te hâlden. It paste ek yn de sede dat it singelfolk net by de polysje kaam en de polysje net by harren.
En dan komt dochs yn it tsjuster Kromsigt by Jisk Binnebear efterom. Hy set de fyts wat út it sicht del en giet nei in pear foarsichtige kloppen op 'e doar der yn. As er feilich binnendoar is, docht Jisk Binnebear syn ferhaal. Sjoch, in polysjeman docht syn dingen en dy geane him, Jisk, net oan en hy hat syn affearens, dêr't de polysje neat oan gelegen leit. No is der lykwols wat, dêr't er him net oer stilhâlde wol. It giet oer Reitse Jochums Walstra dy't hawwe wol, dat it by him spûket. Der is in tikjen op 'e ruten, der is gerommel op 'e souder, it hea falt samar út it fek nei ûnderen en mear fan dy grapmakkerijen. Neffens Reitse Jochums hat er ek in wite ferskining sjoen, sweevjend en wat driigjend nei't it him talike. No binne dat op himsels dingen, dêr't hy, Jisk, him wol mei rêdt. Hy wurdt der ek goed foar betelle. Mar der is wat oars.
It is even stil. De frou seit dan: Fertel it no mar leaver, Jisk. Jisk sjocht Kromsigt oan. Dy Teatske, hen. Dat Reitse dy te Snits yn in kroech by de feemerk opdien hat, seit op himsels noch neat en dat hja in oere yn de wyn op stjonkt nei minne lodderein likemin. Ek hoecht it net sa te wêzen dat as in jong frommis mei in folle âldere keardel trout om it jild, dêr daliks nuvere dingen út fuortkomme. Mar hjir doocht wat net en hjir driget wat.
Kromsigt sjocht him oan. Wat driget? Dan praat de frou. Myn man waard justernacht ynienen wekker, sprong fan bêd ôf en sei: Walstra syn skuorre brânt. Hy hat him hastich oanklaaid, hat in ein fuort west op 'e fyts, mar seach doe wol dat der neat wie. It is wer stil. Kromsigt giet oerein. In foargesicht, Jisk? Jisk Binnebear knikt. Sis tsjin gjinien, dat ik it jo sein ha. Mar Teatske spoeket wat út, ik tink mei in helper. It koe wolris om Reitse Jochums syn libben gean. En no doch ik fierder gjin bek iepen, tsjin jo net en tsjin nimmen net.
In min putsje, wist Kromsigt, doe't er nei hûs ta sette. Hy koe fansels nei boargemaster Sixtus van Nauta gean en dy wat oer it gefal fertelle, mar hy wist foarút dat dy âlde liberaal skealik lait-