De bijekening
(1981)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 120]
| |
rij duorjend ûnnocht en argewaasje en al bleauwen de hjerstmerken foar alles wat polysje wie altyd weroan in fjoerprôve. Mar de lêste merken wiene foar in part ferreind en al hie Davelaar in kearmannich miend mei de gummykneppel driigje te moatten, it wie dochs ridlik goed beslein om't it roerich folk noch net wist hokfoar man it wie dy't it wapen heve. De skym fan Kromsigt stie noch moai lang as in beskermingel efter Davelaar, sûnder dat dy dêr euvelmoed yn hie. Mar dat koe net altyd sa trochgean. Yn de earste tiid wie Sixtus van Nauta, de boargemaster, aardich mei him ynnommen. De man woe harkje en wist syn plak; en dat wiene dingen dêr't it mei Kromsigt wolris oan hân hie. Dat hy der bytiden wat nuver Drintsk yn om stammere en yn syn relaaskes en perseskes net altyd de krekte wurden fûn, lyk as Kromsigt dat sa goed koe, mocht hinnebruie. Foar in polysjeman wie op 't lêst it tillen fan de pinne minder wichtich as it brûken fan de lea en it hantearjen fan de wapenstok. Hy wie ek in freon fan de bysûndere frijwillige lânstoarm, dat hy moast wol in echte tsjinstanner fan de revolúsje wêze. Fan Hette Kromsigt mei syn skriuwerij yn reade krantsjes stie dat hielendal net sa fêst. Der bleau lykwols ien ûnwis ding oer: Wie Davelaar wol in held? De man woe it goede; dat hied er wol bewiisd doe't er sa tige oanstien hie op dy streupers-razzia. Mar doe't dy razzia der wie, siet Davelaar thús om't er him gripich fielde. Jawis, frou Davelaar woe him net gean litte. Mar hokker fikse polysjeman bliuwt thús op oarder fan syn frou om't er wat hoasset of in rige bûsdoeken folsnút? Dat hie daliks it grutte punt west: doar Davelaar de misdiediger wol oan? Wie hy moedich genôch om him op 'e singel te fertoanen? Van Nauta hie yn Ljouwert hiel wat ôfprate en ôfpleitsje moatten en hy hie it sels noch nedich achte om Davelaar syn frou ris te ûnderstean. Dy hie him sein dat it in hiel inkelde kear wolris nedich wêze koe in al te iverige man tsjin himsels te beskermjen. Davelaar hie doe mei dy razzia frijwat koarts hân. In frommis mei de broek oan, hie hja ûngelyk? Van Nauta syn grutte baas hie op't lêst dochs goedkard dat Davelaar | |
[pagina 121]
| |
oerplakt waard út it fuottenein fan de gemeente wei nei it stânplak dêr't er sa op longere; in man mei sokke fertsjinstlike kwaliteiten moast men it foardiel fan de twivel gunne. Dy twivel wie der troch alderhanne foarfallen net minder op wurden by Van Nauta, mar fansels, de man moast wenne en him oanpasse. Doe kaam de nacht dat er troch de koer foel; it is in wat tragi-komysk ferhaal dat ferbûn is oan it ferkeapjen fan de earste pleats yn it leechlân. De klok stie op slach fan tolven doe't by Davelaar in telefoantsje kaam fan notaris Hiddinga: hy hie in ynbrekker ynsletten yn syn kantoar. Gau komme, ik tink dat er in wapen hat, ik stean mei myn jachtgewear foar de doar en bûten rinne de buorlju al mei kneppels wacht foar de ruten. Mar jo witte nea wêr't sa'n man ta yn steat is. Davelaar, goed kjel wurden, warskôge ek Van Nauta, alhiel neffens de ynstruksje. De tiden fan Hette Kromsigt, dy't de dingen leaf st allinne ôfdie, wiene foarby. Der hat letter praat fan west, dat Davelaar syn mânsk wiif har man neiroppen hat: tink om dyn frou en bern, mar dat is nea bewiisd. It hat lykwols al sa west, dat er net fol striidfjoer by notaris syn hûs oankaam. Yn frijwat huzen baarnde it ljocht en de strjitte wie fol minsken. Davelaar wynde him troch it folk hinne en sei sawat as: foarsichtich, foarsichtich. Sa'n rôver soe hinnegean kinne en sjit mar wat yn it wylde wei. En dan komt Sixtus van Nauta. Davelaar, ha jo in gummykneppel, ha jo in revolver; ja fansels. No, dan mar fiks der op los, helpers genôch! Fiks der op los: it swit brekt Davelaar út. Wy moatte in taktyk betinke boargemaster, as wy no ris yn 'e hûs tsjin de doar trapen en de lju op strjitte heinden de man op. Van Nauta betinkt it oars: lit de minsken bûten tsjin de ruten bûnzje en dan jo, Davelaar, ûngemurken de kaai fan it kantoar omdraaie en de man oermasterje mei in foarse sprong. Underwilens yn 'e hûs kommen sjogge hja notaris mei syn jachtgewear; hy seit wat dimmen, dat de man wol pakt wurde moat, want it is net wis dat de brânkast goed ôfsletten is en dêr sit de keappriis fan de pleats yn it leechlân yn. In aardige man, dy nijboer, ien út it Grinslanner Westerkertier, hja hawwe noch in sigaar smookt en in pear | |
[pagina 122]
| |
gleskes wyn dronken en dy iepene brânkast, och, witte jo, sa'n rêstich doarp, nea gjin dieverij. Woene jimme besykje om hjir yn 'e keamer te kommen. Dat slagget net, want de dief hat fan binnen de skoattel der op dien. Notaris praat wat sunich en skodhollet wat skealik; it is ek sa'n nuver gefal. Inkelde nachtravers hawwe ljocht sjoen yn it kantoar en op it rút tikke fan de sliepkeamer oan de oare kant fan it hûs. Mefrou hat it heard en notaris koe mar min wekker wurde; och nei sa'n gleske wyn, jo witte wol. Dat sadwaande, de man sit al in heal oere opsletten. Nei't er de doar skoattele hie woed er in finster opskowe en útnaaie, mar doe't er de minsken seach, begriep er wol, dat dat net trochgean koe. Ja, hy sil der ek wol troch in finster ynkommen wêze, dêr hat men net sa'n swier brekizer foar nedich. Davelaar stiet der wat ferwêzen by. In brekizer hat de man! In klap mei in brekizer... Mar oer Van Nauta wurdt de geast feardich. Hy slacht mei de fûst op de doar. Der út komme! Hjir binne polysje en justysje! Daliks! In wat rou lûd jout antwurd. Ik stjer leaver. Mear earst prip ik jimme allegearre oan it mes. As Hette Kromsigt dit heard hie, hied er de singel der fuort wol fan kennen en nei alle gedachten hied er ek wol witten mei wa't er te dwaan hân hie. Davelaar lykwols ken de singel mitsgaders syn folk net en it hert wurdt him sa lyts, sa lyts, jo soene it hast klopjen hearre kinne. Boargemaster, wy moatte ús yn acht nimme. Boargemaster, sil ik troch de doar sjitte? Mar Van Nauta is net sa foar sjitten, licht komme der smeulske stikjes oer yn 'e kranten; en notaris seit dat in kûgel raar wurk meitsje kin yn syn papieren, wa wit brân, hy moat der net oan tinke. Van Nauta nimt in moedich beslút. Davelaar, traapje de doar yn! Boargemaster, dêr hie ik einliks learzens foar oan hawwe moatten. Davelaar, doch it mar mei jo gewoane skuon. Davelaar tinkt, dat it om dea giet, mar hy moat wol. It is net iens sa'n hiele bêste doar, hy beswykt al by de twadde raam. Tagelyk rinkelet in rút en de dief is bûten. Dêr wurdt er ûnder lûd jûchhei opfongen, want sokke akkefytsjes binne net alle dagen te belib- | |
[pagina 123]
| |
jen. Der hinne, Davelaar! It is mar in behyndich mantsje mei sawat it rûchste hier dat yn jierren yn de Wâlden sjoen is. En dêr is Davelaar hymjend en swittend. Hâld him fêst, dan nim ik him de wapens ôf. Ut syn bûse komt net iens sa'n grut knyft. De arrestant ropt: dat hâldst net, smearlap, dat wol ik werom ha. Dan arrivearret boargemaster Van Nauta sels. Davelaar, doch him de boeiens oan! De boeiens, jawis; Davelaar moat der even om sykje. In stil amerijke en sjedêr, de arrestant lûkt him los en set de sokken der yn. Mar Davelaar is no wat moediger en rinne kin hy wol, mei in pear passen is hy efter de man oan en pakt him yn it hier. It is net de bêste greep dy't er ea dien hat. Wat er yn 'e hân hat is in prúk. De ynbrekker is ferdwûn yn it tsjuster. In scalp Davelaar, wurdt der roppen. Twa oere yn 'e nacht is it en it laitsjen droant troch de Trimbeetster buorren. Mar somliken hawwe de man sûnder prúk der noch krekt even fan kennen. It wie Jehannes Gerskrûper, sizze hja; no ja, Gerskrûper, is it net De Jong of Veenstra? Der wie wol wat te laitsjen dy nacht, mar notaris lake net. It jild wie fuort. Ja, hy hie soarchsumer wêze moatten, de brânkast wie wierlik iepen. Ja, polysje en justysje moasten wol soargje dat it werom kaam. Einliks hie nimmen hjir wat fan witte moatten, mar it wie fansels oer de hiele buorren gien en ek noch wol wat fierder. De oare deis stiene de ferslachjouwers by notaris Hiddinga op 'e stoepe. Hoe hie mynhear dat hân? Ja hoe hied er it hân? It wiene in pear minne dagen, want hy wie net sa'n slimme man en koe foar syn oansjen min tajaan dat hy in gleske wyn mear dronken hie as er wend wie. Hoe hied er it hân? It waard noch moaier: in dei of fjouwer letter wie it jild der wer. It wie mar in koart kranteberjochtsje: by in sekuer ûndersiik hie lokkich bliken dien dat gjin jild mist waard, de dief hie allinne de boel wat yn disoarder efterlitten. Wie dy man, dy't Gerskrûper neamd waard, wol in dief? It ferhaal rûn, dat de hûn de slúf mei jild efter it skriuwburo fûn hie en der mei yn 'e bek rûn, it hie hielendal net yn de brânkast sitten. Men hoecht fansels net alles te leauwen. | |
[pagina 124]
| |
Jehannes Gerskrûper joech him oan by de Ljouwerter polysje, neidat Davelaar op 'e singel allinne mar praatsjes en hún te hearren krigen hie. Polysje fan neat yn Trimbeets, sei Jehannes, dêr koene jo allinne mar om laitsje. Hy hie op notaris syn kantoar fergees socht om in skuldbekentenis fan sines, want as er dy fûn hie en yn de kachel dien, dan hied er gjin skuld mear hân. Doe, foar it earst, moat Sixtus van Nauta planút sein hawwe, dat Kromsigt bytiden dochs wol wat mist waard. |
|