie lake er, en sei: kâld hin? Ik wist sa hurd
| |
| |
net wat ik antwurdzje moast. Hy draaide him om, joech ien fan 'e lytsere jonkjes in dúst en rôp, wa't it lêst by 't bad is, is in droplul! Utsein ien stode elk it hok út. In grouwe, readhierrige jonge mei in kop fol skeinspruten bleau sitten. It wite liif as in skelkje oer de broek; puntige, frouljusachtige boarsten. Hy seach der tryst út. Ik stie yn 'e doarsiepening, hearde dat de badmaster op in fluitsje blies. Sammelje.
Wy moasten ús yn in rigele opstelle, op 'e râne fan it lytse bad. De badmaster rûn foar ús del, sei dat wy net earder it wetter yn mochten as dat hy it sei. Hjirby seach er Rôffûgel oan, dy't dripkjend foar him stie. Doe kriich er in list en lies ús nammen lûdop foar. Sân jonges, fiif fammen. Hy hâlde ien oer, Foppe van der Kooi. Sjirk Rôffûgel antwurde dat der neffens him noch in barchje yn 't skieppehok siet. Guon moasten laitsje. De badmaster seach noartsk, sei dat er even sjen soe en dat wy op him wachtsje moasten.
It duorre in skoft ear't er werom kaam, mei Foppe sljurkjend yn syn sok. Op dat stuit wie alles in ôfgriis: de kjeld, it rezjym dêr't ik my de kommende tiden ûnder deljaan moast, de ellinde fan dy grouwe jonge, dy't it hiele gedoch mar al te dúdlik walchlik fûn.
Ik hie begrutsjen mei him. Ik hie begrutsjen mei mysels, mei Fardou dy't blaubekjend neist my stie. Dizze hiele swimmerij soe op in drama útrinne, dêr wie 'k wis fan. Dêr en doe ferflokte ik heit, de oanstichter fan dizze jammerlike tastân. Ja heit, dy soan fan dy wie in nuverenien, is 't noch; sa nuver, dat ik mysels net mear begryp.
Nei ôfrin fan dy earste les wie 't sin lykwols folslein feroare. Ik fielde my thús yn 't wetter, geniete fan de wankende frijheid, ek as wie 't noch mear boartsjen as swimmen. Doe't ik letter waarm yn 'e klean siet, mei in yntins
| |
| |
gefoel fan wolbehagen, wist ik dat der in nije perioade yn myn libben oanbrutsen wie. En net inkel yn dat fan my, mar ek yn Fardou harres. Sy fûn it aardich en bêst wol spannend. It joech in aktive diminsje oan ús, faaks dochs wol sterile, libbentsje. Dêr kaam noch by dat wy in natuerlike oanlis blieken te hawwen. Wy wiene mei fan de earsten dy't nei it djippe bad mochten. Soks stimulearre, wakkere kriich oan.
Mem dielde ús wille net. It iere stuit en it gegeven dat se neat om sport joech wiene dêrta beletsels, mar linkendewei groeide it ek út ta in prestiizjekwestje tusken har en heit. Us entûsjaste ferhalen stipen him yn 'e oertsjûging dat er der goed oan die om him mei ús opfieding te bemuoien, der in oare koerts oan te jaan. Hy wie wakker ynteressearre, frege ús altyd nei de fuortgong. Suver frjemd, al dy oandacht.
Likegoed flaaike it ús. Fan in brimkjend skaad feroare er yn in heit dy't grutsk op ús wie, en dat ek skine liet. Mem dêrfoaroer luts har wat werom, skoep distânsje yn 'e relaasje ta ús. Wy waarden hinne en wer slingere yn ús affeksje, sûnder dat wy ek mar it minste begryp hiene fan wat der oan 'e hân wie.
Dy earste kear datst ús mei nei de slûs naamst, heit. It wie krekt sok waar as no, de sinne wat mylder, gâns letter op 'e dei. Ik siet yn it hôf in boek te lêzen, ien fan Michael Ende. Dyn skaad foel oer my hinne, lang al. Sille wy noch even te swimmen, seidest, Fardou, do en ik? Te swimmen? Ja, by de slûs, as jonges swommen wy dêr ek al. Jim' mem is der net hyt op, mar dy sjocht oeral apen en bearen. No, wat seist?
Eins wie 'k ferbaldere. Do, te swimmen mei ús? Hat heit it net te drok, frege ik. Welnee, de manlju kinne it allinne wol ôf. Ik koe it amper fetsje. Om my kin 't wol, antwurde
| |
| |
ik fluch. Goed, ik krij de fyts, skarrelje do Fardou op. As in dief skeat ik fuort.
Doe't Fardou en ik mei de fyts út 'e skuorre kamen, stiesto al te wachtsjen. Ien foet oan 'e grûn, de hannen op 't stjoer, de kop yn 'e wyn. Dyn handoek lei as in blutste rollade op 't pakjedrager. Do glimkest doe'tst ús seachst. Ik kriich in waarm gefoel yn 't liif, fielde my grutsk en yn 'e war. Vooruit met de geit! seidest.
Under it fytsen ferteldest ús dat der in koarter paad bestie, troch de lannen. As jim' it moai fine kin jim' der ek wolris te rinnen hinne, it is de muoite wurdich.
Nuver wie 't om mei dy op 'en paad te wêzen. Ik fielde my slim ûngemaklik, wist net rjocht wat ik sizze moast. Dus hâlde ik my stil. Oan Fardou fernaam ik ek wol dat it in ûngewoane sitewaasje wie, ik seach it sels oan har hâlding, hoe't se op 'e fyts siet.
En do?
Do wiest mei frjemden op stap, mar diest dyn bêst om dat net blike te litten, spilest in heit foar wa't it normaal wie om út en troch aardige dingen mei de bern te dwaan. Ik koe lykwols fiele datsto krektsa mei dyn inisjatyf oanklaud sietst as wy. Wat hie dy dêrta oanset? Wie it in reaksje op in hommels ynsjoch datst ús hiel lang tekoart dien hiest? Of wie it kleare grutskens - sjoch myn bern ris útblinken - keppele oan in plak en in aktiviteit, dêr'tsto sels yn dyn jongesjierren in protte wille oan belibbe hiest? Of wie it in strategyske aksje om mem teplak te setten, har te ferdútsen dat der likefolle fan dy as fan har yn 'e bern siet, wat dat like weardefol en belangryk wie?
Ik tink datst dyn gelyk helje woest. Fan dat oangeande brûktest ús. Alwer. Mar doe taaste dyn ûnhandigens my yn
| |
| |
't moed, dyn wifkjend rikken om kontakt te meitsjen. Op dat stuit koe ik my werom yn dy, dy rizige man mei syn donkere wynbrauwen, brede mûle, dy fjurrige groede oer 't kin.
Der wie net ien by de slûs. Do strûptest de klean út, en mei in skok realisearre ik my dat ik dy neaken net koe. Sels healneaken net. Wat seachst der nuveraardich út mei dy ynwite romp en skonken, tsjin dy brune earmen en ferware kop oer. Krekt in sjokodip, dêr't de measte sûkelade al ôf gnobbe wie. In fermaaklik gesicht, mar ik skamme my der ek foar, sûnder dat ik sizze koe wêrom. Lokkich wiest sedich genôch om de handoek om 'e heupen te tearen doe't de ûnderbroek út moast, oars hie 'k fan bleuens wol deagean kinnen.
Heit en ik leine al yn it wetter, doe't Fardou noch op 'e wâl stie. Hja hie de hannen foar 't liif, luts oan 'e skonken as in kat dy't troch snie tripket. Sil 't ek noch wat wurde, rôpsto, ik wol sjen hoe goed oft jim' eins swimme kin. Fardou frege oft der ek bloedsûgers of oare fize bisten yn 't wetter sieten. Jonge nee, dêr is de streaming hjir bytiden fierstente sterk foar. Kom der no mar yn, de temperatuer is hearlik. Alhiel net oertsjûge glied Fardou deryn, mar in pear minuten letter wie fan har reserves net folle mear te fernimmen. As in snoek skeat se troch 't wetter, laitsjend en prústend.
Do hiest gelyk, âlde, swimme yn bútenwetter wie net te ferlykjen mei baantsjelûke yn in betonnen bak. Hat soks te krijen mei ús oarsprong? Faaks wol. It fielde oan as hearde it sa. En hie 'k yn it swimbad al in gefoel fan frijheid, dat gou dêr namste sterker. Boppedat wie 't in pracht fan in boartersplak. As de slûs iepenstie koest dy der mei de stream oerhinne tille litte, de krêft fan it wetter frij spul jaan, sadatst in pear tellen lang oerlevere wiest.
Dy earste kear mei dy siet er lykwols ticht. Foar ús wille
| |
| |
makke it neat út, dy wie der like grut om. Wy sloofden ús út, om dy sjen te litten dat wy net om 'e nocht ús A-diploma yn rekord-tempo helle hiene, en no dwaande wiene om it B-diploma dêroan fêst te knoopjen. Neffens my wiest ûnder de yndruk fan ús feardigens. Joechst ús sels komplimintsjes.
Doe't wy letter op 'e wâl sieten te bekommen, ferteldest ús oer de ûnderstream dy't út en troch opspile. Dêr moasten wy goed om tinke. Understream kin de bêste swimmers ferrifelje. Gjin risiko's nimme, begrepen?
Fierders heucht my benammen de geur fan it wetter, fan 'e modder dy't yn donkere wolkjes fan 'e boaiem omheech kaam; de sinne dy't al leech oan 'e loft stie doe't wy ôfstutsen.
En de betizing.
Eins stie alles yn dy snuorje yn 'e kiif. De ferhâlding tusken heit en mem, myn ferhâlding ta har. Ta Fardou.
Sûnt wy elk in keamer ta ús foldwaan hiene, sliepte ik minder. Ik miste de fertroudens, de geselligens; de petearkes jûns op bêd. No die ik oars neat as draaie en wrotte. Yn 't begjin glûpte ik moarnsier, op 'e dagen dat wy net hoegden te swimmen, wol nei har keammerke ta, even prate, boekje lêze by har op bêd.
Frjemdernôch begûn dat ritueel my nei ferrin fan tiid tsjin te stean. De driuw en it ferlet bleaune, mar ik drukte it de kop yn. Beredenearje koe 'k it net. Miskien woeks sûnder erch it besef dat ik te grut waard om lekker smûk by myn suske op bêd te krûpen. Mar foar 't neist hie it ek te krijen mei ferwidering. Want it wie wol sa dat ìk altyd by har kaam, en sy net by my. Krekt as skoep de fysike ôfstân ek in mentale ôfstân, kaam se fierder fan my ôf te stean.
Ik rekke der folslein fan yn 'e war. Ik begriep net ien mear,
| |
| |
en mysels noch it minst. Wat Fardou oanbelange: hiene wy inoars bloed net dronken, in magyske bân smeid? No tilde ik net sa swier oan 'e magyske kant fan ús oerienkomst, mar wol oan 'e betsjutting. Wie dat no samar fan 'e baan? Hearden wy ynienen net mear byinoar, net sa as earder? Mar ik betrape my derop dat ik faker en faker dingen dy't se sei of die stom fûn. Famkesachtich. Wat ek net oars koe om't se no ienris in famke wie. Dus siet it him likefolle oan mysels as oan har.
‘Heit?’
‘Hm?’
‘Heit?’
‘Wat is der no?’
‘Mei ik in boksbal yn 'e skuorre ha?’
‘In boksbal? Wat silsto mei in boksbal?’
‘Slaan.’
‘Ja, dat ha 'k yn 'e gaten. Wêr is dat goed foar?’
‘Gewoan.’
‘O, gewoan. En wat stelst dy dêrby foar?’
‘Ik wit net. In sek of sa?’
‘In sek of sa. Noch mear rotsoai. No, ik sil wolris sjen.’
In pear dagen dêrnei hong der in ierappelsek yn 'e skuorre. Oan in tou oer in balke. Der siet sân yn. Ik gie der foar stean, naam in bokshâlding oan, en sloech. It foel my net ta. De sek ferweegde net iens. Boppedat wie de jute rûch, skaafde it fel fan 'e fingers, de knokkels. Mar ik sloech troch. De rest fan 'e wike brûkte ik myn wintermoffen.
Foar myn jierdei kriich ik echte boksmoffen. Oars moat ik ek noch breidzjen leare, sei mem. Trouwens, dat boksen fyn ik mar neat. Lit dy jonge gewurde, sei heit. Fan Fardou
| |
| |
kriich ik in etui mei in folpinne, en in flechtich tútsje. Doe't se even net seach fage ik mei de mouwe it wang ôf.
De boksmoffen wiene in útkomst, en ik makke der in protte gebrûk fan. It gebeurde hieltyd faker dat ik my nuver fielde, dat ik fûn dat net ien my begriep. Der wiene mominten dat ik mei in hast taastbere klute yn 't liif omrûn; in spanning dy't him samar oantsjinne en dy't ik net pleatse koe. Dan wie 'k mei mysels oan, makke rúzje mei dizze en dy, hufte krekt salang op 'e sânsek om dat de hannen en 'e skouders my sear diene, it swit op 'e foarholle stie.
Ik koe oan heit fernimme dat er myn nije oanslach moai fûn. Hy makke út en troch in praatsje mei my, hifke hoe't it op skoalle gie, oft ik al in idee hie hokker rjochting ik letter út woe. Meastentiids hold ik my op 'e flakte. De oandacht die my goed, ik fielde my suver wat fereare, mar ynstinktyf wist ik dat syn niget oan myn wjerfarren net ûnbaatsuchtich wie. Dus liet ik my nerges oer út, benammen net oer wat ik letter wurde woe. Sowieso in tear punt. Ik hie wol yn 'e gaten dat ik, wat him oanbelange, nei de lânbouskoalle ta moast. In ôfgriis. Ik moast der net oan tinke om op 'e pleats te moatten. Alle dagen bealgje foar in inkele sint. Want dat waard ik ek gewaar troch it hottefyljen fan heit en mem: mei de opbringst fan 'e buorkerij wie 't skraabjen om 'e kant. Dat sterke my namste mear om net foar it boerebestean te kiezen. Wat ik dan wol moast wist ik net, hie dêr noch noait oer neitocht.
Sa't heit op my takaam, sa bewarre mem ôfstân. Se koe har net begripe dat ik sljocht wie nei 't swimmen, op it slaan tsjin in sek fol sân. Neffens har wie 't fergriemerij fan skoandere tiid, tiid dy't ik oars bestege oan lêzen en muzyk meitsjen, oan 't útfieren fan natuerkundige proeven sa't dy beskreaun waarden yn De Jonge Wetenschapper. Ik koe net
| |
| |
ûnder wurden bringe dat ik it iene net leaver hie as it oar, dat ik alles like moai fûn. It sportive part wie derby kaam, it ferkrong neat.
Us húshâlding like ynienen opdield yn twa kampen. Heit en ik, mem en Fardou. Jûns op bêd hâlde it my út 'e sliep. Dan tocht ik oan wat Fardou sein hie, in skoft lyn, dat heit en mem wolris byinoar wei gean koene. Sy mei mem, ik by heit op 'e pleats. It begûn der op te lykjen. Ik fielde my wanhopich. Wat moast ik dwaan om soks foar te kommen? En wiene it wol twa kampen? Wiene it net fjouwer kampen, fjouwer skossen dy't altemets tsjininoar oan botsten, in skoftke njonkeninoar dreaune, om dêrnei allinne wer fuort te driuwkjen?
Om sokke prakkesaasjes fan my ôf te setten besocht ik, as de loft helder wie, stjerrebylden werom te kennen. In dreech kerwei, sûnder de ferbiningslyntsjes fan 'e ôfbyldings út 'e atlas. Dochs slagge it bytiden. Lytse Bear. Stâlpantsje. Skealjes.
Sels mei de radio lûd oan hear ik Riemer by de trep op stoarmjen. Twa tellen letter batst de doar iepen en komt er de keamer yn. Mei in plof dûkt er op myn bêd. Wylst er de skuon útdocht seit er: ‘Bist no noch oan 't learen, jonkje?’
‘Moarn rippetysje fan wiskunde, ommers?’
‘No en?’
Dêr't Riemer is, is leven en beweging. Hy is drok, mar ek lakonyk. Noch in eigenskip dêr't ik him om bewûnderje. Alles wat ìk net kin of bin, is hy. Riemer is myn bêste kammeraat.
Ik lis de pinne del en sil de radio wat sachter sette. ‘Net dwaan!’ ropt er, ‘dit is krekt in moai nûmerke!’ Hy begjint
| |
| |
op 'e knibbels mei te trommeljen, skoddet de kop wyld hinne en wer.
‘David Bowie?’ besykje ik.
‘Nee, T-Rex, witst wol, mei Marc Bolan.’
Ik wit it net, hâld de ûntjouwings oan it muzykfront net sa goed by as Riemer. Yn 't begjin, doe't ik der fia him mei yn oanrekking kaam, sei popmuzyk my neat. No fyn ik in soad dingen moai, mar myn ynteresse stekt skier ôf by dy fan him.
As it nûmer ôfrûn is springt er oerein. Hy slacht my op 't skouder. ‘Wy moatte sels in bandsje begjinne,’ seit er. ‘Do spilest toetsen, ik sjong. As dy jonges fan The Hurt it kinne, kin wy it ek. Trouwens, takom wike freedtejûn is der disko yn 'e Kelder. Ha 'k no al sin oan. Der wurdt gjin alkohol ferkocht, mar foar datsoarte maatregels bin heupfleskes útfûn.’
The Hurt is de skoalband. Hja bin begûn as in projekt fan ús muzyklearaar, Vellinga. Yn 't earstoan stelde it it measte net foar, mar no binne se goed, echt goed. Njonken covers spylje se ek eigen nûmers. Se binne populêr, fral by de froulju. Ik wit dat it in winsk fan Riemer is om ek sokssawat te dwaan. Ik sil mar net sizze dat Vellinga en Melle Krotsje, sjonger en tekstskriuwer fan The Hurt, my frege ha om ris mei harren mei te dwaan.
‘Hoe let?’
‘Wat?’
‘Hoe let sille wy fuort, takom wike freed? It begjint om healwei njoggenen.’
‘Ik wit net oft ik der wol hinne sil. Dat hiele ein nochris op 'e fyts...’
‘As wy jim' mem noris freegje? Dy wol ús grif wol bringe en helje, hielendal as Fardou meigiet. Of sil hja der net hinne?’
| |
| |
Ik lûk oan 'e skouders.
‘Gjin idee. Wy ha 't der net oer hân. It sil wol.’
Riemer wriuwt him yn 'e hannen.
‘Dy lit se sowieso net by nacht omwaarje. Sille wy har even hifkje?’
‘Wa?’
‘Fardou. En dêrnei jim' mem.’
‘Ik ha der gjin sin oan,’ sis ik.
Riemer lit ferheard de kruk los.
‘Wêrom net?’ freget er.
‘Samar net.’
‘Dat is gjin antwurd, sei ús heit froeger.’
‘...’
Mei in djippe sucht ploft er wer op bêd del. De poaten en it matras protestearje lûdroftich. Hy krijt in pûdsje sjek út 'e bûse en begjint ien te rôljen. Ik set alfêst it rút wat iepen.
‘Do bist myn maat,’ seit er, wylst er de reek útblaast, ‘mar ik krij bytiden gjin hichte fan dy. Wat is der no mis mei in skoalfeest?’
‘Neat.’
Ik mien it. In skoalfeest is bêst genôch. Mar net foar my, Riemer, net op dit stuit. Ik fiel my net feestlik. Ik fiel my frjemd. Der binne dagen, soms wiken, dat ik op wolken rin. Mar no krûp ik troch de stront, al in skoft. En ik wit net wêr't it fan komt. Help my. Help my net. Lit my gewurde, ik sykje it sels wol út.
‘Sil ik dy ris wat sizze?’
‘No?’
‘Neffens my bist ferlyfd.’
Ik fiel it bloed driuwen yn 'e hals.
Hy bûcht foaroer en knikt as in âlde, wize man, dy't weet
| |
| |
hat fan alles wat der yn 'e weareld gebeurt. Gandalf. Mem fertelde fan 'e moarn dat Tolkien stoarn is.
‘Ja,’ seit er, ‘do bist ferlyfd, mar witst it sels noch net. Krekt wat foar dy. Fertel, wa is 't?’
‘Hoe kin ik dat no sizze, as ik sels net wit dat ik ferlyfd bin?’
‘Dêr, myn bêste Watson, hast in punt. Mei oare wurden: oanlieding genôch om nei it feest ta. Kinst útfine wêr't dyn hert en dyn mage sa oerstjoer fan binne.’ Hy laket. ‘Kom op man, wy moatte derhinne, al dy longerjende froulju meie wy net teloarstelle. Sandra en Hilly út 4c soene ek komme.’
Lokkigernôch is 't bloed net oan myn kop takaam. Wêrom't ik sa heftich reagearje wit ik net; wol ik ek net oer neitinke. Miskien is sa'n feestje just in goed ding, biedt it my de mooglikheid om de sinnen wat te fersetten.
‘Hast gelyk,’ sis ik, ‘dat soe ivich skande wêze. En fral as Sandra en Hilly komme, dy meie wy ús ynspirearjend selskip net ûnthâlde.’
‘Sa kin 'k dy wer,’ nokkeret Riemer. ‘Dan no it ferfier noch even regelje.’
Sadree't wy de Kelder yn komme, wurdt Fardou troch freondinnen meinommen. Hoe'n noed ik hie doe't sy by ús op skoalle kaam. Ik wie derfan útgien dat se it dreech krije soe, en hie my foarnommen om har goed yn 'e gaten te hâlden. Nerges foar noadich, want se wie samar ynboargere; op in wize dy't skerp ôfstiek by myn eigen muoisum krewearjen yn 't begjin. Dêr hie 'k in nochal dûbel gefoel oer: oan 'e iene kant wie 'k bliid foar har; oan 'e oare kant muoide it my dat ik har net hoegde te helpen, net hoegde te beskermjen.
It is drok, sels sûnder de earsteklassers. Tsjin de fierste
| |
| |
muorre, oan 'e noardkant, hat drive-inn Explosion in plakje socht. Achter in trijelûk fan swartferve en mei kleurige stjerren beskildere tripleks rinne trije jonges achter twa draaitafels en in kassettedeck om. Gary Glitter knalt út 'e lûdsprekkers. Riemer snúft. ‘Al te hoopjen dat se aanst bettere muzyk draaie,’ raast er my yn 't ear. Ik knik. Boppe ús smyt in sulverkleurige bol konfetty-ljochtsjes yn 'e rûnte. Riemer tikket my op 't skouder en wiist, dêre. Guon fan ús groep sitte op in bankje en winke ús. Wy kringe troch de mannichte en skowe by harren oan. Ik kom neist Marja te sitten, op 't útein fan 'e bank. Drok hin, seit se. Ja, sis ik, bist wol in kertier kwyt ast wat te drinken helje wolst. Se laket en skoot my har glês ta, nim mar fan myn kola. Ik skodholje, hoecht net. Riemer, dy't oan 'e oare kant tusken Peter en Akky ynklamme sit, bûcht him nei ús ta en hâldt in plat fleske boppe it glês. Hy knypeaget. Bearenburch, seit er, út 'e âld man syn foarrie. Sûnder ús reaksje ôf te wachtsjen docht er der in snjit yn, proast. Marja gichelet in bytsje. Se set it glês oan 'e mûle en nimt in swolchje. Lekker, seit se, en hâldt my op 'e nij it glês foar. Ik wifkje. It hat wat yntyms om tegearre út ien glês te drinken. Marja nimt my oandachtich op. As se mar net mient dat dit wat te betsjutten hat, tink ik, en nim in slok. Swiet en heazich glidet it focht troch de kiel.
Ynienen sjoch ik Fardou. Se dûnset mei Jonny, ien út har klasse. Romte is der net, dus se weve mar wat hinne en wer. Se sjocht der moai út, âlder as dat se is, mei har strakke spiker-broek en donkerread-glânzjend truike. It lange, swarte hier hinget har op 'e kont. That Lady, sjonge The Isley Brothers. In broeierich nûmer.
Marja hinget tsjin my oan en hat it oer Geerdink fan wiskunde. Ik kin 't goed mei har fine. Se is aardich en
| |
| |
himmel om te sjen. Dochs ha 'k it idee dat se mear wol as inkel freonskip, en dêr ha 'k hielendal gjin belang by. Op dat mêd fiel ik my net ta har oantrutsen, ta net ien fan ús groep eins.
Ik sil even nei de plee, sis ik tsjin har. Se knikt en seit dat se wat te drinken ophellet, moat ik ek wat ha? Lit mar gewurde, sis ik.
Sels de treppens nei de Kelder sitte fol minsken. Hoeden lavearje ik tusken de earmen en 'e skonken troch, oant ik boppe bin en de stap deryn set. It is lekker fris op 'e gong, en ik sykhelje djip.
As ik út 'e wc's kom stiet Riemer my op te wachtsjen.
‘Sil wy even bûten sjen?’ freget er.
‘Bêst,’ sis ik.
Njonken de haadyngong gean wy sitten. Hy hellet it fleske út 'e bûse, nimt in pear slokken en langet it oan my oer. Ik folgje syn foarbyld. Sûnder kola smakket it bitter, mar fiis fyn ik it net. Ik wurd licht yn 'e holle.
‘Marja is sljocht op dy,’ seit Riemer.
‘Dêr wie 'k al bang foar.’
‘Dus dat hiest wol yn 'e gaten?’
‘Ja, sa ûnnoazel bin 'k no ek wer net. Niis krekt hong se sa tsjin my oan... As ik de earm om har hinne lein hie, hie 't klear west.’
‘Der binne wol mear dy't dy lije meie.’
Ik sjoch him ferheard oan.
‘Fammen fan ús groep?’
‘Do witst de helte net.’
Hy jout my in dúst.
‘Moatst sjen wa't dêr nei bûten ta komme.’
Gnyskjend en sjongend rûgelet in kloft eksamenklassers
| |
| |
it plein op. Sandra en Hilly bin der ek by; twa fan 'e meast begearde froulju fan skoalle.
‘Kom,’ seit Riemer, ‘wy sille ris in praatsje mei har meitsje.’
‘Bist gek,’ sis ik fluch, ‘dy sjogge ús hielendal net stean, man! Nee, dat dogge wy net, hear!’
‘Net sa skiterich,’ seit Riemer, wylst er stean giet, ‘Onderzoekt alles en behoudt het goede.’ Hy krijt my by 't skouder en hyst my oerein.
Ik wol dat net. Se sille ús fernederje dêr't elkenien by stiet, yn 'e grûn wâdzje en fjouwerkant útlaitsje. De stoere praatsjes dy't ik earder hie, bin 'k op slach fergetten. Mar flechtsje kin net mear, Riemer trunet my gewoan mei. Ik triuw de hannen yn 'e bûse en doch krekt as hear ik der net by.
‘Hoi,’ seit Riemer, as wy by it groepke binne, ‘moai feestje, net?’
‘Giet wol,’ seit Sandra, dy't krekt in sigaret út in pakje skoddet. Hy toveret in oanstekker foar 't ljocht en jout har fjoer. ‘Bedankt,’ knikt se, ‘jim' ek?’ Riemer en Hilly stekke ien op, ik skodholje fan nee.
‘Nee,’ seit Hilly, wylst se nei my opsjocht, ‘sportlju roke net. Do bist dochs dy swimmer?’
Ik knik, nim Riemer syn fleske oan, drink.
‘Goh,’ ferfettet se, ‘ik moat der net oan tinke om moarns seis oere al yn 't swimbad te lizzen. Wat fynst deroan?’
Ut 'e eachshoeken sjoch ik dat de rest fan harren groepke gjin acht op ús slacht. Ik mompelje wat oer hobby's en moai wurk, wylst ik skrutel besykje net nei har koarte rokje te sjen, de spoeketaast op 't linkerwang dêr't ik fan wit dat er net echt is.
Se keart har nei Riemer en freget wat der yn dat fleske fan him sit. Bearenburch, antwurdet er, wolle jim' ek wat ha?
| |
| |
Ik ha twa fan dy fleskes. Om 'e beurt nimme se in swolch.
Op 'e nij giet de doar fan 'e haadyngong iepen, komme der guon nei bûten dy't in frisse noas helje wolle. Even is de muzyk te hearren: Angie, fan 'e Stones.
‘Dûnsje?’ freget Riemer. Sandra glimket, earst in slokje, seit se. Wy nimme allegearre noch wat en sutelje dêrnei it gebou wer yn.
Yn 'e Kelder slaan de reek en de waarmte swier op ús del. Riemer nimt Sandra yn 'e earmen en begjint stadich mei har te dûnsjen, wêrby't er ien hân op har kont leit. It hert jaget my, ik wit net wat ik dwaan moat. Mick Jagger krûpt my yn 'e plasse, mei al syn hertstocht en langstme.
Hilly trunet my oan.
‘Hee sûch, wurdt it ek noch wat?’
Dat brekt de ban. Ynienen kin 't my neat mear skele. Sûnder der fierder by nei te tinken lûk ik har tsjin my oan. Stiif. Lykas Riemer lis ik ien hân op 'e rêch en de oare op 'e rûning fan har stuten. Sa draaie wy stadich yn 'e rûnte. Ik doch de eagen ta en registrearje de swierte fan har holle op myn boarst, it bewegen fan de billen ûnder myn fingers, it glêde hier tsjin 't kin. Ik sweef, kom los fan 'e flier, los fan 'e minsken om my hinne. Los fan mysels. Der bestiet neat oars mear as de muzyk en dat iene lichem, deun tsjin my oan.
‘Tiid foar Rock en Roll!’ raast ien fan 'e diskjockeys ynienen. ‘Hjir is de Golden Earring mei Radar Love!’
Mei in klap bin 'k werom op ierde. Hilly lit my los. Ik wol wat sizze, mar wit de wurden net te finen. Sandra en Riemer binne ek útdûnse, hy lit it fleske nochris rûngean.
Rûzich fiel ik my. Dwyl. Mar ek fleurich. Hilly lûkt my oan 't bloeske. ‘Wat stiesto te gnyskjen?’ ropt se. ‘Slachst de gek mei my?’
| |
| |
Nee, skodholje ik, nee, nee, nee.
Se krijt my by de earm en triuwt my fansiden; dêrnei, yn ien floeiende beweging, fiel ik har lippen op mines, har tonge yn 'e mûle. Us tosken reitsje inoar, licht, as porsleinen flinters.
Nei de siken gapjend lit ik har los. No wol ik dûnsje, wyld, ik wol my tjirgje as in bist. Ik begjin op en del te springen, mei de holle te slaan. Hilly en Sandra bliuwe stean, mar Riemer docht mei, hy springt ek en laket, stompt my tsjin 't boarst, raast sa lûd as er kin de tekst fan Easy Livin' mei, Since you've taken your place in my heart.
Nei ôfrin fan it nûmer krûpe wy mei ús fjouweren yn in hoekje op in bank. Der binne no folle mear oan 't dûnsjen, sadat der genôch sitplak is. Riemer en Sandra begjinne fuortendaliks te frijen. Oan syn meneuveljen te sjen hat er it faker by de ein hân, dy maat fan my. Troch syn help sit ik hjir. Mei Hilly. Har hân leit waarm op myn knibbel. Ik ha 't gefoel dat ik barste sil, ik moat wat dwaan, spring oerein en freegje oft se wat drinke wolle. Dy oare twa hearre my net iens, mar Hilly seit okee, cola. Troch it ljocht yn 'e hoeke falt it my op dat har lippestift in bytsje útsmard is. It jout har in wrede, roppige útdrukking. Even is se ûnhuer, mar dan knypeaget se en is it momint foarby.
Ik draai my om en set koerts nei de bar. As ik einlings in plakje bemachtige ha om myn bestelling te jaan, fernim ik dat Marja neist my stiet. Hee, sis ik, mar se keart my de rêch ta en skoot in eintsje by my wei. Ferheard sjoch ik Paul oan, ús gymnastyklearaar dy't achter de bar omspaant. Dy lûkt oan 'e skouders en freget wat ik ha wol.
Krekt foar't ik werom by 't bankje bin, stompt ien my oan. In grutte gjalp cola snjittert my oer de broek. Mei in klap
| |
| |
set ik de glêzen op 't taffeltsje. Ferdomme. Krekt no. De linkerskonk is plakkerich, flakby 't krús. Ik sjoch dat Hilly sit te laitsjen. Se laket my út. Ik hoech dy grif net te fertellen wêr't dat op liket, seit se, as ik njonken har sit.
Op slach is myn goeie sin ferdwûn. Ik wit net wat ik oan 't dwaan bin, mei dat fanke net lije, ek as is se ien fan 'e himmelsten fan skoalle. Wrokkerich nim ik it heal-lege glês en drink. Sûnder Bearenburch smakket it tin. Ik freegje Riemer oft er noch wat oer hat. In stealtsje, seit er. Hy jit in bytsje yn 'e glêzen fan 'e fammen, set it fleske oan 'e hals en jout my dêrnei it lêste. Sadree't ik it op ha smyt ik it fleske by Riemer op 'e skurte, lis in earm by Hilly om 't skouder en begjin mei har te frijen. Rûch. It duorret net lang of se triuwt my fan har ôf. ‘Jezus, wat skeelt dy,’ seit se, ‘even rêstich oan, ja?’
Dat wol ik wol. Rêstich oan. Alles draait my. De muzyk bûket as in heipeal yn 'e kop. Ik azemje djip yn. Ut. Sjoch al dy liven, hollen, mûlen dy't laitsje, prate; meiprevelje mei de klanken dy't Explosion oer ús útstoart.
As by in rêstiger nûmer al dy liven wat fan inoar wike, sjoch ik oan 'e ein dêrfan Fardou stean. Se linet tsjin 'e muorre, har rjochterskonk foarmet in trijehoek. Neist har stiet in jonge út 3D. Hy linet ek tsjin 'e muorre, nonsjalant, de earm flakby har holle. Se binne drok yn petear, alteast, hy praat en sy harket. Ik kin de eagen der net ôfhâlde, fiksearje my folslein op 't tafriel. Op in stuit tilt Fardou de holle op en moetet, oer 't skouder fan har prater, myn blik. It duorret en duorret. Der is wat yn har stoarjen dat my net oanstiet, ûngerêst makket. Ik fiel my beroerd, strontberoerd.
It is oer tolven. Ik sit bûten op 'e stoepe te wachtsjen oant wy ophelle wurde. Riemer nimt ôfskie fan Sandra. Wêr't Hilly keard is wit ik net.
| |
| |
Krekt mei't Fardou deroan sjokseljen komt, hâldt in blauwe, ivich mei drek bespatte Opel Rekord by 't trottoir. Dêr silst mem ha.
‘Sa jongelju,’ seit heit, as wy de doarren iepen dogge, ‘jim' binne útfeeste?’
‘Ik miende dat mem ride soe,’ seit Fardou, dy't foaryn sitten giet.
‘Dat soe ek,’ antwurdet er, ‘mar se kriich in migrêne-oanfal en is op bêd krûpt. Sadwaande. No, ha jim' it wat nei 't sin hân?’
Dat is 't startsein foar Riemer om him ris noflik mei heit te ûnderhâlden oer fan alles en noch wat. Hy hinget tusken de foarste stuollen yn, praat en praat, it lûd fan syn stim slingert as in spiraal om it piipjen yn myn earen. Heit syn kop slacht út en troch wat nei achteren, ûnder it útstjitten fan in sacht mekkerjen. Hy mei wol oer Riemer. Ik sakje ûnderút en lit it oer my komme. It is waarm yn 'e auto, ik kin de eagen amper iepen hâlde. Fardou hinget mei 't rjochter-skouder tsjin 't portier. Se sjocht ta it sydrút út, beweecht net. Yn it spegeltsje fan 'e sinneklep wurd ik, alle kearen as der ljocht yn 'e auto falt, har stûfe gesicht gewaar.
Ik moat spuie.
Neffens my wie it deselde jûn dat ik Slauerhoff ûntdiek. Foar Nederlâns moasten wy in gedicht oerskriuwe en ferklearje. Wy mochten it ha oer metrum, rym en strofebou; mar wichtiger wie it bleatlizzen fan it hert en 'e siel fan it fers. Ik hie wol faker op oantrún fan mem foar de boekekast stien - en ek wolris besocht om in gedicht fan dizze of dy te lêzen - mar oan no ta hie 't my neat sein. Ik fûn it gewoan te dreech.
| |
| |
Mar doe moast ik wol. Spitigernôch wie mem der net om my rie te jaan, dy wie nei ien of oare kursus. Mismoedich strúnde ik foar de smoarfolle kast om. Kar genôch, dat wol. Mem wie in oprjocht leafhawwer. Alle dichtbondels stiene byinoar, keurich op alfabetyske folchoarder. Claus, Roland Holst, Nijhoff, Du Perron. Slauerhoff. Dy kriich ik der út. In tsjokke sammelbondel. Ik blies it lytse bytsje stof fuort dat derop lei, en begûn deryn om te blêdzjen. Wat my foar eagen stie, wie in koart, en leafst sa ienfâldich mooglik fers.
Mei in djippe sucht liet ik my yn 'e stoel sakje.
Om in oere letter wer oerein te kommen, mei in gefoel dat it midden hâlde tusken opwining en ferheardens. Ferheardens om't der in soartemint knop omset wie dy't my de gedichten begripe liet, sadanich dat se my yn 't moed taasten; opwining fanwegen it idee dat der no in nije weareld lei te wachtsjen om ûntdutsen te wurden. Optein rûn ik nei myn keamer, keas in gedicht út en skreau it oer. Dêrnei hâlde ik my dwaande mei de útlis.
Doe't ik de opdracht ta 'n befredigjend ein brocht hie, soe 'k my dûse. Fluitsjend socht ik in skjinne ûnderbroek út it laad en toffele nei de badkeamer. Ik die de doar iepen.
Steam.
Hjitte.
En Fardou.
Neaken.
Hoe lang wie it lyn dat ik har sa sjoen hie?
Lang.
Ik registrearre alles, yn ien tel, ien herteklop. De hoedene rûning fan har heupen, net lytsbernich mear, boppe de lange skonken. It swarte flamke ûnderoan har platte liif; de stevige, blanke boarsten mei de hurde, donkerrôze spienen.
| |
| |
In net te kearen kaam kleure myn gesicht oant yn de hier-woartels. De betizing en de skamte dy't ik fielde waarden noch grutter om't se net reagearre, alteast net sa't ik ferwachtsje mocht, troch te razen en my de doar te wizen. Se gong troch dêr't se mei dwaande wie: it droechrossen fan har hier.
‘Do hast de doar net yn 't slot,’ sei ik, wêrby't ik krekt sa koel besocht te klinken as dat sy derút seach.
‘Fergetten.’
Ik wist net wêr't ik sjen moast. By einsluten keas ik in punt justjes boppe har rjochterskouder.
‘Tink dêr tenei even om, ja?’
‘Okee.’
Houterich draaide ik my om. Ferdomme noch oan ta, ìk wie net dyselde dy't neaken stie, en dochs fielde ìk my betrape, fan 't sintrum, ûngemaklik.
‘Hiest in protte húswurk?’
Ik bleau stean, de kruk fan 'e doar yn 'e hân.
‘Gong wol. Foar Nederlâns moast ik in gedicht ferklearje. Sadwaande ha 'k wat sitten te lêzen. Uteinlik ha 'k ien fan Slauerhoff nommen, en witst, ik fûn it ek noch moai. Wol âlderwetsk, mar dochs moai, hoe sil 'k it sizze...’
It prate nuver tsjin in tichte doar.
‘No, mei fiif minuten bist wol klear, net?’
‘Jawol,’ sei se.
‘Moai.’
Hastich glûpte ik de badkeamer út. It hert jage. De fuotten fielden oan as stopferve. Farske stopferve. It hie gjin sin en bliuw stean te wachtsjen, dus rûn ik werom nei de keamer. Ik die de radio oan en gie op bêd lizzen. Har neakene stal stie as in brânmerk op myn netflues. Ik wie mei mysels oan,
| |
| |
fielde my ûngeduerich, senuwachtich. Sels it dimmene, sfearfolle Albatros joech my gjin rêst. Ik sprong fan 't bêd en skode it rút op it wiidst iepen. Frisse jûnslucht. It wie al hast tsjuster.
Myn tinzen wiene as de nacht: foarmleas, ûngrypber; fol fan de dingen dy't je net sjen kinne, en miskien ek net fan witte wolle.
Al mei al gunde ik har in kertier. Doe't ik op 'e nij de badkeamer ynkaam en yndie leech oantrof, oerfoel my in lichte teloarstelling. Wrantelich, om't ik net begriep wat my fan 'e jûnes skeelde, strûpte ik de klean út en draaide de kraan iepen. Earst de waarme, dêrnei de kâlde. Ik sykhelle ferromme doe't de striel oer de lea klettere. It oanhâldend roffeljen fan de hjitte drippen ûntspande my, ferjage de ûnrêst dy't as fergif troch de ieren spielde. Mei de eagen ticht wie 'k oars neat as fleis en bonken, mei in bewustwêzen dat net fierder rikte as de sinnen.
Doe't ik fernaam dat de hannen ronfelich waarden, draaide ik de kranen ticht. Huverjend stoep ik út de dûsbak op 'e kâlde tegels. Mei 't ik in skjinne handoek fan 'e planke krije soe, foel myn each op 'e waskkoer. Dêr, boppe-op de steapel, lei de griene handoek dy't Fardou brûkt hie. Skrutel, as in pjut dy't stikem ta de pot mei snobbersguod sil, kriich ik him fan 'e heap en roek deroan. Aai-shampoo. Body-lotion. En, as de grûntoan fan in parfum, har lichemsgeur.
Ik snúfde en snúfde, oant ik der licht fan yn 'e holle waard. Doe, mei trage bewegings, begún ik my dermei ôf te droegjen.
|
|