pen op nei de grutte boppeseal; de seal dy't Peter wol koe, want dêr hie de dûnsklub It Fiskersfamke spile en noch wat jierren earder hied er dêr nei foaren komme moatten om syn twadde priis by it hurdriden foar skoalbern oan te krijen. Berber wist net hoe't hja it hie. Wie Bouwe Caesar dan dochs ien fan dy profeten dy't eard waarden nei har dea? Hja seach de mannichte oer en koe der mar inkelden fan. Sels mei ferskate famyljeleden hie hja no pas foar it earst fûstke: Wybrich, Franke syn frou, Jantina, Rembertus syn frou, de twilling Jitske Alida en Alida Jitske, neef Douwe, de astronoom oer wa't Peter it gauris hên hie. Feyona, de douairière, hie hja fansels wol earder moete, in frou, min op 'e gong, mar mei de holle heech.
Mei mekoarren wie it, efter de lange tafel mei it gesicht op 'e seal, dochs noch in hiele famylje. Peter fearre op doe't er, krekt foar't de doar ticht soe, Anny Agema mei efter har Hermanna der noch ynkommen seach. Dat wiene de lêsten. Franke Hommema loek syn strik rjocht, gyng stean en tanke elkenien, dy't kommen wie om mei te dwaan oan de betinking fan in man mei singeliere jeften dy't sa ûnferwachte en sa ûngewoan oan syn ein kommen wie. Watfoar man wie Bouwe Caesar Hommema? Hy hie fiere wrâlddielen bereizge en wie op 't lêst dochs bedarre yn itselde Fryslân dêr't de famylje Hommema weikaam. Ien ding lykwols wied er altyd deselde yn bleaun: hy woe in boadskip bringe. De minsken rûnen om mei in tekoart en dat moast opfolle wurde. It wie net in stoflik tekoart, it wie in geastlik tekoart dêr't alle ûnfrede, alle oergeunst en alle strideraasje út fuortkamen. Kropotkin, de prins fan de anarchisten, wie syn profeet, mar neigeraden woe er yn syn ûngeduld sels de profeet wurde en socht er it geheim fan de bijen dy't ommers net witte fan striid en altyd har plak en har plicht kenne. En doe is er wurden as Ikarus út de Grykske mythe dy't himsels wjokken fan waaks makke en dêrmei te tichte by de sinne kaam, sadat it waaks raande en hy yn 'e see foel. Der is in ferneamd skilderij fan de skilder Piter Breugel dêr't dat op te sjen is, fierwei: de skippen farre troch, op it lân ploegje de boeren troch, de see weaget fierder en de wolken driu-