moast rinne: oeren nei it wurk en oeren fan it wurk, as er alteast wurk hie.
Dû moatst mar goed leare, sei Van Keimpema, dy't it petear net hage, tsjin Peter. Sil de dochter fan Camstra ek op 'e fyts? Nee, wist Peter, Joldert de Boer sil har alle dagen mei de auto bringe en helje. Joldert de Boer wie op it Mienskar sawat alles wat in hearefeint mar wêze koe. Hermanna hie him ferteld dat er foar yn it hûs in pears jaske, foar yn 'e tún in blau jaske en foar yn 'e bosk in grien jaske hie.
Mei de auto, hie 'k tocht. Anders van Keimpema hie in skalk each op auto's. Ik soe noait yn in auto wolle. Auto's ride tsjin de gong fan de beskaving yn. Blik en deade masjines ynpleats fan de harmonyske en ienriedige ûntjouwing fan de libbene wrâld, minske en dier. Mei de auto, hie 'k tocht. It is noch ivich spitich, dat de boeren fyftich jier lyn dat mienskar ferkocht hawwe. It wie fan allegearre, no is it hearegrûn en wurdt it in sintrum fan de striid tsjin de beskaving. Ik wit wol, dy Camstra, dat hearskip, is ek sljocht op hynders, mar it binne syn slaven: prizen winne of nei de ivige jachtfjilden.
Oer ditsoarte dingen koe Van Keimpema lang trochredenearje; frou Van Keimpema frege lykwols Peter oft er net meiride koe. It wie in wat gefoelich punt; Peter hie thús it ferhaal fan de auto noch net iens dwaan doaren om't er wol begriep dat heit daliks roppe soe dat dat te mâl wie: in auto foar ien sa'n smoarch fanke, dan koe sa'n jonge dochs ek wol mei. Peter fjurre dêrom fan him ôf: hy woe net, hy hie ommers in nije fyts, en Hermanna woe feitlik ek net, mar hja moast. Hermanna hie yndied sokssawat tsjin him sein en dêrby ek frijwat ôfjûn op Joldert de Boer, dy't neffens har in sjerpslikker wie en in oanbringer. Peter hie ek wol begrepen, dat Hermanna har heit him hielendal net yn 'e auto hawwe woe. Hy flapte it der ynienen ek út: Mynhear Camstra hat sein, dat ik de soan fan in húshâldster bin.
In minne hont, dy fint; Van Keimpema wie lulk, mar frou Van Keimpema lake. Dû moatst mar rekkenje Peter, ik bin ek in húshâldster en tagelyk bin ik in sniekeninginne, dat witst wol. Wa