De bijekening
(1981)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 46]
| |
Austraalje. De heit wie stoarn, samar ynienen by it wurk oan de spoarbaan. Uterlik hied er him altyd goed holden ûnder de tsjinstuiten, mar it hert hie tefolle te ferwurkjen krige, ornearren Berbers bruorren en sa soe 't wol west hawwe. Mei de bruorren gyng it no better, hja wiene beide troud en gernierken net fier fan Perth ôf, de grutte stêd yn it westen. Reinwetter foel dêr ek mar in bytsje; ûnder de grûn wie lykwols wetter genôch en dat waard oppompt. Hja hiene wat frissichheid fan de oséaan, alhoewol't it noch hjit genôch wêze koe. Griente woechs dêr hurder as op 'e Fryske klaai, mar dat kaam de deugd net te'n goede. Hja hiene ek in pear bunder parre- en sinesappelbeammen, wa hie dat tocht? Spitich wie, dat der min oan de kowedong te kommen wie dy't de sinesappelbeammen feitlik nedich hiene. Kij genôch oars, mar dy waarden meastentiids net stâle. Bytiden besetten hja in poarsje droege dong, net goedkeap; fierdersoan moasten hja it mei keunstdong dwaan. Ierappels bouden hja ek, oars-soartige as yn Fryslân en ek al net poerbêst. It wie ynearsten in bestean op kredyt, mar hja wiene út de ûnderwâl wei en hiene gjin hertsear mear as hja weromtochten oan Blije, dêr't it âlderlik pleatske faaks noch wol yn wêzen wie. Mem dôve wat út; sûn wie hja wol. As Bouwe Caesar Hommema sa'n brief lies, dan prate er as muoide it him net yn Austraalje bleaun te wêzen. Winlik wie dêr noch in soad pionierswurk te dwaan. Nim no dy keunstdong; wat sâlteftich spul dêr't al it griene wol in skoft op waakst, mar nea goed en nea folslein. Men hie it yn ús eigen lân dochs ek sjoen nei it oanmeitsjen fan de heide: it gyng in skoft goed op keunstdong en dan ynienen fersutere en fertoarke it gewaaks. En sjoch, wat smoargens en rommel út de stêden der oer en de kwaal wie ferholpen. Sa'n stêd as Perth hie grif genôch kjitte en ôfeart; mar Bouwe Caesar betwivele oft de lju dêr wol yn 'e rekken hiene hoefolle wearde dat hie foar de boeren en de gerniers. Under Berbers antwurdbrieven skreau er hiele ferhalen dêr oer, mar dat wie him einliks net genôch. It moast rûnom yn 'e wrâld better ferstien wurde. | |
[pagina 47]
| |
Sa waard de geast wer op in aparte wize feardich oer Bouwe Caesar Hommema. Der wie wat yn 'e natoer dat net yn wurden of formules útdrukt wurde koe: in ûnsichtber, ûnmjitber en ûnferklearber elemint dat it libben syn gevens en syn fruchtberens joech. Undersykje de smoargens fan de strjitten yn 'e stêd en jo fine der neat bysûnders yn; mar doch dyselde smoargens by de keunstdong en de woastyn sil bloeie as in roas. It suvere fan it ûnsuvere, dat deade stof de krêft jout om libben op te wekken, dêr wie fan alles oer te sizzen en te skriuwen. Soe dit elemint ek wurkje yn de idéale maatskippij fan de bijen? It like Bouwe Caesar in ding om der ris goed syn gedachten oer gean te litten, mar ynearsten moast syn standertwurk oer de bijen eefkes wachtsje. Hy skreau in grut stik oer wat hy it biologysk elemint neamde en stjoerde it op nei in krante. Dy naam it foar it meastepart op; net lykwols earne foaroan en boppeyn, dêr't it neffens Hommema hearde, mar binnenyn ûnder de ynstjoerde stikken. Bûten ferantwurdlikheid fan de redaksje, fansels, dan koste it neat. Sensaasje, bluf, swee, dy koe men foarop fine, want dêr wie jild oan te fertsjinjen; de profesijen waarden nei efteren skood. Sa wie de wrâld, no noch al. Letter moast dat ek feroarje. Mar it stik waard dochs wol lêzen, want Bouwe Caesar krige wat brieven fan minsken dy't it op de iene of oare wize mei him iens wiene. In man, magnetiseur neffens syn eigen sizzen, lei ek de klam op it ûnstoflike fan it biologysk elemint. As hy it wetter foar syn blommen earst mei de eagen magnetisearre, levere dat folle mear groei en bloei op as bywannear't er it der samar oerhinne geat. Hy koe foto's sjen litte as bewiis. In oarenien skreau dat er de sâltpylders fan ûnfruchtberens en dea al foar him seach en de lêsten fan de minsken ferwezen en fergees op siik nei de lêste greide en de lêste ikker. Mar it meast ynnommen wie Bouwe Caesar mei it brief fan in professor Rollingswier dêr't yn stie, dat mynhear Hommema mei syn beswieren tsjin de keunstdong op de goede wei wie. Keunstdong wie neffens him sawat itselde as de konjak fan de Sint-Bernhardshûnen, hy jout even in opwekking, in skoat | |
[pagina 48]
| |
krêft, mar dan fierder moat de natoer der him wer mei rêde mei de eigen suvere krêften. By him stie wol yn 'e kiif oft it biologysk elemint hielendal ûnstoflik is. Men soe tinke kinne oan bakteariën of noch lytsere organismen. Mar dat wie in punt fan wittenskiplik ûndersiik; mynhear Hommema moast yn alle gefallen mar fierder gean mei syn aksje. It brief wie skreaun mei in trilderige hân; dat kaam ek wol út, want dizze Wageningske professor wie al jierren mei pinsioen en rûn moai nei de tachtich. Dat skreau er nammers sels en hy sei der by, noch altyd grutte belangstelling te hawwen foar alles op syn fakgebiet. Ien ding hied er foar by de jongerein: hy wist hoe't it foarhinne wie en koe dêrom mei wissichheid sizze, dat de wrâld no folle fealer wie as yn syn jonge jierren, doe't by't maitiid it plantelibben iepenboarste yn kleuren, sa fûl as se hjoed de dei net mear bestiene. It seit himsels, dat Hommema wiis wie mei dizze bûnsmaat. Fuortfarre mei syn aksje, ja wis! It bêste wie in brosjuere gear te stallen, dêr koe dan professor Rollingswier moai in foaropwurd by skriuwe. Bouwe Caesar begûn der fuortdaliks oan, mar al gau krige er yn 'e rekken dat er fierstemin materiaal ta syn foldwaan hie. De professor moast him mar ris in literatuerlist stjoere. Yn syn brief dêroer sleat Bouwe Caesar de byfalsbetsjûgingen fan oaren yn. Professor Rollingswier joech him al gau in rychje titels fan boeken op, meast Dútske en Ingelske, mar warskôge him tagelyk om wierheid en fantasy wat út mekoar te hâlden en net ôf te gean op ferhalen fan wat hy yllúzjonisten en kristalluorkers neamde. De wrâld wurdt ferjûn troch de keunstdong, mar de rêding moat komme fan de wittenskip, net fan de tsjoenderij. Hommema frege guon boeken op by de bibleteek yn Ljouwert, Ingelske, want dy koed er lêze. De stúdzje foel him lykwols net ta en syn oandacht fersloppe al gau. Sa kaam er der wer op, dat it biologysk elemint dat er socht fan deselde oarder wie as it geheim fan de bijen dêr't er dochs al lang mei dwaande wie om it út te finen. Hoe langer hy dêr oer prakkesearre, hoe mear dat eigenskip | |
[pagina 49]
| |
foar him krige. Sa kaam er der ta om op in dei de ûnfoltôge brosjuere en al syn oantekenings yn in slûf te dwaan en by al it oare ûnfolsleine yn de kiste te lizzen. Allinne oan syn bije-hânskrift wurke er troch. |
|