op. Ek wurke er, sittend op bêd, út en troch oan syn bijeboek. Ja Berber, ik bin op wei. Alle grutte ûntdekkings wurde dien ûnder sykte, tsjinstuit en tsjinwurking. Mar myn lichem mei swak lykje, myn geast is izersterk. Hy hie der ornaris in boek by, dat er wei die as dokter Groothof kaam. Mar dy mocht wol La vie des abeilles fan Maeterlinck sjen dat goed dúdlik op syn skriuwtafel lei.
It wie yn it earste begjin fan dy kâlde rite dat frou Meindersma, Maaike har mem, nei Sibbele Hoekstra en har moast op 'e pôle yn it leechlân; want dêr wie it safier. Sibbele hie syn molke moarns noch mei de skou nei de wei bringe kinnen en frou Meindersma koe moai mei werom. Underwilens wie de kâlde wyn frijwat oanboaze en it djippe wetter siet fol grûniis dat as lym oan de skou klibbe. Rike Meindersma hie in iismûtse om 'e earen en in tekken om en krige al gau foar it ferstân dat it in reis wurde soe om te ûnthâlden. It leechlân wie ien iisflakte en dêr't Sibbele moarns lâns kommen wie, sieten de skossen al wer fêst oan mekoarren. Sibbele die syn bêst, mar op in stuit seach er nei frou Meindersma mei bange eagen. Hy koe net mear foar of efterút. Frou Meindersma, hoe moatte wy hjir mei oan? No, in pear planken mei en dan yn 'e goedichheid mar oer it iis. Mar it is noch net heal fertroud frou Meindersma. Net seure Hoekstra, wy moatte trochsette.
Trije planken hiene hja, ien foar elk om op te rinnen en in treddenien om iderkear foarút te lizzen. It kreake wol ûnder de planken, mar it hold. Doe lykwols fertsjustere de sinne en ynienen sieten hja yn in swiere sniebuoi. Hoekstra, sjogge jo wat foar jo út? Sjogge jo wat, frou Meindersma? Hoekstra, ik sjoch allinne mar stjerkes en myn triennen befrieze. Frou Meindersma, wy moatte foarút mei de wyn oan de rjochterkant. De pôle leit de noardkant út. Wy moatte mar krûpe oer it iis, Hoekstra, en de planken foar ús út skowe.
Sa avensearren hja fierder, sûnder wat te sjen en heal ferklomme. De tekken wie al lang earne op de flakte lizzen bleaun. Hoekstra, hear ik dêr wetter? Dat kin, frou Meindersma, dêr