| |
| |
| |
Unheil op hannen
Dokter Groothof kaam krekt thús, doe't er Goaitsen foar syn hûs suver fan de fyts ôfrôljen seach. Mei lijen krige er de man yn de sprekkeamer. Hy stelde fêst, dat de skouderbonke goed stikken wie. Ik skilje even foar in auto Goaitsen, jo skouder moat yn it sikehûs yn it gips en der moatte foto's nommen wurde. Ik tink net, dat der noch wat oars is, mar it moat even besjoen wurde. Hoe hawwe jo dat hân? Goaitsen, noch mar amper wat bekommen, die wat stammerjend syn ferhaal: de stien dy't út de beam foel, doe't er in tried rekke hie. Opsetsin dokter. Hommema rôp my by him, dat die er oars nea. Hy hie it al lang op my fersjoen en ik hie jimme mear as ienkear warskôge. Mar jimme woene net harkje. De man is net los betroud. Hy moat hjirwei, wa wit falle der oars deaden. Earder hat er alris drige my dea te sjitten as de bijekasten weihelle waarden.
De man is geastlik wat op 'e doele, Goaitsen. Dokter fielde him net noflik. Hy wist dat it foaral syn wurk wie, dat de bijekasten by it hûs fan Hommema stean bleaun wiene. Mar as se weihelle wiene, wat wie dan bard? Wy sille no maatregels nimme, Goaitsen. Sa kin 't net langer.
Goaitsen frege oft er lang yn it sikehûs bliuwe moast. Dat mei my net barre, dokter. Hy tocht oan syn kij en al it oare wurk dat er de kommende wiken út 'e wei sette moast. Dokter ornearre, dat Goaitsen bêst de oare deis al wer thús wêze koe; mar hy mocht yn in wike of fjouwer gjin ark oanreitsje. Jo moatte help hawwe en oer it jild hoege jo net yn noed te sitten. Dat regelje ik wol mei notaris. Soe jo frou even mei kinne? Suster Landmeter is wat út stel, mar de kommende tiid helpt dy jo wol.
Goaitsen sei dat Gelske om dizze tiid oan it melken wie; dokter stjoerde der dochs mar in jonge hinne en in kertier letter wie hja der al, kjel, mar fiks en beret. Dokter lei it har gau út: de skouderbonke stikken, it hie helte minder kinnen, mar it wie ek net yn in sucht better. Gelske, mei in pear triennen yn 'e eagen, rôp dat
| |
| |
hja it thús wol rêden, Joukje, krekt út skoalle, siet al ûnder de kij; en doe wie de auto der ek al. Hja setten Goaitsen der yn, Gelske dy't bearde dat hja har net iens ferstrûpe kind hie, krige in brief mei en dokter sei, dat er it sikehûs skilje soe. Goaitsen fertelt jo ûnderweis wol wat bard is. Ik praat ek mei notaris. En mei de boargemaster, tocht er; mar dat sei er net. Want feitlik moasten daliks maatregels nommen wurde.
Mar Sixtus van Nauta blykte net thús te wêzen. Nei Ljouwert, seine hja op 'e siktarije en it koe wol jûn wurde ear't er werom wie. En notaris wie op in ferkeaping. Dokter Groothof woe it gefal net sa lang ûnder him hâlde en sa ferfoel er ta fjildwachter Davelaar dy't ûnthjitte de kwestje mei de boargemaster te besprekken sa gau't it koe. Kinne jo sels net earst ris nei Hommema foar in ûndersiik? Meinema hie dea wêze kinnen. Mar dat like Davelaar dochs net goed ta. It koe wolris in kwestje wurde fan frijheidsbenimming en dat wie de boargemaster syn foech. Just, jawol, sei dokter en hy koe himsels der mar krekt fan wjerhêlde om te sizzen, hoe spitich it wie dat Kromsigt der net mear wie. Mar Davelaar moast yn alle gefallen soargje dat Goaitsen syn ferklearring opnommen waard, by need yn it sikehûs troch in oare polysjeman, want dy wie daliks nedich.
Fan gefolgen kaam der dyselde deis gjin dalje mear op Bouwe Caesar syn oanslach. Hy hie der Berber neat oer ferteld. De jûns sleat er him op yn wat er syn laboratoarium neamde. De doar wie goed ticht en dochs rûkte it oant yn 'e hûs. Berber hie fansels wol murken, dat der wat mei him wie en doarst, salang't er net nei bûten kaam, net op bêd te gean. It wie al djip yn 'e nacht, doe't hja him einlings kommen hearde. Yn it lampeljocht like syn troanje nuver reafallich en yn syn eagen baarnde in frjemd ljocht. Wês bliid, Berber. Moarn is it de grutte dei, de dei fan de ferlossing. Moarn kinste jubelje, want dan sjochste de profeet en hearste syn stimme. De grutte harmony, Berber, de minsken lyk as de bijen: elk wit syn plak en syn plicht, elkenien wurket foar allegearre, der is gjin hate mear en gjin oergeunst. Kropotkin hat it beskreaun, mar ik haw it elikser fûn. Oer in pear oere,
| |
| |
dan..., dan..., Bouwe Caesar woe noch mear sizze, mar fûn gjin wurden. Hy wraggele nei de sliepkeamer as in dronken man en foel mei de klean oan op bêd, in spoar fan wûnderlik swiete en bittere rook efter him littend.
Peter kaam fan boppen; hy hie wat heard. Mem siet skriemend by de tafel. Twa oere sloech de klok yn de keamer, der wie bûten wat fier gerop fan ûnrêstige strânljippen. Wat is der mei heit, mem? Berber fage de triennen ôf. Fier mis, Peter. Hy tinkt, dat hy it geheim fan de bijen ûntdutsen hat; hy tinkt, dat hy in profeet is. Sa kin it net langer, Peter. Peter, wat moatte wy dwaan? Ja, wat soe Peter sizze? Hy skode wat op syn stoel om. Mem, hy docht dochs nimmen kwea? Nee, tochte Berber. It wie sawat it lêste strieke om oan fêst te hâlden. Peter, hy sei: moarn is it de grutte dei.
Neitiid koe Peter ek net goed mear sliepe. Der kaam in tongerbuoi oer mei wat dompe slaggen en in fikse snjit reinwetter. In klyster fluite yn de iere moarn en op de boerehiemen kraaiden de hoannen. En doe hearde er heit fan bêd kommen. Dy woe grif ier yn 'e wapens wêze op 'e grutte dei, tocht Peter en hy fielde him frjemd ferwêzen. Ek mem hearde er no. Seis oere sloech de klok.
Peter koe der lang net ta komme om ek fan bêd ôf te gean. Heit wie no efterhûs oan it heisterjen, hy like te skowen oan in swier ding. Wat moast men begjinne mei sa'n man? It wie foar Peter de dei fan it rapport heljen en it begjin fan de fakânsje. It like skoan foar him: in njoggen foar skiednis as heechste sifer en nei alle gedachten noch in seis foar wiskunde as leechste. Hy woe dy útsetter net misrinne. Hy fielde gjin oanstriid om te sjen wat heit die en om him te helpen. Sûnt er dy feech oer it wang krige hie, like it him mar better en lit heit syn eigen nuvere wegen gean. Soe heit nei Frjentsjer moatte? Dêr hied er feitlik noch net iens sasear oan tocht; en wêrom soe it? Doe't Peter op 't lêst, kreas oanklaaid foar de grutte dei, syn grutte dei, yn 'e keamer kaam, sei mem, dat heit him al wer opsletten hie. Hy hie besocht bûten in fjurke te stoken, mar dat wie net slagge. It wie fansels allegearre
| |
| |
fierste wiet. By it fuortfytsen seach Peter noch krekt, dat by de reed in auto hold. Mar wa't der útstapten seach er net mear.
Twa man gyngen de reed del: boargemaster Van Nauta en syn eksteur Davelaar. Ferstannich dat jo der net allinne hinne gien binne, hie Van Nauta tsjin Davelaar sein. Hjir moat ik as helpofsier van justysje sels by wêze. Berber, mei kjelle eagen, sei, dat har man net te sprekken wie; hy wie dwaande mei wat wichtichs. Van Nauta sette in heech boarst op. Neat mei te meitsjen, wy moatte him hawwe fanwegen in misdriuw tsjin it libben fan Goaitsen Meinema. It rûn Berber kâld oer de lea. Dêr, yn de skuorre, dêr is er. Van Nauta hoegde net mear as ien raam op 'e doar te dwaan. Dêr kaam Bouwe Caesar Hommema al, in glim op 'e lippen. It gesach, hie ik tocht. Krekt, sei de boargemaster. Wy wolle ûndersykje, hoe't juster samar in grouwe stien út in eskenbeam falle koe, doe't Goaitsen Meinema der ûnder rûn. Bouwer Caesar knikte. Ja just, dat hat my ek nuvere nij dien. Mar hjir komt wolris frjemd folk.
Davelaar hie ûnderwilens mei in stôk yn in bulte farske modder prike en sa al daliks de stien fûn. Farsk bedobbe, Hommema, sei Van Nauta. Gean mar even yn 'e hûs, wy sykje noch wol wat fierder. Och, Bouwe Caesar wie gjin misdiediger fan profesje. In eintsje efter it skuorke, ûnder wat rommel en âld blêdespul, leine in soad katrollen, in bosk sterk tou en in platte koer, alles heal ferskroeid. En yn it gers, efter de eskenbeam, fûn Davelaar noch in stik tried dat oan ien kant fêst siet oan in rûn stikje metaal yn it hout. It misdriuw liet him no skoan rekonstruearje. De stien wie yn in koer mei wat katrollen nei boppen takele, dêr op in tûke lein en doe sa skood, dat in lyts stjitsje tsjin in tried genôch wie om it ding falle te litten. Bouwe Caesar wie al wer yn it skuorke, dat er syn laboratoarium neamde, mar Van Nauta koe mei it stik tried ek better by Berber terjochte. Ha jo hjir mear fan? Berber, goesloof en noch altyd net it krekte fan de saak wittend, beseach it en sei sûnder euvelmoed: ja wis, dêr haw ik wol mear fan. Wolle jo wat hawwe. No nee, dat hoegde net. Van Nauta wist no wol genôch.
| |
| |
Doe't it safier wie, moast Bouwe Caesar wol yn 'e keamer werom komme. De frjemde rook hinge wer om him hinne; Davelaar moast der suver fan kochelje. Hommema fernaam it en sei, dat hy de lêste hân lein hie oan in ûndersiik dêr't it hiele minskdom troch feroarje soe. Mar der hiene minsken west dy't it opkeare woene en besocht hiene om him te steuren en te hinderjen yn syn wurk. En sjoch hearen, dat moast ik fansels yn it algemien belang tsjinkeare. Hy ferrette einliks himsels, mar doe't Van Nauta ornearre, dat hy dus de stien yn de eskenbeam tôge hie, spile er ynienen de heechmoedige: dat soene de hearen dan dochs bewize moatte. Der wurdt foar my oer fierste min respekt yn acht nommen, elkenien rint mar oer myn hiem en dan is it net te ferwûnderjen dat der ris wat ûngerjochtichheid bart. Sa'n Meinema ek, dy hat tefolle yn akte. Dat hy arbeider is, dêr is er net minder om; mar geastlik oerwicht moat er achting foar hawwe en dat hat er nea net hân.
Goaitsen sit yn it gips, sei Van Nauta. Faaks is er noch net iens thús út it sikehûs.
Bouwe Caesar die ferheard. Dat is net sa moai. Ik sil gauris nei him ta.
De boargemaster tocht, dat it sa wol genôch wie. Dokter Groothof moast de lêste gegevens hawwe foar syn ferklearring en dan kaam Bouwe Caesar grif daliks op transport nei Frjentsjer. Dat sei Van Nauta net; hy sei al dat hja no fuortgyngen, mar letter yn 'e moarn weromkamen. En Berber, dy't de mannen útliet en swijend it petear oanheard hie, krige by de doar de rie wat klean fan har man yn te pakken. Ja, sei Berber. Hja hie der no genôch fan begrepen om te witten, dat der neat mear oan te feroarjen wie.
Mar sa tocht Bouwe Caesar der net oer. Hark ris Berber, hja wolle my fansels helje en nei Frjentsjer bringe, mar ik bin harren foar. Ik bring it geheim fan de bijen út, ik besielje my der sels mei en ferspried it ûnder alle goedwilligen en likegoed ek ûnder alle opperteurs. Hja rêde it net mear; as hja komme is de geast fan de profeet furdich wurden oer my en ferkundigje ik de grutte har- | |
| |
mony oan alle kréatueren. Begryp no goed Berber: ik wit it geheim fan de bijen en nimmen kin my keare, gjin boargemasterke en gjin dokterke, as ik de segen dêrfan wrâldkundich meitsje.
|
|