fansels. Dy man hjit Assurant. Ik ken him wol sawat. In solyd persoan. Ik wol him wolris nei mynhear ta stjoere.
Joldert is nidich. Mei dy sjit ik neat op. Hy slacht it portier ticht. Wat gerattel en dêr rydt de auto wer hinne. Peter hâldt him de lea stikken; soe hy by mynhear Assurant hâlde? Mar Joldert rydt troch, ynearsten alteast. Hja sjogge de auto de bocht omriden. Even is it wer rêstich. Peter, wat hat hy sein? Hy frege, oft ik dy sjoen hie. Hoe koe ik dy sjoen hawwe? Ik haw sein, dat mynhear Assurant fûl is op in fersekering, solyd en skaplik, mar doe ried er fuort.
In ein fierder stiet de auto wer yn de berm. Joldert is bang wurden foar de gefolgen, as er Hermanna net fynt. Mynhear Assurant sit op de fyts as in stânbyld. Peter set de foet op 'e dyk. Mynhear Assurant sei sakrekt, hy woe mei jo ek wol oer in libbensfersekering prate. Dêr hat mynhear op 't lêst neat mei te meitsjen. Peter, wêr is Hermanna? Sis it no mar. Der is wat fertwiveling yn syn lûd. Hermanna? Hoe kin ik dat witte? Mar dy libbensfersekering moatte jo noch alris oer tinke. Dy mynhear Assurant is sa beskieden, hy wol him net optwinge. Joldert mei in reade holle, preuvelt in flokwurd en klapt foar de twadde kear it portier ticht.
Noch ienkear komme hja lâns; de auto stiet wer en Joldert syn holle stekt troch it iepen rútsje. Peter ropt: mynhear Assurant sil jo wol wat papieren stjoere mei de tariven. Hy heart wat snuven efter de momkape, mar de bûtenkant bliuwt ûnferoare. Dan set Joldert op 'e HBS ta.
It ferhaal is dêrmei wol sawat út. Peter levere Hermanna ôf by in kammeraatske. Hja hie har ta de teannen út fermakke, mar moast har no ferklaaie yn it betinken dat alles net wer sa wurde soe as it west hie. It slagge har noch om yn 'e skoalle te kommen sûnder dat Joldert it seach. Yn 'e rin fan de moarn kaam in polysjeman by de direkteur om te freegjen oft Hermanna Camstra Simonides der wie. De direkteur die ûndersiik: ja, dy wie der, op 'e fyts kommen. Wie der wat bysûnders? De polysjeman stammere wat oer in telefoantsje, har heit tocht dat hja útnaaid wie,