| |
| |
| |
2
Swier fan in ûnbeneamber soarte elektrisiteit; in dize dy'tst net seachst, allinne mar fieldest. Dat wiene de dagen foar't wy fan hûs giene, Fardou, mem en ik. Nei pake Hero en beppe Antoinette yn L*, en har prachtige hûs oan 't wetter. Noait ien kear hat heit mei west. Te drok, kin net fan 'e pleats ôf, de waarberjochten bylkje goed, kinne wy in haal dwaan. Sels foar ús as bern wie it dúdlik dat er beslist net mei woe, gjin ferlet hie om op besite by de âlden fan mem. Dochs wie dêr altyd dy spanning foar't wy ôfreizgen, dy't er oprôp troch syn noartske hâlden en dragen, syn ûnútsprutsen beskuldigings tsjin mem oer, en, yndirekt, ek tsjin ús oer. Wêr't er ús sa swijsum fan beskuldige wisten wy net, en eins koe dat Fardou en my ek neat skele. Allinne mem pakte der alle kearen mei om, rûn troch it hûs as in fear dy't te strak opwûn wie. Sokke tiden makken wy ús ûnsichtber, soargen derfoar dat ús keamer opromme wie, net seurden; dat beide folwoeksenen gjin oanlieding fûnen om har ferhoalen ûnnocht en agresje op ús ôf te reagearjen. Foar ús wie 't balansearjen op in tinne tried yn 'e nok fan in sirkustinte. Sûnder fangnet.
Meastentiids lutsen wy ús werom op 'e heasouder, of, as ús besite yn 'e maitiid foel, yn 'e swietrook fan 'e frisse, griene fjilden. De oeren dy't wy sa tegearre trochbrochten wiene lang en soms ferfelend, mar joegen ús tagelyk in fielen fan lotsferbûnens en eksklusiviteit; fan in iensens dy't sels mem bûtensleat. Net earder as dat wy trijeresom nei de bushalte ta rûnen - en de senuwachtige spanning achter ús
| |
| |
lieten - waard se wer de minlike, evenredige persoan dy't wy koene, en har dêrmei tastiene om har plak op 'e nij yn te nimmen.
By de bushalte. Ik ha in donkerblauwe, koarte broek oan, grize knibbelhoazzen dy't ek echt oan myn knibbels takomme, in blauwe pullover mei twa hoarizontale reade streken oer 't liif. Fardou stiet njonken my, besiket mei de wiisfinger in hoekje fan in poster los te heljen, in kleurich gefal dêr't wurden as sleep-inn en protest op te lêzen binne. Hja draacht in oliifgrien jurkje en hat, krekt as my, sandalen oan 'e fuotten.
Mem is in toanbyld fan sierlikens sa't se yn 'e fierte stoarret, de hân boppe de eagen, om te sjen oft de bus der al oan komt. Ut en troch, as de wyn in bytsje oanhellet, sjochst har stal skerp ôftekene yn de tinne, linnenze jurk; de kontoeren fan 't boarst, har ferbjusterjend smelle mul boppe de rûning fan 'e heupen. In brede, bêzjekleurige bân hâldt it hier út it gesicht, teart it as in ljochte wetterfal oer de rêch. Mei har hege-hakkeskuon en laklearen taske hat se earder wat fan in Amerikaanse filmstjer as fan in boerinne.
As de bus der einlings is, komt de sjauffeur derút om ús mei de koffers te helpen. Mem glimket, fynt it blykber hiel gewoan. Se trêdet as in keninginne it gongpaad del. Dêr, wiist se de man oan, set se dêr mar del. Hy skoot de mânske koffers tsjin in sket en tikket tsjin 'e pet, klear frou. Se niget de holle, tankewol. Floitsjend krûpt er achter syn stjoer.
Fardou en ik sitte tegearre yn in bankje, mem nestelet har achter ús. It gûnzjen fan 'e dieselmotor is de ûvertuere fan in noflike en opwinende perioade, en lykas altyd ha 'k in nuver, mar hearlik gefoel yn 'e mage.
| |
| |
Ik hâld fan it fêste patroan fan dit útsje, it reizgjen. Earst mei de bus, en, as wy yn 'e stêd binne, fierder mei de trein. Op 't stasjon keapet mem wat lekkers, dat wy pas yn 'e kûpee opsnobje meie.
Ik sjoch nei bûten. Fardou linet in bytsje tsjin my oan. Hja genietet hjir krekt sa fan as ik. Wy binne fan 't selde lekken in pak. Under it riden hinget mem by ús oer 't bankje, hâldt ús foar dat wy ús fatsoenlik hâlde en drage moatte as wy by pake en beppe binne, net troch it hûs jachtsje, net raze en balte. Ja mem. Nee mem. Dizze preek heart ek by it patroan. Se fynt dat se it sizze moat, dat it by har taak heart. It hoecht net, want wy ha ús noch noait tjirge. Op ien of oare manier is it hûs dêr te grut foar, te steatlik; roppe de bewenners mei harren kalme gebearten en lykmoedige konversaasje in sfear op dy't it net tastiet om lûdroftich te tikboartsjen, by de trepleuning del te glydzjen of as cowboy en yndiaantsje troch de hal te stowen.
Op it perron. It is net botte drok. Mem is nei de restauraasje ôfset om foar harsels wat drinken en foar ús wat snobbersguod te keapjen. Wy mochten bûten wachtsje, salang't wy net om begûnen te dwalen. Dat binne wy ek net fan doel, om't der ferdivedaasje genôch is.
Flakby is in groepke minsken muzyk oan 't meitsjen. Hippys, neffens mem. Fardou seit dat se dat in moai wurd fynt, dat sy letter ek in hippy wurde wol, do ek? Ik lûk oan 'e skouders. Se sjogge der nuver út, lang hier, in protte kralen en kettings, sels de jonges. Allegearre rinne se op bleate fuotten. Twa fan 'e trije fammen drage frjemdsoartige jurken fol borduersel; de tredde hat in ôfknipte spikerbroek mei in bloeske oan, lykas de beide jonges. De muzyk dy't se meitsje fyn ik aardich. Se ha twa gitaren, in fluit en in tamboeryn,
| |
| |
en spylje fleurige ferskes. Op in stuit komme twa fan 'e fammen op ús ta, kom op, dûnsje! Ik skodholje fan nee, mar Fardou hipt al wakker mei. As ik fernim dat oare minsken stean bliuwe om it tafrieltsje yn har op te nimmen, skamje ik my. Miskien komt it troch de útdrukkings op al dy gesichten, fariearjend fan soargelik oant spotsk. Der binne guon by dy't myn suske útlaitsje om't se gek docht, en ik fiel dat de flammen my útslagge.
Mem is der wer. Se sjocht it hear ris oer, wankt Fardou, kom. Wy rinne it perron in eintsje del en gean op in bank sitten. Se seit dat it net slim is, mar dat wy likegoed foarsichtich wêze moatte mei frjemden, je witte it mar noait. Wat se dêr krekt mei bedoelt begryp ik net. Fardou kipet om har hinne, laket my ta. Ik laitsje werom.
It rûkt nei switsokken yn 'e trein, nei âlde sinesapelskilen en wiete handoeken dy't te lang yn 'e waskkoer lein ha. Ik snúf de geur begearich op en sykje fluch in plakje by 't rút, mei Fardou tsjin my oer. Sadree't de trein út ein set en gong begjint te meitsjen, partet mem it lekkers om. Fardou krijt in plestik strip mei kleurige kaugomballen, dy'tst der elk foar oar út drukke kinst. Ik krij in rôle auto-drop fan Red Band, krekt echte bannen mei in profyl. Foar harsels toveret se in pakje sigaretten út it taske. Thús rookt se net. Mei in tefreden sucht stekt se ien oan, blaast de reek skean omheech, dêr't my in lichte mentol-geur by yn 'e noas kringt.
Achter it rút flitst de weareld foarby. Huzen, beammen, bisten; alles komt foar 't ljocht om mar twa tellen te be-stean. De rêde opienfolging fan bylden hypnotisearret my, makket dat ik my in reizger yn 'e tiid fiel, lykas dy jonge út it ferhaal dat mem okkerdeis fertelde. Dy hie in masine boud dêr't er mei nei it ferline en 'e takomst ta reizgje koe. Sa belibbe
| |
| |
er de meast spannende aventoeren. No bin ik dy jonge, en Fardou is myn maat. Earst sille wy nei Egypte om te sjen hoe't piramides boud wurde, en útfine wêr't de farao's har skatten ferside bringe. Dêrnei wol ik nei de takomst, nei de koloanje op Jupiter om tsjin de bûtenierdsken te fjochtsjen.
Ear't ik it wit binne wy teplak. It muoit my dat de treinreis foarby is, mar de teloarstelling is samar fuort as ik by de útgong pake Hero yn 't each krij. Ik jou Fardou in dúst, kom! Tegearre stowe wy op him ta, hoi pake! Laitsjend slacht er de earmen om ús hinne. Pake is in grutte, grouwe bear mei in wyt burd, lytse glimmende eachjes en in platte rútsjespet. Hy rûkt nei piiptabak en âlde boeken. As er mem sjocht lit er ús los. Hy jout har twa tuten, drukt har stiif tsjin 't brede boarst, goeie reis hân? Mem knikt, bêst. Mei-inoar rinne wy nei de auto, dy't yn in parkearhaven skean tsjin it stasjon oer stiet te glânzjen. Pake docht de kofferbak iepen en leit ús bagaazje deryn. Sa, seit er, en no hurd nei hûs, jim' sille wol toarst ha, tink? As in hynder, antwurdet Fardou. Pake laket bolderjend. Hy fynt it moai hoe't wy prate.
Alle kearen dat wy it lêste eintsje fan de leane nei it hûs delrinne binne wy ûnder de yndruk. Oan wjerskanten fan it paad stean, keurich yn in rigele, yn perken sa sljocht as biljertlekkens, buksusbeammen dy't folslein rûn snoeid binne. Fierderop pronket in âlderwetske sinnewizer mei Romeinske sifers. It bordes nei de foardoar wurdt flankearre troch pylders, dêr't stiennen ballen op lizze. It gehiel makket in slim deftige yndruk. Sels it grint kriezet foarnaam.
Beppe Antoinette stiet ús yn 'e doarsiepening op te wachtsjen. As pake in bear is, is sy in flamingo: swierich, ôfhâldend; moai op in wize dy't net oan leeftyd bûn is.
Fanwegen it himmele waar stean de doarren yn 'e sêre
| |
| |
iepen. De grutten drinke tee mei huning, wy krije sitroen-limonade yn smelle, hege glêzen. Oan 'e westkant fan it hiem sjoch ik, tusken de beammen troch, hoe't de sinne diamanten op it wetter struit. Kommende dagen sille wy grif in kear mei pake te farren. Fardou set mei de foet ôf op 'e flier, sadat it reiden touterbankje súntsjes hinne en wer weeft. De beweging en de waarmte meitsje my sliepperich.
Wy sitte yn 't bad. It is de twadde jûn. Ik boartsje mei in boat, giele romp en reade kajút. Fardou hat twa eintsjes dy't se trúkjes dwaan lit. Beppe slacht yn 'e badkeamer om, leit handoeken yn 'e kast, hifket út en troch oft it wetter noch waarm genôch is. Se sjongt ek, wat klassyks, it klinkt moai. Nei in skoftke krij ik kramp, it snijt my troch 't liif. Ik moat poepe. Beppe hie my yn 't foar frege oft ik noch nei de wc moast. Doe hoegde ik net. No wol. Mar ik doar it net te freegjen. Beppe is aardich, mar bytiden ek strang. It swit brekt my út. De oandrang wurdt hieltyd sterker. Fardou hat neat yn 'e gaten, lit har eintsjes mei in salto yn 't wetter ploffe. Wie mem der mar. As ik it hast net mear hâlde kin, besykje ik eachkontakt mei beppe te meitsjen, mar dy wurdt myn wanhope net gewaar, se makket de spegel boppe de waskbak skjin.
Mei de eagen ticht ûntspan ik it ûnderlichem en ûntlêstgje mysels. Men heart neat. Dêr bin ik bliid om, it makket de ferromming noch grutter. Oant, as in skeind dûkboatsje, myn trochgong boppe driuwen komt. Ik wurd sa kjel dat ik my net mear bewege kin. Beppe stiet mei de rêch nei ús ta, poetst it glês mei lykmjittige halen. As se har aanst omdraait sjocht se it. It wetter is stienkâld.
Foar my oer spartelje de eintsjes ynienen net mear. Fardou
| |
| |
hat wat fernaam. Se docht de mûle iepen, stoarret nei it gefal dat tusken ús yn dobberet. Har eagen bin grut, yndonker. Der hinget har in drip oan 'e noas, dy't der no stadich ôffalt. Beppe seit sa, dat sjocht der kreas út. Op dat stuit slacht Fardou mei de iene hân plat op it wetter, wylst se mei de oare de loarte achter har it bad útkiperet. Net sa spatte fanke, alles komt derûnder. Beppe seit it sûnder op of om te sjen. Ik kin my hommels wer bewege, dikerje oer de râne fan 't bad. Neat te sjen. Fardou boartet al wer. It spjochtich boarst. De fine skouders. It lange, swarte hier dat tsjin 'e wangen plakt. Myn suske.
|
|