dêr't er fan sein hie, dat men dêr de satan net moetsje soe. Der kaam immen de reed del, wachtris, dat wie Kromsigt. Hy kearde him om: polysje foar jo, Hommema. Mar it wie net foar Hommema, it blykte om Grootjan te dwaan te wêzen. As jo even meikomme domeny, ik haw wat mei jo te bepraten. Bouwe Caesar seach har efternei en wist net wat er der fan tinke moast.
Fjildwachter Kromsigt en domeny Grootjan hiene mekoarren einliks nea sasear te wurden west. Har libbensskôgings wiene net deselde en hja wiene ek ûngelikense natoeren. Yn domeny Grootjan syn gemeente wie nammers it ferlet om de polysje bûten persoanlike swierrichheden en kribbekeurichheden te hâlden suver like grut as by it folk oan de singel. Domeny en tsjerkeried makken wol regaad wêr't dat nedich wie; dêr hoegde gjin polysjeman oan te pas te kommen. Alle minsken wiene no ienkear sûndige wêzens; as jo dat betochten, och, dan hied er it yn it gea Trimbeets mar bêst troffen. De lytse lju, dy't op snein gearkamen yn it lokaal Bethel, woene wol skuld tajaan, woene wol rûzje ôffûstkje, woene wol ûnrjocht goedmeitsje.
En no wie hjir dan polysje Kromsigt dy't mei him prate woe. Domeny hie der net folle smucht op om nêst de fjildwachter de dyk del te fytsen. Kinne wy 't hjir op de reed net even ôfdwaan? Moatte jo ynljochtings fan my hawwe? Mar Kromsigt syn troanje stie earnstiger as domeny noflik fûn. Dat kin hjir net goed. Wy geane nei myn hûs ta en ik tink, jo sille my der tankber foar wêze. It giet oer jo soan Hessel.
Hessel: it wie as striek ynienen in kâlde hân oer domeny Grootjan syn rêchbonke. Hy doarst net iens te freegjen: wat hat dy dien. Nêst Kromsigt ried er nei dy syn hûs en alles om him hinne seach er troch in dize. En it bûnze him yn 'e holle om: de satan. Soe er te oermoedich west hawwe?
Wat hie Hessel dien? Hy wie kwekeling mei akte op in plak yn Eastdongeradiel op trijehûndert gûne yn 't jier, mar hy wenne foar in bytsje by goekunde; en ienkear soene dochs wol bettere tiden komme. Op God betrouwe, wie him meijûn; dan kaam op 'en doer alles grif goed. Jimme heit hat it ek rêden, Hessel; jim-