De bijekening
(1981)–Sjoerd van der Schaaf–
[pagina 141]
| |
wie net ien en al fleurigens; it kaam ek ta fjochterijen dêr't de marsjesee moai fûl op ynsloech. Ien man moast sels nei it sikehûs ta, in jonge grûnwurker dy't mei wat jild út Frankryk kommen wie. Dêr arbeide wol mear folk út it gea Trimbeets by in Fryske oannimmer fan baggerwurk. Jûns stiene der kammeraten fan him foar de kazerne te roppen: moardners, moardners. De man hie in klap mei in sabel oer it wang hân en wie nei in deimannich wat oplape wer thús; gjin moard dus, mar it bleau ûnrêstich. It deistich libben gyng lykwols gewoan syn gong, ek mei de setsjes en pretsjes. Der wie in papierwinkeltsje yn de Trimbeetster buorren dêr't ek feestartikels ferkocht waarden: lange noazen, healwize huodsjes en mear fan dat spul. Dêr kocht Hermanna Camstra Simonides op in kear in wûnderaardige momkape: in reafallige troanje mei in snoarke en, it moaist fan alles, in blikken briltsje op 'e noas, kompleet mei in keatlinkje. Wat hja dêr yn earste opslach yn seach, hie hjasels sa net sizze kinnen, mar hja hie wol foar de geast dat men mei sa'n ding fan alles útheve koe. Thús liet hja it oan nimmen sjen, mar doe't rippeteard wurde moast foar in toanielstikje dat opfierd wurde soe op in fleurige jûn fan de kuorbalklub, naam hja it goed ynpakt mei. Peter moast yn dat stikje in dokter spylje dy't op in deftige toan en mei in soad gelearde wurden alderhanne nuvere ried joech. Efter it toaniel helle Hermanna de momkape út de doaze. Set dy ris op, Peter. Net sizze dat it ding fan my is. It tsjin gjinien sizze! Efter de momkape waard Peter syn rol ynienen in glânsstik. Knypbriltsje op, knypbriltsje ôf, wetich ôfwaaid praat. Allegearre dy't der by wiene, laken har stikken. Letter op 'e jûn kaam ek Hermanna har heit, de beskermhear opsetten. Hy koe Peter syn rol skoan wurdearje. Wêr hastû dat ding wei, Peter? Dat, oh, dat haw ik tafallich fûn. Peter stroffele wat oer syn wurden: yn it bywêzen fan dy grutte hear fielde er him altyd wat ûnnoflik. Mar wat die dy Camstra hjir feitlik? It programma waard alhiel ynstudearre ûnder lieding fan Kuperus, de foarsitter; in betûft en sekuer man dy't mei syn koarte en dúdlike oanwizings de dingen goed yn de hân hie. As direkteur | |
[pagina 142]
| |
fan it bûterfabryk stie er ek heech oanskreaun. Sa'nien hie gjin ferlet fan in Hector Camstra Simonides by de tarieding. Hja wiene ek gjin freonen. Peter tocht, dat de man der wie om Hermanna wat ôf te skermjen fan it simpele en rûge naasje. Mar op in stuit loek Hermanna him oan 'e mouwe en sei: moatst ris sjen hoe't er gesichten lûkt tsjin Bontsje Hoogeveen. Moaie Bonny, dy louwene tutte. Peter, ûnbedoarn en frijwat ûnbeleard yn dit soarte fan dingen, seach Hermanna ferheard oan. Dêr leau ik neat fan. Mar hy paste no wol op en seach al gau hoe't dy twa nei mekoarren gljurken. Kuperus hie it fansels ek wol yn 'e rekken en wie net freonlik doe't Bontsje efkes letter har lytse rol yn it toanielstikje opsei as wie it in sneinsskoalle-ferske. Prate jo ek sa as in klant by jimme yn 'e winkel komt? Bontsje har heit hie in saak yn ûngeregeld guod. Bontsje moast har tekst wol in kear of fiif herhelje foar't it der wat op like. By Peter wie ûnderwilens in ljochtsje opgien: dus dêrom prate Hermanna altyd sa raar oer har heit; dus dêrom wied er op 'e rippetysje kommen en net allinne om Hermanna feilich nei hûs te bringen en hjir wat op har te passen, al hearde dat der faaks wol by. It like Peter ynienen alles net sa aardich mear ta en it lei him sa by, dat der wat drige. Yn dyselde snuorje kaam dokter Groothof by Bouwe Caesar Hommema. Hy hie in wink hân fan Gjerryt Veldema, it gyng neffens dy net goed mei Hommema dy't omrûn mei swolme fingers en mar min te brûken wie. Berber wie bliid, dat hja dokter seach, har man wie nuvere oerstjoer en woe net dat hja syn fingers ferbûn. Dokter makke koarte metten, hy wosk de fingers, die der wynsels om en sei dat Bouwe Caesar mar ris in deimannich wat lêze en wat kuierje moast en salang weibliuwe út syn laboratoarium. Skriuwe koe by need ek noch. Hoe fier binnejo mei jo bijeënsyklopedy? Bouwe Caesar seach him wat ûnwis oan. Yn it rûge sawat klear. Mar hy moat noch wat hoffene en beslipe wurde. Syn hân skode it stikken lêzen eksemplaar fan Het Leven der Bijen van Maurice Maeterlinck, dat er fan Anders van Keim- | |
[pagina 143]
| |
pema krigen hie, foarsichtich ûnder de papieren. Deselde hân pakte doe La vie des Abeilles, glânzgjend en sulverskjin. Maeterlinck, dokter, dy hat der wat fan begrepen. Mar myn boek bringt noch bjusterbaarliker dingen oan it ljocht. Dokter Groothof hie in swak moed op de bjusterbaarlike dingen fan Hommema. Net allinne Gjerryt Veldema hie him oan west, mar ek notaris Hiddinga, dy't Goaitsen Meinema syn lean betelle, foarsafier't Hommema him dat skuldich wie. Goaitsen woe de bijekasten by Hommema syn hûs wei hawwe; as it net barde koed er de gefolgen net op syn noed nimme. Dat wie dúdlike taal en notaris wie der frijwat ûntdien fan. Mar dokter achte dat middel slimmer as de kwaal; wat koe feitlik mear barre as dat Bouwe Caesar in pear stekken krige? Dat wie faaks heilsumer as de bêste rie; dan soe Hommema fierdersoan wol oppasse. En ynearsten wiene de bijen dochs yn de winterrêst. Kin it ek wêze dat jo tefolle haast hawwe, Hommema? Dokter frege it, op sprong om fuort te gean, mar doe krige er ynienen sa'n nuver ferhaal dat er noch wol even harkje moast. Ik haw tiid genôch, dokter mar de wrâld kin net wachtsje. Fan alle kanten driget it gefaar en ik bin oertsjûge dat der in middel is om de minsken ferstanniger te krijen. It is feitlik in skiekundige kwestje, de geast komt in beskate substânsje tekoart; kin men dy der oan tafoegje, dan wurdt er ree foar de grutte harmony. Dy substânsje, dat elikser, helje ik út de hunich en as it moat út de bijen sels, ik haw it no hast fûn. Maklik is it net, want ik haw fijannen, nee dokter, ik neam gjin nammen. En as ik it fûn haw, moat elkenien it ynnimme, yn goedens of yn lulkens. Dokter Groothof liet syn ferbjustering net skine. No Hommema, yn alle gefallen de earste dagen kalm oan. Mar op 'e reed loek er oan de skouders, tinkend: yn de goedichheid, salang't er mar nimmen kwea docht. De winter wie net oeribele kâld, mar wol wiet en smoarch mei riten fan rein, snie en kwakkelfroast. Alwer stie de wurkferskaffing wiken efter mekoarren stil en dat wie net bêst foar de arbeiders, nei de wetterwinter fan it jier tefoaren. De ûnrêst wie al gau | |
[pagina 144]
| |
te fernimmen by 't lingjen fan de dagen. Mar it hat alle eigenskip dat de stjit kaam út it fiere Ynje. Dêr waard it oarlochsskip De Zeven Provinciën kapere troch in oproerige bemanning; it gyng tsjin in koarting op 'e fertsjinst, mar algemien waard skreaun, dat der wol mear efter siet: nasjonalisme fan it brune farrensfolk en wa wit, kommunisme. Der wie in fûle rop om krêftige maatregels en de NSB bearde raar oer de sloppens en it ferkommen fan it foarhinne dochs sa heldhaftige Nederlânske folk. Doe foel in bom op it skip en like ynienen alles oer. Op it Mienskar waard de flagge hise, mar op 'e dyk sammele har wat oproerich folk dat rôp: jou ús te iten ynpleats fan bommen. Joldert wie der doe gau by om de flagge wer del te heljen. En doe't der, mei de maitiid yn sicht, neat feroare, rûn it goed mis. By hûnderten demonstrearren arbeiders út de hiele gemeente nêst har wrakke fytsen foar it gemeentehûs en der wie gjin Kromsigt mear dy't ferstannich mei de minsken prate koe. Sixtus van Nauta liet alle polysje komme dy't er ûnder him hie om't Davelaar mear bedoar as rêde. By Bouwe Caesar Hommema thús hie Berber alle muoite om har man by honk te hâlden. In skoft rôp er, dat er him ûnder de arbeiders jaan woe om har te fertellen dat de oplossing tichteby wie, mar Berber ornearre, dat dat mear it wurk wie fan domeny Grootjan. En frjemd genôch like Bouwe Caesar dat lang om let in stikhinne mei har iens en fansels, yn it iepenbier praten wie foar him in nuodlik ding lyk as er earder alris ûnderfûn hie. En ek sa'n domeny koe wat hawwe fan in profeet. Nei in deimannich fan wat ûnoarderlik protest kaam it yn de buorren fan Trimbeets ta in bollejeien yn de âlde styl: helje alle arbeiders út har wurk en tsjoch mienskiplik op tsjin de bolwurken fan it gesach. En wa't net yn goedens mei woe moast twongen wurde, mei drigeminten en strjitklinkerts. Doe't it safier wie krige Van Nauta syn polysjemacht ek help fan de marsjesee. Dat makke dat it folk wol ôfdeinze, mar it sammele him letter ûnder lieding fan inkelde Amsterdamske frije sosialisten op in pear sealen. Dy middeis waard besletten ta it hâlden fan in grutte de- | |
[pagina 145]
| |
monstrative gearkomste dêr't dan spikers mei koppen slein wurde soene. De ûnderste stien moast no mar ris boppe. De earmekas wie sa skyt-sunich, de wurkferskaffing betelle fierstemin lean; in man as domeny Grootjan koe ek net allinne mar berêsting preekje. Betrouwe en bidde, ja, geweld, nee. It evangeelje is altyd tûzen kear better as de revolúsje, mar de oerheid moat de revolúsje earder bestride mei rjochtfeardigens as mei sabel en wapenstok. En hongerlije is ûnrjochtfeardich. Wa wit hoefolle fan Grootjan syn folk dochs nei de grutte gearkomste ta woene; mar ûnderwilens kaam Van Nauta fanwegen. Op oantrún ek fan syn grutte Ljouwerter baas makke hy gebrûk fan syn foech as boargemaster: gjin gearkomsten, gjin geartropjen fan mear as trije minsken. En op 'e dei dat de grutte demonstraasje holden wurde soe, fagen sa'n fyftich man polysje de strjitten en wâlen fan Trimbeets skjin, sa as dat hjitte en dat wie ek de ein fan de opstân fan de machteleazen. Mar yn de kranten kaam de oerheid der net sa geunstich ôf en it wie neitiid wol mear as skyn, dat de earmekas dochs wat minder op in gûne seach en de wurkferskaffing in krom rejaler beleanne. |
|