der west hie, foel it net ta altyd domeny te wêzen. It wie yn alle gefallen net om in sigaar dat er kaam, want sigaren waarden der by Bouwe Caesar net jûn. It wie ek net om Berber har kofje, want dy wie ûnskealik en laf. It sil licht sa west hawwe, dat domeny Grootjan wolris prate woe mei in man dêr't er fan wist dat dy dochs net te bekearen wie, wylst Bouwe Caesar ferlet hie fan immen dy't nei him harkje woe sûnder oanstriid om him oer fouten of tekoarten geweken te nimmen. Nammers hja wiene it, sa't it like, lang net altyd ûniens.
Bouwe Caesar seit: de minsken tille harsels yn 'e hichte en dan sjogge hja by harsels op. It giet him fansels om oaren en net om himsels. Domeny Grootjan hat der gjin ferlet fan dat te begripen. Neffens him stroffelje de minsken oan ien tried wei, mar dêr is de leafde dy't har altyd wer rêdt. Bouwe Caesar fan syn kant hat gjin oanstriid om dêr wer djipper op yn te gean. Ik sis jo domeny, der is earne in grutte harmony dy't hja net fine wolle. (Hy tinkt: ik sil dy harmony fine.) Domeny knikt. De minsken jouwe tefolle om ierdske dingen. Mar ienkear komt de grutte harmony; nei folle leed en striid. De wite troanje fan Hommema knikt ferheftich. Sis dat wol, nei folle leed en striid. Hy bedoelt: myn leed en striid.
It is in wûnder hoe moai hja by mekoarren lâns prate kinne. Domeny Grootjan fernimt fansels skoan hoe tige Bouwe Caesar Hommema in god is yn syn eigen gedachten. En Bouwe Caesar fan syn kant mient wer hiel bêst te begripen hoe't domeny Grootjan de lytse lju yn de besnijing hâlde moat oant de dea útkomst en blydskip yn it hjirneimels bringt. De lytse lju, jawis. Bouwe Caesar heart net by de lytse lju. Ienkear sille de minsken witte, dat hy in profeet is.
Ik skriuw in boek oer de bijen, in soarte fan ensyklopedy, mar mei in djippe betsjutting. Der is in soad wiisheid yn de bijen. As de minsken mar sa as dy mei mekoarren omgyngen. Domeny Grootjan hat gjin muoite om dat ta te jaan. Alles yn 'e libbene wrâld is fol tekens. Mar de minsken binne blyn of dôfhûdich; hja moatte der op wiisd wurde, altyd wer. De bibel docht dat ek,