| |
It gefal Bontsje Hoogeveen
Dit wie it jier fan de feroarings, mar dat soe Peter pas letter witte. Begjin maaie waard er by notaris Hiddinga ûntbean: skoalrapport meinimme! De sifers wiene goed en doe't notaris se bestudearre hie sei er, dat Peter der wol op rekkenje koe dat er gelegenheid krije soe om te studearjen as er syn HBS-diploma hie. Nee, it wie noch wat takomstmuzyk, want Peter hie op't lêst noch mear as in jier foar him. Mar de tiid gyng hurd en hy moast alris de ried freegje fan de direkteur en der thús oer prate. Dokter wie oars in moai berop en it joech ek maatskiplik oansjen. Peter moast him altyd foar eagen hâlde, dat er út in goede famylje
| |
| |
kaam. Yn alle gefallen wie it gjin ding dêr't samar ris yn in oerke útslútsel oer hoegde te kommen.
Grut nijs en it like Peter ta, dat er earst mar ris nei Anders van Keimpema fytse moast. Dêrsa wie it in drokte fan belang, want it lân nêst de pleats wie fol hynders en yn de opkeamer klonken de lûde stimmen fan de bruorren Durks, de ferneamde tyskers, Peter syn lûd wie wat dimmen yn dit fermidden. Ik sil letter studearje, Van Keimpema. Dat die Van Keimpema wakker nij. Dan kinst gjin feint by my wurde. Nee, lake Peter. Feedokter moatste wurde, rôp Ritske Durks. Dat is in keardeleftich berop. Van Keimpema tocht dat Wageningen better foar him wie. Ast myn feint net wurde wolste, dan kinste my alteast goede ried jaan. Dêr is driuwend ferlet fan; al dy healwize théoryen fan tsjinwurdich bringe in ordintlike boer mar op 'e doele.
Letter setten de bruorren Durks ôf. De hynders yn it lân wiene neffens Klaas Durks allinne mar wat lette winternocht, wat wraks en wat goeds, oerbleaun fan de grutte hannel yn 'e hjerst. Yn in pear wiken wiene hja alles wol kwyt; spitich allinne dat safolle boeren oergiene op dy stjonkende trekkers dy't har lân ferrinnewearren. Dêr spriek ek Van Keimpema syn fûl ôfkarrend betinken oer út. Mar doe't de rêst werom kommen wie, frege er Peter wêr't dy foar opgean woe. Peter joech daliks gjin beskie. Nei in skoftke lykwols sei er, dat er net krekt wist wat er wurde woe, mar yn alle gefallen woed er skiednis studearje. En dat koe net iens daliks nei syn eineksamen, hy moast dan earst noch in apart eksamen âlde talen dwaan.
Hokfoar jonge wie dizze Peter? Grif net in ropper en ek net ien mei oanstriid om as in held foaroan te stean. Wol ien dy't graach syn eigen wegen gean woe, wegen dy't wat leine bûten de lûdroftigens en wredens fan de wrâld. Op 'e HBS hied er stadichoan wat respekt wûn troch de aardige dingen dy't er sizze koe as netmeidogger yn alderhanne kwestjes. Dokter wurde like him wol neat, om't er dan altyd te krijen hawwe soe mei sykte en dea. Skiednis, dat wie in feilige distânsje, in koel observearjen fan grutte bewegings, sûnder jin ferdjipje te hoegen yn it leed en lijen
| |
| |
fan de inkelingen. Peter hie der wolris oer prakkesearre wat der yn him siet fan syn heit Bouwe Caesar. Yn alle gefallen wied er der fier fan om himsels in profeet te finen.
Anders van Keimpema seach Peter ferheard oan. Skiednis, hie ik tocht. It foel moai fier bûten syn eachweiding. Wolstû ek oan ien tried wei efter de skriuwtafel sitte, Peter? Soeste net folle leaver op in hynder sitte wolle en wurkje oan it ferbûn tusken minske en dier? It foel him ôf. En dy âlde talen ek noch! Der is gjin minske mear dy't se brûkt. Peter, ik woe dy wizer hawwe.
Skiednis wol er leare Gerda, sei er wat fertrietlik tsjin syn frou dy't der krekt ynkaam en de lêste wurden heard hie. Mar frou Van Keimpema sei, dat Peter syn eigen paad fine moast. As er woe, koed er altyd noch oars. Peter wie tankber foar har help. Anders van Keimpema wie foar him hast in twadde heit, benammen sûnt Hette Kromsigt nei Saandam ferfearn wie. Jo begripe it ferkeard, Van Keimpema. Ik wol allinne witte hoe't alles wurden is lyk as it no is. As men dat begrepen hat, kriget men ek foar de geast hoe't it letter gean kin. Wie it sa? Peter waard hast kjel fan syn eigen wurden, want dat hied er sels fan tefoaren sa net betocht. En wat dy âlde talen oanbelanget, dy jouwe jin ynsjoch yn in âlde beskaving.
Peter woe it mar net oer de humaniora hawwe, it wurd dat Hermanna ris tsjin him brûkt hie. Dy hie it heard fan mefrou van Wevelghem en hie oer de betsjutting grif noch minder besleur as hy. Hy koe it lykwols net litte en sis, dat ek neffens Hermanna de âlde talen sa wichtich wiene. Dat hied er mar better foar him hâlde kinnen, want hy wist tige skoan hoe't Van Keimpema tocht oer Hermanna en har famylje. No wol ik dy ien ding sizze Peter, jou dy net ôf mei dat Camstra-folk. De heit is in hûn fan in fint en de dochter in bretaal flarde, hja hellet dy oan op in stuit dat hja dy nedich hat en sjocht dy letter net mear oan. No ja, no ja, Van Keimpema fielde wol dat hy wat te fier gien wie. Myn man mei dy Camstra net lije, sei frou Van Keimpema, neffens him behandelet dy de hynders as negerslaven. Mar dat fanke hoecht net krektsa te wêzen.
| |
| |
It is it laach. Van Keimpema wie al wat betommele. It kin wêze dat it fanke der wat útkipt, mar de heit is ek net by froulju betroud en der wurdt grute dat er NSB-er is. Studearje dû mar skiednis Peter, wat ik sizze woe is, dat it my ivich spite soe astû yn ferkearde hannen foelst. Fertel it fanke daliks noch mar neat. Dat wie in ried dêr't Peter net fan doel wie om him oan te hâlden. Mar earst moast er it dochs thús fertelle. Mem, ik sil studearje. Mem lykwols, hie wer oare dingen oan 'e holle. Dat wisten wy einliks al lang, Peter. Sis it ek mar tsjin heit, mar pas wat op, hy hat net sa'n bêst sin.
Dat wie net oerdreaun. In syn laboratoarium pielde hy wer mei in rige buiskes; de hannen goed smoarch.
Foarsichtich Peter, ik haw hjir in substânsje dy't net ferlern gean mei; dat soe needlottich wêze. Peter sei: ik sil studearje heit. Notaris Hiddinga hat it tsjin my sein. Bouwe Caesar liet wat fan syn substânsje falle en syn troanje ferloek. Soa, wer sa'n ding dat bûten my om beoardere wurdt. Om dy wurdt goed tocht, my litte hja mar ommodderje. Hja binne fansels bang dat ik, as ik ta myn doel kom, harren allegearre yn it skaad stean litte sil. Elkenien wurket my tsjin, mar hja kinne my net keare, ik kom ta myn doel en it is hast safier. Mar wat in wjerstân, wat in oergeunst! Sa hie Peter heit noch net meimakke. Bouwe Caesar sonk del op in stoel en tikke op syn foarholle. De geast is sterk Peter en it each sjocht troch alles hinne. Mar sil it lichem it úthâlde. Hjir yn dit laboratoarium giet it om it heil fan de wrâld. It heil fan de wrâld komt net fan de universiteiten, dat kin ik dy wol sizze. Wat wolste studearje? Skiednis heit. Skiednis of wat oars, wat jout it? En mei dat net bjuster bemoedigjend beskie moast Peter it dwaan.
Hy fûn mem by de tafel sittend; hja sei dat hja wat bekomme moast. Foar't Peter thúskaam hie de timmerman der west, heit hie him bestel jûn ek op de bûtendoarren fan it hûs nije slotten te setten. Der slûpten neffens him yn 'e nacht minsken om 'e doar mei ferkearde bedoelings. It wie drôvich, hied er sein, dat it sa moast, mar hy wist wa't de kweadoggers wiene en it soe har net
| |
| |
slagje om him tsjin te kearen. Mem seach Peter oan. Peter, wat moat men mei sa'n man begjinne?
It wie foargoed mis, dat begriep Peter skoan en wist er nammers al earder. Wa soed er bedoele mei de kweadoggers, mem? Berber koe mar ien namme neame. Yn alle gefallen Goaitsen, mar hy tinkt dat dy in hiele keppel helpers hat. En hy doar Goaitsen net te beskuldigjen, want dan is er bang dat dy de bijekasten der weihelje lit. Barde dat mar. It is no al safier dat hy pakt bijen mei sa'n ynstrumintsje, makket se dea en slachtet se om har geheim te finen. Ik sis dat tsjin dy, mar ik doar it tsjin nimmen oars te sizzen. Ek net tsjin Gjerryt Veldema. Dat koe Peter wol begripe. Mar him tocht, dokter Groothof moast it al witte.
De oare deis trof Peter in ek al net botte fleurige Hermanna. Soe Peter trochleare, no, moai foar him. Mar hja soe it net rêde mei de fjirde klasse. Mefrou van Wevelghem wie fuort. Hja hie dochs net bliuwe sild, want hja hie in beneaming krige oan de bibleteek fan de krekt wer fernederlânske universiteit fan Gent; neffens har in fergoeding foar it ûnrjocht dat yn earder tiid har man oandien wie. Dy beneaming gyng pas begjin septimber yn en hja hie Hermanna noch moai helpe kinnen foar de oergong. Mar der hie in fikse rûzje west mei har heit, alteast, dat hie Hermanna begrepen. Mefrou hie har sein, dat hja gjin dei mear bliuwe woe; hja hie har koffers pakt en in hierauto besteld, want hja woe net iens dat Joldert har nei de trein brocht. Sa'n aardich minske en sa geleard, hja koe oeral yn helpe. Hermanna har lêste rapport wie net bêst, mar ek net oeribele min, hja hie it noch wer krekt rêde kinnen. No koe hja alle hope wol oerjaan.
Peter besocht har te treastgjen, mar hja harke amper nei him. Dy rûzje, ik tink dat ik wol wit wêr't dy út fuortkaam. Ried mar ris, Peter. Peter wie oars net sa'n tûke rieder, mar hy hie noch faak weromtocht oan dy jûn, doe't Hermanna har heit en Bontsje Hoogeveen sa nei mekoarren gljurken. Wie it fanwege moaie Bonny? Hermanna knikte. Dat leau ik grif. Dy dweil fan in Bonny hie sa neigeraden mear en mear har kommen by uzes. Hja die dan in hantaast yn de húshâlding, hja wist altyd krekt
| |
| |
wannear't ús heit thús wie. Ik kin my skoan begripe dat mefrou van Wevelghem dêr har nocht ôf hie, want ik sis dy, dat Bontsje Hoogeveen in domduvelich eksimplaar is.
Komt hja no ek noch? woe Peter witte. It wiene feitlik dingen dy't noch altyd moai fier bûten syn begryp leine. Hermanna miende dat it no út wie. Neffens har wie it gefljoch wat nuverich opholden. Dat is dan mar in gelok, sei Peter, mar wêrom hie mefrou van Wevelghem dan net bliuwe kinnen?
Hermanna, dy't in soad dingen folle better wist as Peter, koe op dy frage dochs gjin dúdlik beskie jaan. Stadichoan kaam noch wol wat mear oan it ljocht. Der wenne yn de buorren in drogist dy't Blauwbroek hjitte, in man dy't yn 'e tiid fan dokter Groothof syn foargonger in beskate reputaasje krigen hie as wûnderdokter. Syn smarseltsjes, salven en pillen gouwen as al sa goed as wat dokter levere en faaks wie dat ek wol sa. Mar de folle better ûnderleine Groothof hie oan dy konkurrinsje sa gau en sa goed mooglik in ein makke en foarsafier't Blauwbroek noch klandyzje holden hie, wie dat in ferhoalen en wat nuodlik bedriuw. Dizze Blauwbroek waard op in middei fan de polysje ophelle en in deimannich yn Ljouwert fêstholden. It krekte waarden de minsken daliks net gewaar, mar it bleau net ûnbekend dat Bontsje Hoogeveen en har mem by boargemaster Van Nauta foar it ferhoar moasten.
En sa, by stikjes en bytsjes, waard it wol in gearhingjend ferhaal. Moaie Bonny hie yn ferwachting west en har mem wie by Blauwbroek kaam om in middel dêrtsjin. Der waard al lang grute dat Blauwbroek sa'n middel hie, moai sterk, dêr't de pasjinten har goed ellindich by fielden. Dat moasten hja der lykwols foar oer hawwe en hja moasten fansels ek swije. Yn alle gefallen skynde it te helpen. Hoe faak dat goed gien wie, wie min te sizzen. Mei Bontsje gyng it net sa't it hearde, want nei it ynnimmen miende hja dat hja dea gyng, hja skriemde en mâltjirge sa heislik, dat har mem nei dokter Groothof fleach. Doe't dy kaam, wie it slimste oer en wiene de froulju ynienen net sa praatsk mear. Dochs waard dokter wol gewaar wêrom't Bontsje wat swolge hie en
| |
| |
wa't it levere hie. Mar fan wa't Bontsje de kwaal hie, wisten hja sabeare net. Dat wie in ding dêr't Bontsje har mem op it Mienskar mei rêde op de fikse wize fan de keapfrou yn ûngeregeld. Hja wie foldien doe't hja fuortgyng, mar it hie nei alle gedachten dit trelit west, dat mefrou van Wevelghem der ta brocht hie om fuortynienen har koffers te pakken.
Blauwbroek moast letter in moanne sitte en der waard frijwat skande fan sprutsen dat dy keardel fan it Mienskar, dy NSB-er, frij-út gyng. Doe't it gerjocht dat fonnis wiisde, wie it al wer hjerst en ûnderwilens wie noch wer fan alles bard.
|
|