sjogge him rinnen, ynbleke man mei wapperjend sulverskier hier. Hja moatte wol tinker dêr giet in profeet hinne.
Gjerryt Veldema hie wol yn 'e rekken, dat it net goed gyng mei Bouwe Caesar. It like him ta dat de heechmoed Hommema langer slim yn 'e macht krige. Hy wie gau ûngeduldich as Veldema by him yn it laboratoarium kaam en syn each gean liet oer de buiskes en de potsjes fol frjemde produkten. En der hinge altyd in nuvere lucht. Mar Veldema bleau net wei. Ik sjoch, jo binne drok dwaande, Hommema. Krije jo wol genôch rêst? Rêst, sizze jo? Rêste kin immen dy't fûn hat wat er siket. Ik ha it noch net fûn, mar ik sis jo, ik sil it fine! It is wichtich, Veldema, ek foar jo en foar de hiele wrâld. Ja, jo binne wolkom, mar altefolle kin ik net steurd wurde. Dan ferdwynt de konsintraasje, dan docht men de dingen net mear yn de rjochte oarder.
Veldema besocht it yn goedens. Ik haw wolris heard Hommema dat in minske it helderst en it iepenst bliuwt by wat ôfwikseling. Wat soene jo sizze as wy hjoed of moarn ris by de ekers lâns gyngen dêr't nêst mekoarren it gewaaks keunstdong en natuerdong hân hat. Dan binne jo ek efkes bûten, it is in rite mei goed waar en alles is op syn moaist. Hommema woe net ûnfatsoenlik wêze, de man bedoelde it fansels bêst. Mar men koe him fansels min útlizze dat as hy, Bouwe Caesar, syn elikser ienkear hie, alle misbegryp en ûnferstân gau ferballe wêze soene. Dan gyng de minsken wol in ljocht op en hoegde men de boeren net mear muoisum út te lizzen wêrom't hja dy keunstdong mar better yn 'e see smite koene, want dêr kaam in bytsje salt mear of minder der net sa op oan. Goed Veldema, dan moatte wy der mar ris hinne, mar net foar nije wike; ik sit no krekt mei in skiekundich kontinuperses dat ik net ûnderbrekke kin. Ik soe sizze, kom oer in dei of wat mar ris wer.
Dochs mar ris wer prate mei dokter Groothof, tocht Veldema. Hy hie in swiere mûtse op oer Hommema. Hy besocht noch al even it pratende te hâlden. Dat is dan ôfpraat, dan sjogge jo my ynkoarten hjir wol wer. Sjitte jo oars wat op? Hommema grommele earst dat hy net ûntefreden wie, mar doe woe er dochs wol