op plakken dêr't it hearde. De brosjuere wie oankundige yn de kranten, de famylje moast it lêzen hawwe en notaris Hiddinga hie it lêze kinnen. En stadichoan kamen der ek wat oare brieven, fan frije sosialisten en frijtinkers dy't net alles priizgen wat Hommema skreaun hie, mar dochs seine bliid te wêzen, dat de rop fan de wiere frijheid wer ris klonken hie.
En doe hold der op in snein foar de reed in auto stil der't earst in âlde hear útstapte en doe noch in twadde man, nei't it like de sjauffeur. De âlde hear wie min op 'e gong en line op in stok, de oare paste op dat it goed gyng. Peter kundige de besiker oan: hjir is in mynhear dy't seit, dat er professor is, hy wol mei heit prate. In professor: Berber wie alhiel fan de wize en Bouwe Caesar fûn suver gjin wurden. Kom der yn professor, nim in sit professor. Wat soe dit wêze? In tige âld man, dizze professor, dy't de autobestjoerder hjitte oer oardel oere werom te kommen en him doe bekend makke as Rollingswier, foarhinne heechlearaar yn Wageningen. Ja minsken, al fyftsjin jier pinsioen, wat giet it hurd foarby en wat naait it der mei de wrâld in koerts út.
Bouwe Caesar seach him oan, doe't er siet. Professor Rollingswier? Mar dan haw ik in jier of wat lyn ris in brief fan jo hân. Dat wie nei't ik dat stik oer de keunstdong yn de krante hân hie. De âld man knikte. Ja, dat wie in goed stik, mar ik haw soarch, dat it net safolle holpen hat. De lju sjogge net mear foarút. Hja pakke wat hja hjoed krije kinne en ferjitte, dat der ek noch in moarn is. Dy auto's ek, allegearre bedjer, hja moasten tûzen meter ûnder de grûn bedobbe wurde. Fansels, ik bin ek mei de auto, mar wat moast ik? Ik woe doch ris mei jo prate, it rinnen giet my net linich mear ôf en myn fytsen is ôfrûn.
Wolle jo kofje, mynhear professor, wolle jo koeke? Mynhear professor knikte Berber ta, mar dêr wied er net foar kommen. Hy fertelde, dat er yn Bakkefean wenne by syn dochter en dat dy him út de krante wat foarlêzen hie oer mynhear Hommema syn brosjuere. No is't fansels al sa, fan it ûnderwiis doocht gjin sprút en it soe in wichtich ding wêze as der mear oansluting yn kaam op 'e natoer. Mar it útgongspunt moat dan al wêze dat it minsk-