gedienens. Dat hy fereale wie op Hermanna, kaam dus net fan har leavens. It betinken dat hja fuortgyng drukte him wee en near op 'e mage as naam hja in stik fan himsels mei.
Ik sil dy al misse, Hermanna. Hy die in hân foar it each dêr't in trien út weislûpe woe. Der loek in glim om Hermanna har lippen. Doch net sa sentimenteel, Peter. Dû rêdst it folle better as ik. Dû kinst dy frank en frij bewege, dû giest ankom jier op 'e stúdzje en krigest in keamer yn 'e stêd. Ik bliuw ôfhinklik fan âlden dy't net mei mekoarren kinne en dy't yn noed sitte om har jild. Fansels, it is al spitich, dat wy net mear sa'n Assurant-grap úthelje kinne.
It rommele wat yn 'e fierte en der foelen ynienen grouwe drippen. It wiene de hûnsdagen. Hja moasten gau sjen om yn de grutte jachtweide te kommen, dêr't it yn in sucht hielendal fol wie. Hermanna seach troch de ruten. It spielde no bûten. Ik hie oars graach even mei dy de bosk yn wold. Mar dat kin no fansels net, alles is kletstrochwiet.
Der stiene rûnom puozzen doe't hja weromfytsten. Ik sil dy skriuwe, Hermanna. Mar dû moatst ek weromskriuwe. Hermanna like net sa optein. Ik moat fansels al wer leare op myn lycée, ik wit net oft ik it oan tiid haw.
By it Mienskar ried Joldert krekt de auto op 'e wei. Hy stapte út doe't er Hermanna en Peter seach. Net trochfytse Peter, rôp Hermanna beret. Set dyn fyts tsjin in beam. Joldert sei: goed dat jo der binne Hermanna. Ik moast sjen wêr't jo bleauwen. Hermanna treau him har fyts yn 'e hannen. Goed fêsthâlde Joldert; en no kinne jo wat oerfertelle. Hja sloech Peter de hannen om 'e hals en treau har troanje tsjin sines. Peter, dû bist de aardichste jonge dy't ik ken. Ik sil altyd oan dy tinke. Peter woe har in tút jaan, mar wist net oft dat wol goed slagge.
In amerij letter wie Hermanna fuort en Peter, stadich nei hûs fytsend, frege him wat ferbjustere ôf, oft hja har hert sprekke litten hie of dat hja allinne Joldert werris wat foar de kroade ride wollen hie. En wat hie hja dwaan wollen yn 'e bosk by It Jagershûs?