Faaks moast der noch wat mongen wurde en men wist ek nea oft der netris ferkeard folk kaam yn syn laboratoarium dy't it spul bedoar. Ja mar Hommema, hoe kin der ferkeard folk by komme. As jo net yn it skuorke binne, dan slute jo alles dochs goed ôf? Hommema knikte en lake op syn skealike wize. Dat soe men al tinke, mar de fijannen binne liep, Berber. Dy hawwe ek har middels en 't giet op't lêst net om in aptekersdrankje. Myn elikser bringt de minskheid yn in heger stadium, der komt in ein oan alle ûnrjocht, oarloch, honger en pestilinsje. Dat is fansels gjin goed nijs foar minsken dy't fan sokke dingen bestean.
Bouwe Caesar prate mar troch. It gebrûk fan myn elikser moat ik earst noch útfine. Ynnimme sil wol it bêste wêze, mar it soe ek wêze kinne dat jin ynsmarre genôch is. As ik de kommende dagen wat mear wissichheid krij stryk ik my geregeld wat fan myn elikser op it gesicht en dan moatte jimme mar sizze hoe't it op jimme wurket. As jimme hegere gedachten krije en as jimme de grutte harmony foar jimme oprizen sjogge, dan is it safier.
De kjellens stiigde benearjend yn Berber op. Soene jo no net earst de ensyklopedy oer de bijen ôfmeitsje? De fersprieding fan de opfettings fan professor Rollingswier koe ek noch helte better. Pak dat wurk dochs earst oan! Jo moatte wat oppasse Hommema; dokter Groothof hat in skalk each op jo.
Der baarnde ynienen wer in skerp lampke yn Bouwe Caesar syn geast. Ik wit it, dokter Groothof soe my wol opslute wolle, by him bin ik in keardel dy't it trochrint. Leau my Berber, dy dokter stiet ek oan de ferkearde kant, mar ik bin myn fijannen foar. As myn útfining folslein is en de grutte dei kommen, dan binne der grif oaren dy't opsletten wurde moatte: de ûnleauwigen, de dôfhûdigen, de opkearders. Ik doch nimmen kwea en de dagen dy't ik noch nedich haw, moatte hja my wol rinne litte. As ik myn elikser haw, bin ik de profeet, ek foar dokter Groothof, ek foar Gjerryt Veldema.
Hy gyng de doar út en Berber wist no foargoed dat it net doogde. Underwilens kaam Peter thús. En dêr wie Bouwe Caesar ek wer, in potsje yn 'e hân. Even besykje, even besykje. Hy smarde spul