| |
| |
| |
It tiidrek fan de fyts
Dit wie it tiidrek fan de fyts. Berber hie yn har jonge jierren yn Blije noch wol fytsen leard, mar yn Austraalje, dêr't hûndert kilometer neat wie, wie dat in ûnnutte kundigens. Dêr koe men allinne mar wat mei in auto en dan moasten de wegen ek noch mar berydber wêze. Yn it gea Trimbeets lykwols koe men feitlik net sûnder fyts, benammen net as men in ein fan de buorren ôf wenne. Berber wie foarsichtich. Wiis wurden neigeraden prate hja der earst net oer mei Bouwe Caesar. As dy wist dat hja wat jild oersparre hie, soed er dat alderearst besteegje wolle oan it heil fan de wrâld dat sa ûnnut yn de kiste slomme. It hoegde gjin nije fyts te wêzen. By in fytsmakker yn 'e buorren frege hja ris nei in wat goed opmakke brûktenien en sjedêr, hja koene al gau akkoartsje. Sa kaam it, dat Berber ris op in middei te foet nei de buorren teach en op 'e fyts weromkaam, wat ûnwis noch, mar it gyng. Oan de pakjedrager hong in tas, dêr't hja wat boadskippen yn bergje koe, alles meimekoarren foar fiifentweintich gûne.
Bouwe Caesar wie ûntdien en noartlich. Berber hie it net oars ferwachte, mar tsjin in wat lulke Hommema hie hja yn 'e rin fan de jierren wol genôch moed sammele. Ja, fansels, der kaam wol in pear kear yn 'e wike in bakker de reed del mei bôleguod en roggebrea en it waarpraatsje; ek woe de fleurige slachtersjonge út en troch wol oan 'e doar komme mei wat fan de ko of de baarch en it lêste nijs, mar men moast nimme wat dy by har hiene. Wier Hommema, it is yn it belang fan de húshâlding dat iksels ris útsykje kin yn 'e winkels wat ik nedich haw, men is dan better en goedkeaper út. Nee, tsjin in grommeljende Hommema hold hja wol faasje; bangens fielde hja allinne foar in Hommema dy't alles oertwinge woe dêr't er fan tocht, dat it him yn 'e wei stie tsjin syn alheilmiddel foar de minsken en de wrâld.
It slagge Berber om Bouwe Caesar wer oan syn skriuwtafel te krijen; it fêste plak om in min sin kwyt te reitsjen. Peter kaam
| |
| |
thús en wie optein; no koe hy ek ris op 'e fyts, hy koe it al lang, want by Tsjerk en har hiene hja in âld rattelkast dêr't er ek wolris op sitte mocht. Sjochst wol hoe'n moaie fyts it is, Peter? Hy liket wol nij? It stjoer blonk en de nikkelen fellingen glânzen witich. Ja, Peter, it is ús fyts, mar dû moatst wol foarsichtich wêze. Berber hie wer in stille slach wûn.
It spile him ôf yn de simmer dat Peter tolve jier waard; deselde simmer dat master Douma him op in dei hjitte, nei skoaltiid even by notaris te kommen. Ja, syn heit en mem hearden der wol fan. Peter siet yn de heechste klasse, in jonge mei goede rapporten, mar faaks wat stilder as de measten. Lêze died er genôch, benammen skiednisferhalen, dêr't er gjinien fan út de skoallebibleteek oerslein hie. Mei heit koed er dêr net goed oer prate. Neffens dy wie de hiele skiednis neat oars as it ferhaal fan it tekoartsjitten en tekoartkommen fan de minsken. Oarloch en sykte, dea en ferskrikking, dat wie de skiednis yn syn eagen. Mar sa lies Peter syn boeken net. De Spanjerds wiene dochs mar ferdreaun út ús lân en de Ingelsken wiene dochs mar ferslein yn mannige seeslach. En Napoleon hie it yn't lêst dochs ek ferlern. Nee, mei heit koe Peter net sa goed prate. Wol mei mem, mar dy hie net folle leard.
Nei notaris Hiddinga dus. By it útgean fan de skoalle kaam ien fan de bruorren Durks foarby mei twa hynders. Hy weau mei de hân tsjin Peter, want hja koene goed. Douwe Liezinga rôp: sille wy sjen, wa't it earst by de feartsreed is? Mar Peter sei, dat er de buorren yn moast en dat wie ek sa. Der bloeide wat lette jasmyn yn de notaristún. Peter mocht der daliks ynkomme. Yn de keamer siet in man dy't oerein gyng en frege: kenst my noch. Djip út syn ûnthâld kaam Peter in namme yn 't sin. Al wer jierren lyn doe't der sa'n heibel wie oer syn op skoalle kommen... Omke Franke. Nou sjoch, dû witst it noch. Omke Franke joech him de hân: in steatlike man mei in burdsje dat al grizich waard en in mannich snorhierren.
En dêr wie notaris Hiddinga ek, twa baas-mannen yn de keamer en Peter wie in wat dimmene jonge fan mar tolve jier. It gyng oer
| |
| |
it trochlearen, sei omke Frank, dû wolst dochs gjin boer wurde? Peter skodde net fan nee. Wol ien as Van Keimpema mei dy moaie hynders. Dat wie syn slach en notaris lake. Dy blinder, Peter, dat wie wol wat, mar wy hawwe hjir dyn sifers en dû silst dochs earst nei de HBS moatte. Ek boeren moatte langer wat leare.
Peter seach notaris oan en doe omke Franke, dy't wer glimke troch syn snorhierren as Van Keimpema syn âld kater. Heit hie it wol hân oer de HBS. Us heit seit, op 'e HBS wurdt der mar wat yn stampe, alles kâlde wittenskip, en de maatskippij rekket der by troch. It wiene Bouwe Caesar syn wurden, dat begriep Franke Hommema ek wol, mar hy koe der dochs net om laitsje. Komt jimme heit wolris yn 'e maatskippij? Dêr wist Peter sa fuortdaliks gjin antwurd op. It wie even stil foar't er wat sei. Us heit is al hielendal wer better. Hy rûn juster by de bijekuorren om en sei, dat er ek ris omtinken jaan woe oan de mycheamelders. Heit seit: dy lytse dingen, dêr is mear wiisheid út te heljen as út it hiele learen op de HBS.
Omke Franke like dochs wat ferstuivere, ja ja, Peter, wy wisten wol sawat hoe't jim heit der oer tocht. Dêrom kinne wy hjirsa better even prate as by jimme thús. Wolstû nei de HBS, Peter? Jimme heit hat der ek hinne west doe't er in jonge wie. Dat hied er Peter nea ferteld. Peter woe wol, mar dan moast omke Franke it al even goed mei heit ferprate. Notaris Hiddinga lykwols sei, dat dat net hoegde; hy hie heit foar moarnier by him op 't kantoar noege.
Omke Franke seach op syn horloazje; hy hie it, sa't it like, net lang oan tiid. Peter, hast wol in fyts? Peter seach ferheard. In fyts? Us mem hat krekt in fyts krige. No, omke Franke ornearre, dat Peter der feitlik ek net sûnder koe. Notaris sei noch al dat er fan de buorren út ek wol mei de tram hinne en werom koe, mar in fyts wie fansels wol de baas, dan hoegde er nea net te wachtsjen. Omke Franke seach wer op syn horloazje. Ried mar in fyts oan, sei er tsjin notaris, hysels moast no fuort, want hy woe jûns net te let yn Den Haach werom wêze.
| |
| |
Hy fûstke mei notaris en Peter krige ek in hân. Hy hie in drok bestean nei't it like. Op 'e gong wiksele er in hastich wurdmannich mei master Douma dy't der krekt yn kaam. Der wie noch mear te bepraten. In tredde baas-man, Peter moast der wat lessen by hawwe. Kom mar mei Peter, daliks haw ik Camstra Simonides en syn dochter ek by my om oer lessen te praten; it kin dan wat yn de mande. Peter hearde dêr wat ferheard fan op. Hat Hermanna dan thús gjin les? Master Douma seach efterom. Ik tink, net goed genôch. Kenstû dy jongfaam? Ja, fan it hurdriden. En fan de hynders. O, just. Ja dat fanke moat krekt likegoed talittingseksamen dwaan as dû. Hermanna wie der diskear net mei hynder en wein. Der stie in grutte auto by it skoallehûs. En in man mei learen jas frege: Wa is dy jonge. Hermanna joech it antwurd. Dat is ommers Peter. Hy hat ek in preemje wûn by it hurdriden.
Camstra Simonides: in langliddige man mei in grien huodsje op. Hy seach wat skealik as noaske it him mar min, dat Peter ek nei de HBS soe. O, de jonge fan Hommema hie'k tocht. Tsjin Douma pratend sei er, dat er der ek oer tocht hie om Hermanna nei in famkesskoalle yn Lausanne te stjoeren; goed Frânsk prate, dat iepenet jin safolle wegen yn 'e wrâld. Mar hja is noch sa'n jong ding. Hermanna rôp: Ik wol hielendal net nei Lausanne. Dêr hat Sikko ek op skoalle gien en dy is no sa eigenwiis.
Frijmoedich genôch, Peter harke der benijd fan. Hâld dy stil, grânzge har heit, mar Hermanna wie hielendal net ferslein. Tsjin Peter lústere hja: Sikko is myn broer. Den Haach neamt er Laèèèh en Ljouwert Léverdèn. Ik leau ek dat hy dom is. Har heit hearde dat moaie tsjûgenis net. Hy hie it mei master oer de lessen; master woe de beide bern tagelyk hawwe. It wiene deselde fakken en hy hie ek noch lesoeren oan de normaalskoalle. As it jo net goed útkomt mynhear Camstra, dan moatte jo mar oars omsjen. It hat dochs al syn beswieren, om in learling te krijen oer wa't men neat wit.
Hja waarden it al iens, mar net fan herten. Camstra Simonides hold himsels foar in grut man en in skoalmaster achte er gjin grut
| |
| |
man en de jonge fan Hommema wie ien fan in húshâldster. No't it nypte moast er lykwols yn goedens. Hermanna lústere troch: en tsjin Gerryt, de túnfeint, seit er garson. Gerryt tocht earst, dat hy gazon bedoelde, dat is gers, ha ha ha. Har heit seach wat brûkel efterom. Klets net sa, Hermanna! Hermanna feroare der har net om. Ik sei tsjin Gerryt: Sis fou tsjin him. In fou is in healewize.
Peter krige fan master Douma de oeren op dat er bliuwe of komme moast. Hy fielde him net sa noflik, om't it allegearre yn oarder makke wie bûten heit en mem om. Mar der wie by him ek in ferhoalen opteinens. De fyts, hy krige in eigen fyts. En faaks wie foar heit alles wat oannimliker no't Hermanna ek nei de HBS soe. Sa goed hied er Bouwe Caesar wol sketten.
Dochs wie foar dy alles min te fertarren. Hy boarste daliks doe't Peter thúskaam al út. Wêrom kaam Franke net even by him, syn bloedeigen broer, thús om te oerlizzen? Wêr helle notaris Hiddinga it rjocht wei om him te ûntbieden? Wie hy heit, ja of nee? Wie hy baas, ja of nee? It ûnderwiis moast oars, de hiele wrâld moast oars en no makken lju dy't har dêr nea yn ferdjippe hiene út, dat syn soan nei de minste fan alle skoallen moast.
Peter sei wat súntsjes: Heit hat sels ek op 'e HBS west. Dat joech Bouwe Caesar wol ta en dêrom koed er ek sizze dat it sa'n strieminne skoalle wie. Sân jier hied er der oer dien: hy woe altyd dingen witte dy't hja him net learden en wat hja him al leare woene, koe him almeast neat skele. Neitiid hied er noch in skoft ta apteker leard, mar op de universiteit wie it ek al gjin spier better. Hy wist no foargoed, hoe't it net moast en notaris soe fernimme wa't er wie.
Berber koe him net hielendal ûngelyk jaan, mar hja seach der dochs ek net folle fertuten yn om sjen te litten wa't Bouwe Caesar wie. Hja woe út noch yn gjin spul. Seis jier lyn hie der spul genôch west; as hja dêroan weromtocht sloech wer in weach fan bangens troch har hinne. 't Is wier, Hommema, it giet net neffens rjocht en reden. Mar Peter moat dochs wat leare; it kin allinne mar ûnk en ûnheil jaan as wy it tsjin Franke en notaris en
| |
| |
master Douma yn 'e kant sette. Faaks wurde dan domeny Kalverboer en dy parmantige boargemaster Van Nauta der ek noch yn behelle.
By notaris Hiddinga op 't kantoar wie Bouwe Caesar de oare deis al fiks betommele. Notaris liet him rêstich útprate en antwurde doe besteklik. De HBS net sa'n goede skoalle, ja, dat hied er wol faker heard en 't koe bêst wêze dat mynhear Hommema net hielendal ûngelyk hie. Mar notaris syn eigen bern hiene der ek op gien, en dat wie dochs wol goed kommen. En as it de HBS net waard foar Peter, wêr moast sa'n jonge mei in goed ferstân dan hinne? De normaalskoalle wie dochs ek neat. No nee, dat joech Hommema daliks ta, foar skoalmaster leare kaam foar Peter alhiel net yn 'e beneaming. Notaris woe Hommema it folle pûn jaan. Sjoch Hommema, jo moatte de ferantwurdlikens sels ek drage wolle. As jo sizze: Peter giet perfoarst net nei de HBS, dan moat it nochris besjoen wurde. Jo witte, de dochter fan Camstra Simonides sil der ek hinne. Ja, dat wist Bouwe Caesar. De minsken hjirwei hiene fansels te min kar, dat it soe wol net oars kinne. Mar ûnder protest!
Op sprong fan fuortgean kaam Bouwe Caesar noch in ding yn 't sin: de fyts. Dy fyts foar Peter, is dat net wat te grouwélich, notaris. Mar dat punt wie Hiddinga gjin praat wurdich. Elk bern dat leart hat tsjinwurdich in fyts. Wolle jo dan dat Peter der gjint hat? Dit is no ienkear it tiidrek fan de fyts, mynhear Hommema. Dy lytse slach hie Bouwe Caesar ek noch ferlern. Hy kaam net botte fleurich thús. Hy sei earst neat tsjin Berber, mar lang hold er him net stil. Sa'n notaris set jin foar it blok: net nei de HBS, wêr dan hinne? Peter moast der dan mar hinne, lykwols, hy Bouwe Caesar Hommema soe dochs op de iene of oare wize fan him hearre litte. Nei in deimannich wist er ek hoe. It wie wer de oplossing fan de skriuwtafel. Sjoch Berber, ik sil yn in brosjuere it hiele opfiedingssysteem ferneatigje. Kropotkin hie in soad skreaun oer de frije ûntjouwing fan de minsklike geast en yn syn kast hied er ek it boek Emile fan Jean Jacques Rousseau oer de opfieding neffens de natuerwetten. Hy wurke der wiken oan,
| |
| |
want hy moast der hiel wat grime yn kwyt: it wie in edele wraak fan Hommema op de lytse en benypte geasten dy't de wrâld noch regearren en mei har nearzich gedoch de harmonyske maatskippij yn 'e wei stiene.
Twa skriften fol; ja Berber, hjir fyn ik wol in útjouwer foar. Sa'n stik jout opskuor en de útjouwers moatte it fan opskuor hawwe. Ynearsten lykwols kaam it dochs wer yn 'e kiste, dêr't er no alderearst it fier fan folsleine hânskrift oer de bijen wer út opfiske. It wurk moast trochgean. Der stiene de wrâld noch hiel wat ûnferwachte dingen te wachtsjen.
|
|