minsken en mei de hûnen binne wy opgien nei in hegere libbenssteat. En no sa'n Reitse Jochums, krekt as hy nei in wat ûngeregeld libben swierrichheden kriget, wit er fergemy neat betters te dwaan as syn hûn te ferstjitten. Ferstjitte, ja, dat is it goede wurd. En dan komt it ûnk oer him, want der is gjin hûn dy't bilet. Hette Kromsigt hat wat yn 'e rekken hân, hy is in baas man, mar it sinjaal hat hy dochs mist.
Hommema wie fan betinken dat it petear op dizze wize op in leger nivo kaam, mar dat liet er Van Keimpema net witte. Hy woe fatsoenlik bliuwe. Hy hie it noch wer oer de grutte harmony, dy't oan alle byleauwe en strideraasje in ein meitsje soe, mar sei der by dat dêr fansels ek in plak yn wêze soe foar it hynder en de hûn. De ferhalen kamen ek de minniste pastorij yn en de domeny, juffer Ingwersen, woe der net oer swije. Hja hie it net oer Gods finger, mar wol oer it ferkeard brûken fan de middels en talinten dy't God ús taskikt hat. Dêr is it kleare ferstân by dat alle spoekeleauwe nei it heidensk ferline tebekwiist; dêr is ek it kristlik gewisse dat ús der ta bringe moat it eigen genietsjen en it eigen stoflik besit minder te achtsjen as it mienskiplik sykjen nei nije maatskiplike grûnslaggen: de oarloch ferballe, de earmoed ferballe, de sinleaze rykdom ferballe en fan gefolgen ek de ûndeugd ferballe. It wie ien fan dy preken dy't der mar matich ynfoelen by de meast wolstelde bruorren en susters dy't nammers wol faker har ûnnoflik ôffregen, oft domeny Ingwersen faaks by in net sa heechachte partij hearde, alteast neffens de geast.
Ja, dan koe domeny Kalverboer ek net efterbliuwe; mar hy seach de saak wer fan in oare kant. Hy hie it oer it kristlik meilijen dat minskebern takomt dy't troch it needlot ta ferbjustering slein binne. Hy wie de barmhertichste fan de trije, mar doe't hy syn preek hold, wie it al algemien bekend dat it mei Reitse Jochums Walstra net wer goedkomme soe. Oer de tsjoenderijpraatsjes ferlear hy gjin wurden.
Dochs hat it noch in skoft sa west dat de bern jûns amper op 'e strjitte doarsten en yn stegen, tusken beammen of op oare tsjustere plakken lûd songen om har bangens te ferdriuwen.