Davelaar sil al hast sizze, dat hja net foar in skiep komme, mar Sikkink lûkt him oan 'e mouwe. 't Is stellen, seit Piter. Tsien hie 'k yn it lân rinnen en no binne der noch mar njoggen. Dat is ien minder, soe 'k sizze.
Davelaar freget, oft er ris yn de skuorre sjen mei. Piter laket wat heas: ha ha, der kinne jo alles ôfsykje, mar jo fine gjin skiep. 't Giet ynearsten om in gewear, seit Davelaar. Dat skiep, dat sjogge wy letter wol. Piter sjocht him skodholjend oan. In gewear, hie 'k tocht. Ik wit amper, hoe't sa'n ding der útsjocht. Mar gean jo gong. As de skuorredoar iepen komt, springt der in grouwe hûn út. Davelaar skrillet wat efterút. Set him fêst, sis ik jo. Piter jout in gebrûksoanwizing. As jo net bang binne, docht er jo neat. Mar ja, as jo bang binne, kin er jo in fikse gnau jaan. De hûn komt fêst oan in raffelich eintsje tou en grommet nou mei in lege bas. Davelaar hâldt him de lea stikken, mar hy hat gjin kar. Hy fielt ûnder it hea. Hy fielt by it reiden tek lâns. It bart moai hastich en net sa sekuer ûnder de driging fan in lilke dogge. Fine docht er neat.
Underwilens strúnt Sikkink wat om hûs en hear om. Der leit frijwat rommel lyk as op de measte hiemen oan de singel. Piter observearret it, sa't it liket, net mei folle nocht. As in jonge foarby fytst, ropt er dy wat ta en Sikkink nimt oan, dat it alarm no wol by de singel lâns gean sil.
It ûndersiik leveret neat op. Piter seit: Sake-bokkeprúk hat it skiep stellen. Wy ha deilis west. Hy wol hawwe, hy kriget noch jild fan my. Hy... Ynienen set Piter syn mûle op't slot. Hy hat him de kode fan de singel te binnen brocht, de âlde regel: neat oan de polysje fertelle, altyd it ûnder mekoarren útmeitsje. As de polysjemannen fuort sille, hat de hûn him ûnderwilens los wrotten en bliuwt noch even oan Davelaar syn broek hingjen. Piter lûkt him der daliks ôf. Sa'n boartlik bist, moatte jo rekkenje. Net oan Sake-bokkeprúk fertelle, dat ik him neamd haw. Fan fierren ropt er noch: as jimme it sizze, binne jimme noch net fan my ôf.
By Hamke, in ferneamde streuper, stiet in kloftsje manlju, swij-