strui myn boadskip út, of soksawat; goed hat Berber it net mear ferstien. De boargemaster, de dokter en de fjildwachter wiene der doe ek en it hat noch in skoftke duorre foar't hja begriepen dat de bijen Bouwe Caesar stieken. Hy joech gjin lûd mear, de smelle man mei it wite hier, hy swaaide mei de earms en it kin wêze dat it noch heal machtleaze triomf-maneuvels west hawwe. Van Nauta flokte fan ôfgrizen en dokter Groothof rôp: de man giet dea.
Fjildwachter Davelaar stoarre nei it taferiel mei wiid iepene panyk-eagen.
De iennichste dy't it berie noch wat by har hie, wie Berber. In amer wetter, rôp hja en stau yn 'e hûs. Davelaar smiet efkes letter fan sa'n feilich mooglike distânsje it wetter oer Bouwe Caesar hinne.
Noch in amer wetter kaam der oan te pas; ûnderwilens wie Bouwe Caesar al yn mekoarren sakke. De swerm wie ynienen fuort, mar de grûn lei fol mei heal deade ynsekten en in inkel bistke kroep noch oer Bouwe Caesar syn feale troanje. It wie stil wurden.
Dokter Groothof, kjel sa't er faaks noch net earder west hie, bûgde him oer it lichem hinne, betaaste it en fielde de pols. Doe seach er op nei de oaren. It hert stiet stil. De man is dea.
Sixtus van Nauta hat letter dokter Groothof ferwiten, dat hy de moarns net op 'e tiid wie; dokter hat de boargemaster sein, dat de hiele saak al in dei earder sûnder ûngelokken berêden west hawwe koe as dy Davelaar mar in bytsje yn him hân hie fan it ferstân en de moed fan Hette Kromsigt.
Doe't Peter thúskaam, syn rapport yn 'e hún, wachte Anders van Keimpema him foar by de reed op en sei dat der wat mei heit bard wie. Yn 'e keamer by mem mei in beskriemde troanje died er it ferhaal, sa goed as er it heard hie. Hy fertelde dat it omskot fan heit nei it sikehûs oerbrocht wie foar in neier ûndersiik. Sokke deaden binne seldsum, Peter. Hja hawwe by har libben tefolle wollen en te heech grypt. Syn geast koe alles net mear ferwurkje, hy hat noch nuvere dingen dien, mar dû moatst him wol yn