haw ik de tiid om in faam op te jaan? Trije dagen, en sykje mar in kreazenien út.
Wie Hermanna al werom út Lausanne? Hja wie der, hy seach har by de tarissing fan de kuorbalderij. Der ferriisde in grut tintekamp en der moast ek plak makke wurde yn lege bûthuzen. Ek in stik of fjouwer fjilden moasten reemakke wurde. De beskermhear, de grutte Camstra Simonides rûn der wat mei in swart gesicht by om. Hy hat in min sin, sei Hermanna tsjin Peter. Hy hie mei west nei Lausanne, mar hja wiene sûnder har mem weromkommen. De reis hie gjin sukses west. Syn eigen skuld, lústere Hermanna. It hat neat skeeld of ik wie der ek bleaun.
Hermanna, wolstû mei my ringride? Ik moat der in famke foar opjaan.
Peter, hastû in hynder en in weintsje?
Ja, dêr ried Anders van Keimpema foar.
Ik wit net oft ik mei. Mar ja, jou my mar op, it kin my ek neat skele wat ús heit seit.
Letter op 'e dei seach Anders van Keimpema Peter skodholjend oan. Rekkenje dêr mar net op, Peter. Sykje mar gau in oarenien op. Maaike Meindersma hie oars wol wat west, mar dy is noch altyd net better. Mei Maaike siet it sjesa dat dy diftery hie, oerbrocht troch har mem, de goefrou, dy't de sykte by har droech sûnder der wat fan te fernimmen of te witten. Ek in kreamfrou hie it krigen, dat wie wûnderbaarlik goed beteard, mar Maaike hie al twa moanne har wurk net dwaan kinnen yn dokter Groothof syn apteek. Peter mocht Maaike ek net sa graach lije.
Ja mar Van Keimpema, Hermanna hat tasein, dan kin ik dochs net in oarenien sykje?
Pas op, Peter, hja seit nee as it te let is en dan stiest der nêst. Veldema en ik wolle fan tefoaren witte wat hynders der komme. Astû net op 'e tiid biste giet myn rún nei in oar en dat soe my ivich muoie. Mar der meie gjin ûngelokken fan komme. Veldema is o sa foarsichtich.
Gjerryt Veldema, in man van kwizekwânsje. It wie him dochs