| |
De aksje yn it jachtfjild
Wat yn Trimbeets it jachtfjild hjitte, wie in grutte krite eastlik fan it doarp oan 'e oare kant de feart. Der hiene lang hearlike rjochten op lein: al in pear ieuwen lyn foar in part ferfeante lân en aadlik besit dat letter fersnipele wie troch ferstjer, fererving, ferfarren, ferkeap en oanmeitsjen hjir en dêr. Stripen bosk, bou en greide, fikse stikken beamkeguod, op plakken ek noch heide en ûnlân: foar de jagers wie it it moaiste gebiet dat hja tinke koene. En al wiene de hearlike rjochten ûnderwilens ferfallen, mei jild en mei somlike artikels yn de kontrakten fan de lytse hierde boeren, dy't dêr sieten, wie it wol slagge de âlde tastân moai aardich te hanthavenjen.
Oppassers wiene der net foar dit jachtfjild; it tafersjoch wie by de gemeentefjildwachter fan Trimbeets, dy't by need help krije koe fan de ryksfjildwacht en de marsjesee. Der wiene fanâlds frijwat streupers yn it gea Trimbeets en der gyngen ferhalen, dat foar Hette Kromsigt syn tiid hiele seksjes jachthûnen yn kninestrûpen telâne kommen wiene. Mar ûnder it bewâld fan Kromsigt wie dat feroare. It wie Kromsigt slagge om de streupers yn 'e besnijing te krijen sûnder fan harren te easkjen, dat hja alle hazzen en kninen rinne lieten. It is al earder ferteld: it jachtfjild wie no goed, mar foar de boargemaster wie Kromsigt syn soarte fan gentlemen's agreement mei de streupers, dy't benammen húsmannen oan 'e singel, in boarne fan duorjende argewaasje. Hy hie it net op in fjildwachter dy't alle streupers koe en nea ris ien trappearre. Der siet wat yn dat wet en oarder misachte en de kant útwiisde nei de revolúsje.
| |
| |
Dêroer is it lang om let ta in nuvere aksje kommen dy't kâns bea om fan Kromsigt ôf te kommen; lykwols op in hiel oare wize as Van Nauta en syn hege baes yn Ljouwert tocht hiene. Opstokelder wie fjildwachter Davelaar, in man dy't de kneppel los yn 'e bûse hie en al in kearmannich fan syn superieur wurden fan lof krigen hie oer de fikse wize dêr't er op merken en by oare gelegenheden yn it bluisterich jongfolk omreage hie. Dizze Davelaar no liet witte, dat hy sa minlike graach ris tsjin de streupers los woe. It wie hast oandwaanlik hoe't er dêr by boargemaster Van Nauta op oanstie. Van Nauta wist hoe graach er nei Trimbeets woe en Davelaar sels hie wol begrepen dat dy kâns foar him ek bestie. Hette Kromsigt rette sa'n nachtlike ekspedysje mei klam ôf om't der neffens him neat mei te winnen wie en in soad mei te ferliezen. Mar dat wiene no krekt wurden dy't Van Nauta net ferneare koe: fierste eigenwiis foar immen mei sa'n nederige rang as Kromsigt. Dan Davelaar; dy wist syn plak, dêr wie mei te praten.
It stiet lykwols te beduchtsjen oft Kromsigt mei wat earbiediger wurden de aksje noch keare kinnen hie. It gyng ommers net allinne tsjin de streupers. It gyng ek tsjin Kromsigt. Van Nauta sels makke it kriichsplan op en krige in man of sân polysje ta syn foldwaan, want ek de ryksfjildwacht en de marsjesee diene mei. Sa goed like de tarieding te slagjen, dat Van Nauta tsjin Kromsigt sei: As jo net mei wolle kinne jo wol thús bliuwe. En ta syn ferbjustering antwurde Kromsigt, dat dat faaks mar it bêste wie. Mar Kromsigt, hawwe jo gjin eargefoel? Hjir is gjin eare oan te beheljen, boargemaster.
De man moast it mar witte; hy groef syn eigen grêf. Mar it rûn dochs wer oars. Doe't de grutte jûn kaam, liet Davelaar witte, dat hy net koe. Hy wie wat griperich en de frou woe him net gean litte. Freeslik hoe't it him yn 'e wei wie. De frou fan Davelaar: it die wer ris bliken dat dappere helden ek froulju hawwe. Hie der wol in dokter by west? Griperich. Wat tocht de man der sels fan? Mar it wie te let om dat allegearre noch nei te gean. Van Nauta wie gau beret: graach of net graach, Kromsigt moast mei. It
| |
| |
waard in frjemde nacht mei oerstjoere polysjemannen dy't rûnom yn de bulterige wiete heide, efter boskrânen of yn beamwâlen ljochtbakken mienden te sjen. Mar der wiene ek foargoed streupers op 'en paad. Ien dy't hast pakt waard joech in gewearskot ôf. It rekke Kromsigt krekt boppe de knibbel. De dieder waard net pakt. Der waard gjinien pakt.
Hette Kromsigt wie in moaie pasjint yn it sikehûs. Hy liet in burdsje stean en in suster sei, dat hy wol in minister like. Kromsigt koe wol laitsje. Ik bin in slachtoffer fan in mislearre krústocht. Der kamen blommen foar him. Der kamen fruchten foar him. Fan famylje en freonen, ja, mar ek fan ûnbekenden. Wa wiene dy ûnbekenden? Grif net Van Nauta en Davelaar. Fan de streupers, waard grute, en dat gyng troch de sealen as diggelfjoer.
De blessuer fan Hette Kromsigt wie wol wat mear as in smertlape. It kin wêze dat jo letter in kromke mei de skonk lûke, sei de chirurch. Peter kaam mei in grut bosk joustermerkeblommen en seach dat Kromsigt, yn syn wyt bêd, alhiel net ferslein like. It foel net iens ta om foar de blommen plak te finen op 'e tafel, want dy stie hielendal fol. Docht it sear, Kromsigt? Dat falt wol ta Peter, der komt in groede fan en dan haw ik in moai oantinken. Peter frege, wa't it dien hie. Dêr moast Kromsigt om laitsje. Astû dat útfynst Peter, dan bist fernimstiger as de boargemaster en al syn helpers. Ien fan de singel, Kromsigt? Harkris Peter, dêr wit ik neat fan. Mar hjir binne út namme fan de singel wol fruchten brocht. Yt der mar wat fan. De parren moatte gau op, mar dû meist ek wol wat druven hawwe.
Doe't even letter frou Kromsigt der yn kaam, behimmele Peter krekt in grouwe par. Hja achte, der moast mar in foto komme fan de pasjint mei syn hoarn fan oerfloed. Ast bedoarn wurde wolste, Peter, moatst hjir wêze. Bliuw mar leaver sûn.
Kromsigt hie in fleurich sin. Goed datste hjir hjoed biste, Peter. Moarn komt de boargemaster. Dêr hearde frou Kromsigt fan op. O heden, komt mynhear sels? Hat hy al wat stjoerd? Kromsigt seach har oan. De singel hat wat stjoerd, goekunde hat wat
| |
| |
stjoerd, Peter hat in bosk blommen meinommen. Van Nauta komt foar in earnstich petear. Frou Kromsigt glimke wat. In earnstich petear, ja, dêr is dy man wol ryp foar. Och Peter, harkje mar net nei my. Dû silst no ek wol fuort moatte. Hoe giet it op de HBS?
Peter wie net hielendal ûntefreden. Hermanna is folle better yn Frânsk, mar op alle oare fakken bin ik better. Foaral skiednis. Hermanna seit: al dy deade kearels. Ik kin skoan meikomme. De oare deis kaam Van Nauta. Nee, de dieder wie noch net fûn, mar it wie wol dúdlik wêr't er weikaam. Boargemaster frege nammers mear as er fertelde. Wie it wier, dat Kromsigt syn skonk net hielendal wer better waard? Wie it wier, dat de streupers him chrysanten en fruchten stjoerden? Soe it wêze kinne, dat de skutter tocht Davelaar foar him te hawwen ynpleats fan Kromsigt? Kromsigt hie it gefaar al jierren ûnderskat. Wa wit, wie it no te let. Der wie wat driigjends yn syn stimme, mar tagelyk fernaam Kromsigt by him in frjemde fleurigens. Hy begriep wol wêrom.
De folgjende dagen skreau hy brieven, sa goed en sa kwea as it gyng. By de besikers dy't neitiid oan syn bêd kamen, wiene ek lju fan fierren. En doe't er nei in moanne nei hûs ta koe, wie der foar him in wichtich stik út Saandam dêr't er foar tekenje moast. Noch wat letter sette er mei in stôk, mar dochs al wer moai feardich, ta op it gemeentehûs, dêr't boargemaster Van Nauta him ûntbean hie. En dêr, op syn keamer, spile him sa likernôch it folgjende petear ôf.
Van Nauta: Ik haw jo wat earnstichs mei te dielen.
Kromsigt: Dat hoecht net, ik wit der alles al fan.
Van Nauta: Wat witte jo?
Kromsigt: Jo hawwe it nea wêze wollen, mar ik wit no, dat jo in stille goeddwaner binne.
Van Nauta (wat ûnwis): Ja, 't is al sa, ik help de minsken graach sa goed as ik kin.
Kromsigt: Dat haw ik altyd al tocht en no haw ik it in kear swart op wyt.
| |
| |
Van Nauta: Swart op wyt, dat kin net, want ik haw de brief hjir noch.
Kromsigt: Mar hja hawwe jo fêst ek wol berjocht dien fan dy beneaming dy't ik fansels oan jo te tankjen haw. Jo hawwe grif tocht: dy man hâldt wat oan syn skonk, hy moat mar in wat mear sittend bestean hawwe. Mar as jo it noch net witte, lês dan mar.
Van Nauta (lêst, sjocht Kromsigt mei ferhearde eagen oan, lêst wer): Mar Kromsigt, dit is te mâl om oer te praten, binne hja dêr yn Hollân net goed wiis?
Kromsigt: Ja, ik tocht al, mynhear wol my wat foar de kroade ride. Adjunkt-ynspekteur by de ôfdieling dy't misdied besiket foar te kommen. Mar mynhear wist fansels, dat ik dêr altyd al oan besocht haw te dwaan en der ek frijwat oer skreaun haw. Dat hawwe jimme mar moai útsocht.
In toanielstikje, ja, mar net op Van Nauta syn tekst. Hy hie syn wurden fan tefoaren goed oertocht: it gyng der om Kromsigt syn ûntslach oan te sizzen op de wize fan de âlderwetske skoalboekjes: string, rjochtfeardich en goedwollend. Mar Kromsigt, troch it gemeentehûs temûk ynljochte, hie wer ris syn tekst der foar yn 't plak set as yn safolle petearen earder. Hy, de man dy't diploma's hie, yn in ferkeard achte bûn siet en oer reklassearring en soksoarte dingen skreau yn blêden dy't Van Nauta net lies of léze woe, dizze doarpsfjildwachter wie ûnder-ynspekteur fan polysje wurden yn Saandam.
Ik haw de brief al, ik hoech dus jowes net mear, sei Kromsigt by it fuortgean. Ja ja, sei Van Nauta, in ferbjustere man dy't net wist wat er moast en it net oer him krije kinnen hie syn fjildwachter te fylsetearjen. It wie yn oerlis mei syn baas yn Ljouwert sa moai yn elkoar set. It ûntslach hie net iens earfol wêze sillen fanwege de fjildwachter syn dúdlike relaasje mei it streupersnaasje, mar wol mei trije moannen salaris. In goed scenario: earst de sûnde op it aljemint, dan de strafen oan 'e ein de barmhertigens. In bytsje dryst wie it faaks al, want der like wol in mooglikheid fan berop yn te sitten foar Kromsigt mei in advokaat fan syn
| |
| |
bûn, mar de beide pommeranten hiene it aventoere om't in rjochter fan it goede soarte neffens har betinken dochs wol rie witte soe mei sa'n reade aksje. Mar no hie dy reade boargemaster fan Saandam it spul folslein bedoarn.
It brief is net mear útgien. Winlik hie it al moatten, mar it joech dochs neat mear en der wie al genôch opskuor en ûnstjoer op 'e wrâld. Kromsigt krige gewoan earfol ûntslach mei sels ferlof foar de lêste wike of wat dat er noch yn Trimbeets bliuwe soe. Simen Davelaar wie dêr oerdei al oanwêzich as syn ferfanger.
Ferlof foar Hette Kromsigt; non-aktyf en dochs soe it noch oars komme. It wie yn dy snuorje dat wurkfolk fan de gemeente by de opbrânde pleats fan Reitse Jochums Walstra in nijsgjirrige fynst die. De gemeente hie lang om let it hiem mei alles wat der noch op stie en lei yn hannen krige en it wie de bedoeling om yn it ridlik goed bewarre foarhûs in stikmannich earmekeamers timmerje te litten. En no wie yn de stookhutte, ûnder wat rommel, in âlde molkbus te foarskyn kommen mei in lekken der yn, smoarch, mar dochs net al te wiet en mei in luchtsje der oan. It berjocht der oer gyng nei Kromsigt, net nei Davelaar, en dat wie wol in goed adres. It waar siet yn it lekken, der moasten krobben út skodde wurde; mar it luchtsje wie sûnder mis fan de murd. En wurke de duvelbanner Jisk Binnebear net mei spul fan de murd? It spoeke-lekken, ja, mar hoe it te bewizen? Kromsigt fûn wat, in nûmer, de namme fan in waskerij. De waskerij stie yn Snits.
En sa is it gefal fan de brân by Reitse Jochums Walstra lang om let dochs noch ta klearrichheid kommen; foar safier dat noch koe, want Walstra sels wie no in man sûnder besleur oer wat him ôfspile hie. It wasknûmer brocht de namme Piter Kroeze op it aljemint en neffens it Snitser befolkingsregister wie dy Piter, in kafeehâlder, al frijwat in skoft lyn ferfearn nei Grins. En sjoch, it die bliken dat Teatske, Walstra syn jong wiif, dêr ek al moai lang har domisylje hie. It wie Kromsigt dy't yn haadsaak, mei de Grinzer polysje, it ûndersiik die, tsjin it sin fan Sixtus van Nauta, mar op krêftich oanstean fan de ofsier fan justysje. En wat der út kaam wie sa likernôch it folgjende ferhaal.
| |
| |
Teatske hie neie konneksjes mei Piter Kroeze en dy holden ek nei har trouwen mei Reitse Jochums. Dizze twakaart woe Walstra wei hawwe út Trimbeets en him nei de stêd troaie, it leafst Grins. Wat hja dêr mei him dwaan woene wie net sa dúdlik mar grif net folle goeds. Teatske besocht wat hja koe, mar Reitse Jochums woe net fuort. Doe wie Piter Kroeze op it idee kommen om it mei spoekerij te besykjen: meitsje him bang, jei by him de skrik der yn.
It wie fansels de bedoeling dat er syn ûnreplik goed ferkocht; dêr wie foar de twakaart min oan te kommen, mei jild wie dat wat oars. Mar Walstra wie stiifhollich, hy woe bliuwe dêr't er wie en helle Jisk Binnebear der by tsjin it spoek. It waard foar Piter Kroeze bûge of barste en de krisis kaam, doe't er op in sneinte- jûn Jisk Binnebear syn murde-lodderein oer him hinne krige. Hy wie al yn spoeke-kostúm en moast dat fansels hastich kwyt. As er op dat stuit daliks fan ruten spile hie, wie der net folle bard, mar dan hie ek alles mislearre west en dat wie net de bedoeling. In bytsje yn panyk wie er lykwols al. Hy wist in âlde molkbus te stean, troppe dêr gau it stjonkend lekken yn, die it rustich lid der heal op en skode it ding doe ûnder wat hout en oar âld spul yn de stookhutte. Mar hiel stil koe dat net en it moat doe west hawwe, dat Reitse Jochums wat hearde of seach. It hat alle eigenskip dat de boer efter de net wolkomme gast oan sitten hat en yn 'e rekken krige dat dy him gau ferskûle hie op 'e heasouder. Wist er dat it Piter Kroeze wie? Unmooglik is it net, want hy koe de man wol fan syn reizen nei Snitser merk. Yn alle gefallen is hy ek by de ljedder opkladde en doe moat der op 'e heasouder in fjochterij west hawwe dêr't in ein oan kaam mei't Reitse Jochums fan boppen foel en mei in smak op de flier delkaam. Truzele fan de souder of smiten? Neffens Piter Kroeze gewoan fallen, en de iennichste tsjûge koe gjin beskie mear jaan.
Mei de boer bûten westen of wa wit dea, wiisde it foar Piter Kroeze net sa bêst. Wat moast er dwaan? Neffens eigen sizzen wied er daliks útnaaid, oer hikken en troch sleatten, nei de wei dêr't er earne in fyts stean hie. De brân hied er amper sjoen, dy
| |
| |
soe wol ûntstien wêze troch Walstra syn sigaar. Mar de sigaar wie nêst de skuorre fûn; nammers, wa dy't immen efternei sit hâldt de sigaar yn 'e mûle? It hat Teatske west, dy't foar it rjocht it beskiedend tsjûgenis joech: Piter Kroeze hie har sels ferteld, dat er earst alle ljochten útdien hie en doe de brân der yn stutsen om alle spoaren út te wiskjen en de boer ta ivich swijen te bringen.
Teatske wie sa iepenhertich om't hja ûnderwilens mei Piter Kroeze yn tsjok waar rekke wie - de man hie it neffens har op har sinten fersjoen, in minne hont, edelachtbare! - mar ek om harsels sa ûnskuldich mooglik foar te dwaan. Hja kaam der ek skaplik ôf, mar Piter Kroeze gyng foar in jiermannich it hûnegat yn. De ofsier fan justysje brocht tank oan Kromsigt; no in man yn in hegere funksje dy't er dûbel en dwers fertsjinne hie. It wie ek de ôfsluting fan it Kromsigt-tiidrek yn it gea Trimbeets.
|
|