tike filosofy ek slim te fetsjen wie. Lykwols, sa'n kwestje as de kar tusken natuerlike dong en sâlt koe dochs wol sa ferteld wurde dat der wat fan begrepen waard. De idee moast yn de geasten siedde wurde, it sied moast rypje en de rjochte oertsjûging kaam dan letter wol.
Wat Berber hearde yn syn keamer wie in sunich repetearjen, it sykjen fan de goede wurden en de krekte formulearring. Yn 'e nacht, as er wekker lei, ferbettere er faak himsels en dat makke Berber der net gerêster op. It moast dochs tagelyk kinne: de stúdzje fan de bijen en de aksje tsjin it sâlt. It waard maitiid: der kamen dagen dat Goaitsen mei in skalk each en in benypt hert Bouwe Caesar omstrunen seach by de bijekasten, dêr't krekt wer libben yn kaam. Mear as ienkear wie Goaitsen yn 'e wille en sis him wer ris, dat it sa net trochgean koe; mar ja, wat koe der winlik foar ferkeards barre? Goaitsen soe it sa net sizze kinne en begriep einliks net wêrom't er him de lea stikken hold.
En wierlik kaam Hommema yn aksje, mar ynearsten op in hiel oare wize as Goaitsen bang foar west hie. It wie op 'e dei fan de maitiidsmerk dat Bouwe Caesar Hommema, dy't oars amper fan it hiem ôfkaam, kreas ferklaaid nei de buorren sette mei it doel om op in kiste of soksoarte ding stean te gean om fan dy hichte de boeren de Rollingswier-stelling te ferkundigjen.
Dêr stapt er hinne, wapperjende wite hierren, meager, mei in wat ûnwisse gong. Ik moat der ris út, hat er tsjin Berber sein; it wiene hast Berbers eigen wurden, want hoe faak hie dy al net de rie jûn om der ris út te gean? No't er it dien hat, is Berber fol noed en soarch efterbleaun. Wêr wol er ynienen hinne? De minsken dy't er moetet sjogge him benijd efternei. Hy is net samar in sljochtwei man en hy leaut dat it folk dat skoan yn 'e rekken hat. Hy kipt der út, jawis, man fan goede famylje, belêzen, folideeën, kriget professors op besiik; dêr moat him wat fan oan te sjen wêze.
It moaie waar hat hiel wat folk nei de merk lokke. Opien plak yn de haadstrjitte is wat yn de grûn dold en is in fikse stienbulte lizzen bleaun. Moai gaadlik foar Bouwe Caesar, dan hoecht er gjin