| |
Wider kimen
Der kaam in tiid dat Peter nei in dûnsklubke gyng yn de buorren; syn heit wie dêr poer op tsjin, mar mei mem Berber har help hied er it dochs trochsette kinnen. Sawat alle bern út Trimbeets dy't wat learden wiene der op, lieder wie in man dy't Perrochet hjitte. Hysels bloes op in bugel, syn frou, dy't der altyd by wie, spile op 'e piano. Sa rekke Peter wat mear behelle yn it doarpslibben. Liedster fan de keppel wie in Anny Agema, dochter fan in lytse fabrikant fan suvel-apparatuer mei in man of tsien yn it wurk. De hiele middenstân wie nammers mei syn jongerein yn de klub fertsjinwurdige. Anny Agema wie ien fan de âldsten, hja siet al op it kantoar fan har heit en neamde har siktaresse. Maaike Meindersma, de dochter fan de goefrou, wie ek lid, hja gyng op 'e ULO. Dat koe noch krekt, mar Tsjerk de Wit, Peter syn freon, kaam der net foar yn 'e beneaming.
| |
| |
De tiden feroaren. De doarpskûper, dy't lange jierren bûterfetsjes makke hie, boude no sylboatsjes; de fytsmakkers pielden ek mei motors foar de jonge bûsten, de twa smidden hiene langer mear te dwaan mei nije lânboumasjines as mei it beslaan fan hynders, al wiene hja noch net sa op de hichte fan de trekkers, dy't út en troch al foar har iepen doarren stiene te blaffen. De weinmakkers wurken neigeraden meast mei gummybannen foar de tsjillen en twa ûndernimmende jongkeardels hiene in garaazjebedriuw opset en koene net kleie oer te min klandyzje.
Hermanna Camstra Simonides hie har ek opjûn as lid fan de dûnsklub; tsjin it sin fan har heit dy't ornearre dat hja har te min op it learen talei. Boppedat, Joldert soe har bringe en helje moatte en dat wie wat tefolle fan it goede, om't hy har ek al alle dagen ride moast fan en nei de HBS. Mar Hermanna achte, dat hja bêst fytse koe, dat diene de oaren ek, en Anny hie sein dat hja by min waar wol by harren sliepe koe. De soarch fan Hector Camstra Simonides foar syn dochter wie hast oandwaanlik, mar koe foar it meastepart ferklearre wurde út bangens dat hja yn mannich ding wêze soe lyk as hy. Hy hie moai krekte opfettings oer wat oare minsken as hy dwaan en litte moasten en hy woe Hermanna hoedzje foar de gefaren fan in wrâld dy't er sels mar al te goed koe. Op dy wize hied er it net sa maklik; yn de snuorje dat er mei Hermanna hakketakke oer de dûnsklub siet syn frou yn Lausanne. Hja hie wolris earder hiele skoften fuort west en in skieding like dan yn 'e loft te hingjen, mar letter plichten hja it dochs wer ris besykje te wollen. Dat koe lykwols net altyd sa trochgean.
Hermanna wûn it al, mar fytse mocht hja net. Der waard al gau skande fan sprutsen hoe lang as hja Joldert de jûns faak wachtsje liet. Mar Hermanna sei, dat hja mei dwaan woe mei de oaren, ek as dy noch even efterbleauwen en dat nammers dat bringen en heljen hielendal net nedich wie. Soms gyng hja noch mei Anny nei hûs ta en Joldert der dan efteroan mei de auto, mar dan brocht Anny har mem him dochs wat waarms te drinken. Der waard op 'e dûnsklub ek wol oer polityk praat al wisten de
| |
| |
bern dêr net safolle fan; mar de namme fan Mussolini, dy't alle treinen op 'e tiid ride liet, foel wolris, en ien fan de jonges hie mei syn heit ris op in gearkomste yn Ljouwert west dêr't in fint spriek dy't Jan Baas of Jan Baars hjitte; hy sei dat wy no de jonges wiene fan Albert Heyn, de Gruyter en Simon de Wit yn pleats fan fan Piet Hein, De Ruyter en Jan de Witt. Hja hiene wol lake en der hie ek noch rûzje west, want tsjinstanners hiene sa likernôch it poadium bestoarmje wollen, mar Jan Baars hie in liifwacht om him hinne, jonges yn unifoarm dy't drigen der mei koppelriemen op yn te slaan. Lykwols, de polysje kaam der tusken en alles moast doe de seal út.
Hermanna hie opmerksum harke en sei doe, dat dy Jan Baars wolris in freon fan har broer Sikko wêze koe. Hja hie dy namme alteast wolris neamen heard en Sikko ferkearde yn nuvere rûnten. Oan Peter hie hja earder wol mear oer Sikko ferteld. Hy hie yn Den Haach in lyts baantsje op in departemint; hy koe him moai goed rêde yn it Frânsk, mar wie foar alle eksamens sakke. Under tsjinst hied er it noch ta faandrich brocht, hoe dat begriep Hermanna net, en no hearde er neffens syn sizzen by in beweging dy't eare, moed en karakter stelde boppe diploma's en slop gedoch. Syn held wie Mussolini en Nederlân hie neffens him ek ferlet fan in sterke man dy't de swipe der oer lei ynpleats fan lea- ve praatsjes te ferkeapjen.
Anny frege, wat dat Baars-folk mei de keninginne oan woe. Dat wist Hermanna net sa krekt, mar Sikko hie al sein dat Wilhelmina grif oan de kant stie fan har rjochting. It die Peter nij, dat Hermanna al dy dingen sa goed ûntholden hie, wylst hja oars fan dingen as skiednis en maatskiplike ferhâldings net folle ôfwist. It moast wol sa wêze, dat by har thús gauris praat waard oer de dieden fan Mussolini. Oft Hermanna it ek mei Mussolini hold? Yn alle gefallen hold hja it net mei Sikko oer wa't Peter fan har noch nea ien goed wurd heard hie.
Hja learden wol nije dûnsen by de Perrochets, mar dy holden it der dochs op, dat der neat sierlikers en neat hoflikers wie as de wals. Hiele rigen dûnsen kamen en gyngen, mar de wals wie
| |
| |
ûnstjerlik. Hja wiene net sa jong mear, de dûnsmaster en syn frou, en der waard wol sein, dat hja bettere tiden hân hiene; lykwols, hja hiene ek no noch wat foarnaams oer har. Goed en stylfol dûnsjen wie neffens har in foarrjocht dat beskaafde minsken nea út hannen jaan moasten. Peter harke skerp nei sokke uterings; it wiene dingen dy't er net hearde fan heit en mem of fan Anders van Keimpema.
Der wie yn 'e maitiid, doe't it ôfrûn, in bal op in grutte seal, dêr't ek famylje wolkom by wie. Bouwe Caesar Hommema woe der net by wêze, om't er it nut fan dûnsjen net ynseach; Berber hie der wol sin oan hân, mar hja woe har man net allinne litte en hie nammers ek te min kunde yn de buorren. Mar it winkel- en handelsfolk fan de haadstrjitte en de wâlen wie moai machtich opkommen. Ek Hector Camstra Simonides hie it goedachte te ferskinen by it feest; hy wie yn it selskip fan in dame dy't net syn frou wie. By it fûstkjen waard hja bekend makke as mademoiselle Lessines, goevernante. Hermanna sei net al te lûd tsjin Peter, dat hja út Brussel kaam en dêr om har part wol bliuwe mocht hie. Peter hie der aardichheid oan om te harkjen nei it besykjen fan somlike lju om Frânsk te praten mei de net mear sa jonge en fiks opmakke dame. Hja makken der neat fan, op ien man nei, in ynstallateur fan elektryske liedings, dy't it fak leard hie yn Frankryk.
De leden fan de klub fierden ek in toanielstikje op; it hjitte It Fiskersfamke. Dat famke waard fûn op it strân en like krekt by te kommen út in soarte fan betsjoening. Prate koe hja net. Iderkear bleauwen der wat minsken by har stean dy't dan yn in sankje har miening joegen oer it earme skepsel. Fiskersfolk soe har wol efterlitten hawwe, it koe fansels ek in sigeuner wêze, faaks wie hja út in weeshús fuortrûn, ensafuorthinne. Nimmen die war om har te helpen, dat moasten oaren dan mar dwaan en by need koe altyd de polysje der noch mei riede. De taferieltsjes wiene ek ryk oan gebearten en dûnspassen, it wie sa heal en heal in ballet mei mefrou Perrochet efter de piano en mynhear efter de koelissen oanwizings preuveljend.
| |
| |
Op in stuit joech it famke bliken net prate mar wol sjonge te kinnen; yn har liet sei hja in prinsesse te wêzen, op de iene of oare wize weifierd út it slot fan har âlden. Dat joech in grutten konsternaasje, ien foar ien kamen doe de kloftkes minsken werom, och sa behelpsum no: moast de prinsesse net wat waarme klean hawwe, hie hja gjin honger, hie hja gjin ferlet fan in waarm fjoer en in sêft bêd? Folle net genôch, it wie ynienen alles goed en moai. Doe klonk hommels efter de koelissen in hoarnsinjaal, der folgen in pear fûle slaggen op 'e piano en it ljocht yn de seal gyng út. It duorre mar even en it flapte wer oan, it toaniel wie leech op in swarte ferskining nei, dy't magister hjitte yn it programma. En dy magister spriek stadich de moraal fan it stik út.
Wel minsken, 't wie mar wat fertier,
In dream, en dreamen binn' net wier.
Sa wreed earst en sa leaf dan; fij,
Dat bart net yn de maatskippij;
Sa binn' de minsken ommers net;
Of al? Rieplachtsje 't eigen hert.
It duorre even ear't it applaus loskaam, lûd en ek wol gol, mar de ferheardens oer it ûngewoane fan it gefal wie dochs te fernimmen. Der waard yn Trimbeets in soad toanielspile, alle ferienings diene it sawat, op De Lêste Eare nei. Lykwols, dat wie rjochtút toaniel, sûnder simbolyk. It Fiskersfamke wiene de Perrochets mei oankommen en der gyng wol praat fan dat hja kommunisten wiene...
Peter hie de magister spile. Hy wie dêrfoar útkeazen om't er in heldere stimme hie; mar dat wie fansels wat oars as stadich en dúdlik prate en dêr hied er fiks op oefenje moatten. No't it goed slagge wie hied er in fieling fan triomf. Doe't er mei Maaike dûnse, sei dy sa by syn ear: fûnstû Anny goed as fiskersfamke? Ik hie it leau'k folle better dien. Doe't er mei Hermanna dûnse sei dy, sa oer syn skouder: Ik fûn dy Anny net sa goed. It hie wat foar my west. Sa learde Peter wat oer jaloerskens yn de rûnte fan ar- | |
| |
tysten. Hermanna sei noch wol mear. Wy moasten nei hûs ta rinne kinne, en dan sa út en troch ris stean bliuwe. Hja treau har stiif tsjin Peter oan, feitlik kaam it him net sa noflik oan en dochs fielde er in langstme opkommen sa't er it tefoaren noch net kennen hie. Griene Peter, sa sober en simpel wied er opbrocht, bûten alle hertstocht om.
Der wie jûnspermisje oant toalve oere en doe't it wat letter waard ferskynde dêr al gau fjildwachter Davelaar by de doar. Der waarden wat ûnfreonlike dingen oer him sein, want nimmen mocht him lije, mar de seal rûn no dochs wol stadich leech. Hermanna ferdwûn mei har heit en de goevernante, dy't yn de dûns net swak byspile hie. En Peter, op 'e fyts ûnderweis nei hûs, tocht nei oer wat Hermanna koart tefoaren sa loswei tsjin him sein hie: sille wy útnaaie? In grapke fansels. Of hie it gjin grapke west?
Dyselde simmer gyng Peter mei goede sifers oer nei de tredde klasse fan de HBS. Fan twa nei trije, it hjitte dat no it jier kaam fan de grutte skifting. Der rêden no al frijwat jonges en famkes it mei de hakken oer de sleat. Ien fan harren wie Hermanna dy't it dúdlik boadskip meikrige, dat it net goed kaam as hja net better oanpakte. Hja hie it der wolris oer dat hja faaks nei har mem yn Lausanne gyng, as dy teminsten net werom kaam. Tsjin Peter sei hja, dat hja net sa begien wie op har mem, mar dat hja it wol mei har hold.
Yn 'e fakânsje reizge Peter foar it earst nei de famylje yn Hollân. Omke Franke helle him fan de trein en doe pas kaam er op 'e hichte fan it bestean fan in muoike Wybrich, in aardich flot minske en alhiel net út 'e hichte. Hja kaam dan ek út Swol, fertelde hja, en hja begriep net wêrom't der net wat freonliker konneksjes bestiene mei de famylje yn Fryslân. Peter hearde ek al gau dat der in dochter Fimke wie, troud mei in man fan de Shell yn Ingelân, en in soan Douwe dy't ferbûn wie oan de stjerrewacht yn Leien. Douwe, sa hie de pake hjitten en Peter hie neffens muoike Wybrich feitlik ek in Douwe wêze moatten, mar ja, Peter syn heit rûn no ienkear net sa yn de pas. Wist Peter wol,
| |
| |
dat pake Douwe en beppe Jikke yn 'e hjerst fan 1918 koart nei mekoarren stoarn wiene oan de spaanske gryp? Nee, dat wist Peter net en allikemin dat pake Douwe Keamerlid west hie en sels noch in blaumoandei minister. Wat Peter no wol begriep wie, dat heit goed yn tsjok waar sitte moatten hie mei pake Douwe.
Omke Franke liet him it Binnenhof sjen en fertelde wat oer syn wurk; neffens him hied er de hân yn alle wichtige beneamings, boargemasters en sa, en koed er der sa by de minister ynstappe as dy op syn keamer wie. Hja gyngen ek mei syn trijen op in snein nei Skeveningen. Oer it strân stie in fikse strûzer en de see hie wite koppen, mar de baaiers lieten der har net troch wjerhâlde. Letter sieten hja deftich yn it kurhaus oan de kofje mei omke Franke út en troch steatlik knikkend tsjin goekunde.
Fansels mocht Peter de douairière Feyona net oerslaan; suster fan syn heit, dy't troud west hie mei in ritmaster, in baron mei in wat ûndúdlike funksje oan it hof. Muoike beseach him wat meilydsum: dat wie dan Peter, de jonge fan it boerelân; hy moast mar goed leare om gau út dy wat sobere en efterlike ferhâldings weikomme te kinnen. Den Haach, dêr moast er letter hinne, dat wie de iennichste beskaafde stêd yn hiel Nederlân. Har man wie omkommen troch in drôvich ûngelok by de keninklike stâlen, al wer hiel wat jierren lyn; wat in fersleinens hie dat jûn by it hof, nammers, de hiele stêd hie ûntdien west want hy wie in bekende figuer. Drôvich, drôvich; de keninginne koe har noch skoan en knikte har wol ta as hja har seach. Hja soe nearne net oars wenje wolle.
Op de weromreis bleau Peter noch in nacht by omke Rembertus, siktaris fan de Keamer fan Keaphannel yn Alkmaar. Muoike Jantina, syn frou, fertelde dat hja fan Texel kaam en dat hja dêr noch in simmerhúske hiene, by Hoarn efter de dunen. Hja holden fan de natoer, ek fan fiskjen en farren. Dat wie skoan oan omke Rembertus syn brune troanje te sjen. Omke Rembertus woe hawwe, Peter soe ris wat langer komme, dan koed er mei te fiskjen yn see by de Hondsbossedyk. Fan it bestean fan twa
| |
| |
dochters, in twilling, hie Peter wolris heard, mar hy krige dy net te sjen. Jitske Alida en Alida Jitske wiene beide learares Ingelsk mei lesoeren yn Saandam en Haarlim, dêr't hja wennen. Hja liken sa krekt op mekoarren dat hja wolris wikselen op 'e lessen sûnder dat de bern it murken. Muoike Jantine wie soks net sa tige nei't sin, mar ien ding wie yn alle gefallen wis, hja koene net mei deselde man trouwe. Werom nei hûs reizge Peter mei de boat fan Inkhuzen nei Starum yn in foege simmerstoarm. De kajút wie fol bange en heal seesike minsken dy't altemets troch de rûne rútsjes de wolken ferdwinen seagen efter de hege weagen. Peter siet stil yn in hoekje; noflik fielde er him net, mar it like him net ferkeard, dat er dit ek ris belibbe. Hy besocht om oan oare dingen te tinken: wêrom't heit him net mear fan syn famylje ferteld hie en oft heit wol sa'n wize man wie as mem tocht en hysels him foardie. En heal yn' e slom tocht er ek noch oan syn magister-roltsje en oan Hermanna dy't lústere: sille wy útnaaie? It wie al sa, dat nei de fakânsje der in oare jonge yn de tredde klasse kaam as de jonge út de twadde in heal jier earder.
|
|