gyng it dus ta by de grutte lju. Hermanna seach it him oan. Och Peter, brave Peter, wat kinste goed leare en wat witste in bytsje fan wat yn 'e wrâld bart.
Wolstû krekt wurde as jimme heit, Hermanna? Wolstû krekt wurde as jimme heit, Peter? Us heit is immen dy't safolle wit en wol, dat it der him no in bytsje fan trochrint. Ik haw wol achting foar him, sels al soe it net goed mei him gean.
Ik bin wat fekke-eftich Peter, faaks wurdt dat yn Lausanne oars, want dat is net it aard fan ús mem. Peter, ik haw noch nea sa'n wille hân as by dy reis mei de momkape.
Mei in man of wat waard noch in skoft fleurich mei de bal smiten. It wie waarm wurk, want it wie ynienen goed simmer wurden. Op 'e HBS wie it oer in dei of wat foar in pear moanne ôfrûn. De rapporten mei de meidieling oer oergean of net oergean leine al ree. Peter hoegde him gjin soargen te meitsjen.
Yn dy snuorje bart it dat Bouwe Caesar Hommema by de bijekasten winkt nei Goaitsen Meinema, dy't op 'e grientetún dwaande is. Dat docht Goaitsen wol nij, want dat hat Hommema noch net earder dien. It is him nammers al opfallen dat Hommema de leste wiken net mear sa ûnfreonlik tsjin him die. No winkt er him en hy ropt ek wat. Wat soe der wêze?
In pear bijestekken, ja, dat ropt er, hy skynt in pear bijestekken opdien te hawwen. As it oars net is. Goaitsen stapt der beret hinne. Hy moat ûnder in moai tichte eskenbeam troch en fernimt dat er tsjin in tried oanrint. Wylst er wat fansiden útwykt faLt út de beam in grouwe stien. Dy komt noch heal op syn skouder del en ploft dan op 'e grûn. Goaitsen fernimt in fûle pine, mar syn lilkens is ynearsten grutter, want hy hat net folle muoite om te begripen dat de stien fan nei alle gedachten wol sa'n fjirtich pûn foar syn holle ornearre wie.
Meinema, wat is dat? Bouwe Caesar seit oars nea Meinema. Elkenien seit Goaitsen, hy ek. Meinema, wat is dat? En dan lôget ferwoedenens yn Goaitsen op. Dat is in gemiene streek fan jo, Hommema. Ien amerij wol er de spjuchtige man te liif, mar hy fielt no ek foargoed de pine en wat soed er der mei opsjitte?