De bijekening
(1981)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 40]
| |
dykwurkers, Jan de Wit en syn maten, klagen dat yn droege riten de hurde laach fan liem en grús, dy't hja op de wegen brochten, efter de auto's yn wolken weistau oer it lân. Tarre op 'e wegen, dat wie de baas. Yn Hollân barde dat al, mar feitlik wiene de dykwurkers net oannommen foar sok smoarch en besmetlik wurk. Peter Hommema siet ûnderwilens al yn de tredde klasse: in goede leading dy't lies wat er yn hannen krige en beleaven net alles begriep. Op in moaie woansdeitemiddei sieten hy en Tsjerk de Wit op 'e wein fan Eabele, de grutfeint fan Anders van Keimpema, dy't biggen bringe moast nei de singel. Eabele soe yn maaie trouwe mei de dochter fan in gemier en ek daliks opnommen wurde yn dy syn bedriuw. De man fergyng fan de rimmetyk en dat like in goede oplossing. De jonges moasten letter mar ris by him sjen, earst goed roppe, want de tún wie allinne mar oer it wetter te berikken. Dan helje ik jimme wol oer. Eabele wie goed praatsk. Peter hie krektlyn in stik oer Bonifatius lêzen en frege Eabele oft er dêr wolris fan heard hie. Ja, dy wie by Dokkum fermoarde, mar der wie ek noch wat oars: doe't er nei Fryslân kaam hied er de singel oerslein en dêrtroch wiene it dêr heidens bleaun. Eabele lake. Dat sizze se teminsten. Tsjerk woe witte oft it folk fan de singel ek stiel. Hy wie lêsten samar ien fan syn kninen kwyt. No nee, dat leaude Eabele net, mar streupe, dat dogge se wol. Wylde kninen. En doe wiene hja ek al oan de singel, in hurd beriden sânwei mei oan wjerskanten lytse spultsjes mei faak grutte hokken. Hjir en dêr stie hannel op it hiem: tsjillen en oare dielen fan boereweinen, âld hout, klear timmere hinnehokken, dakpannen en sawat hinne. Eabele moast wêze by de man dy't as Jisk Binnebear moai ferneamd wie yn it hiele gea: as duvelbanner en as wûnderdokter. Eabele neamde him it opperhaad: hy kocht de biggen en ferparte se ûnder de oare leden fan de stamme. En yn 'e hjerst hiene hja dan in baarch op it hok dy't hja slachten foar wintertarring. Jisk Binnebear wie in foarse keardel, mear breed as grut en mei in rûge troanje dêr't twa wûnderskerpe eagen út seagen. Hy | |
[pagina 41]
| |
ynspektearre de biggen dy't frijwat pipen, betaaste se, seach se efter de earen en karde se goed. Eabele en de jonges moasten doe al even mei yn 'e hûs foar in pantsjefol kofje. Tsjerk, nijsgjirrich en net bang, gyng sûnder berie mei, mar Peter kaam der wat skrutel efteroan. Jisk Binnebear fernaam it wol. Fan wa is hy ien, jonkje? Eabele joech it antwurd: ien fan Hommema, Bouwe Hommema, oan de grutte wei. Jisk Binnebear knikte. Hommema, just, jawol. Hy moat mar ris by ús komme te iten. Wat bakte kikkerts, lekker knapperich. En mollefleis mei wat wetterslaad, sa hearlik hat hy it noch nea preaun. Peter skodde fan nee. De kofje koed er suver net troch it kielsgat krije. Jisk syn frou, yn it swart en mei in soarte fan kypske op, knypeage tsjin him. Wês mar net bang. Dy man fan my kin it nuver optinke. Tsjerk lake en ek om Peter syn mûle loek in glim. Mar doe't hja letter wer bûten stiene, fielde er him wol ferromme. Thús woed er in hiel ferhaal dwaan oer Jisk Binnebear, mar Berber lei de finger op har lippen. Stil Peter, jimme heit is dwaande oan in grut boek oer bijen. Alles komt der yn te stean. Peter seach heit foar syn skriuwtafel sitten, it wite hier wat oer de foarholle hingjend: in man dy't grutte dingen dwaan woe en gjin bernepraat ferdroech. Ja, dan moast Peter mar ris by Kromsigt op 'e tekst; dêr wie er altyd wolkom, ek al wie Kromdigt sels net thús. En dêr leine ek boekjes foar him om yn te lêzen. In boek oer de bijen: Bouwe Caesar hat Berber syn plan hielendal útlein. Der is noch gjin folsleine beskriuwing fan de bijen en har bjusterbaarlik libben, hoefolle minsken it ek besocht hawwe. Want har geheim, dat hat feitlik noch nimmen begrepen. Hy, mei de prôven yn syn laboratoarium en syn skerpe observaasjes, is no dwaande dat geheim stadich út te finen. Alles wat er nij ûntdekt, skriuwt er op, sa giet syn boek as in roman stadich op it hichtepunt ta, as de learling einlings de learmasters ferstien en trochsjoen hat. De learmasters, dat binne de bijen neffens Kropotkin. Maeterlinck hat der wat fan begrepen, mar lang net alles. Syn boek leit skjin en frjemd en Frânsk op Bouwe Caesar syn skriuwtafel. Ja, men moat de oarspronklike tekst fan sa'n | |
[pagina 42]
| |
boek by de hân hawwe; de oersetting, dy't er fan Anders van Keimpema krige hat, mist fansels de fine puntsjes. Berber moat wol oannimme dat Bouwe Caesar Frânsk lêst as wie it neat; hja moat in soad leauwe om sa'n wûnderlike man yn eare te hâlden en is dêr ree ta. Peter wol ek graach grutsk wêze op syn heit, mar hy soe witte wolle wêrom't de arbeider Goaitsen op 'e bijen past en net heit sels. By Kromsigt seit er: Goaitsen past op 'e bijen, mar heit wit der folle mear fan. Bytiden woe Peter wol, dat heit mar sa wie as de dykwurker Jan de Wit dy't mei Tsjerk ljept, aaisiket en te draakfleanen giet. It boek oer de bijen, in hiele simmer en in hiele hjerst siet Bouwe Caesar Hommema der fol fan. Goaitsen Meinema seach him ta syn fertriet hieltyd om de kasten hinnestrunen; it barde ek in kear dat er in stoel mei nei bûten nommen hie en op in distânsje sittend de bijen troch in fierker beluorke. En út en troch kamen, út syn laboratoarium ek frjemde luchtsjes wei. Sa altemets op in jûn woe Anders van Keimpema wolris efterom komme om te praten oer de revolúsje. Syn revolúsje wie in sêftsedich en guodlik ding: meitsje de bisten ta helpers en bûnsmaten fan de minsken en kear it ôfbrekken fan de natoer. Dan komt de harmony fansels, de grutte iensens dêr't de honger, de illinde, de iensumens en de selssucht út ferballe binne. Bouwe Caesar Hommema siet dan al gau wer op syn rydhynder. Van Keimpema moast ris begjinne mei Kropotkin te lêzen. In grut man, in edel man, in foarst: as dy yn Ingelân yn gelearde genoat-skippen spriek, dan wie it deastil en hong elkenien oan syn lippen. Kropotkin hat sein, dat de minsken leare moatte fan de mienskippen fan lytse bisten. By mycheamels en bijen wit eltsenien op syn tiid syn plak, sûnder twang, sûnder hearsksuchtich liederskip. Sokke dingen koene hja lang oer prate, ear't Van Keimpema yn skimer of tsjuster wer nei hûs ta sette. As er by syn hiem kaam, wie der in hûn dy't him ferwolkomme; de hûn wie syn freon en de hynders wiene syn freonen. De bijen, dêr't Bouwe Caesar sa oer rôp, hied er in swak moed op. Mei bisten moast men prate kinne en wa koe no prate mei bijen? | |
[pagina 43]
| |
Neffens Hommema wie it ek net nedich om mei in bij te praten, men moast har allinne mei geduld en tûkens har geheim ûntfytmanje. Van Keimpema lykwols wie der fan oertsjûge dat de bijen dat nea priisjoegen; se stekke hûndert kear leaver. En de bijen binne dochs de ieuwen troch al opnommen yn de beskaving. Se libje sûnt der minsken besteane mei dyën yn de mande en steane har de kostlike hunich ôf. Bouwe Caesar Hommema syn skriuwtafel lei, doe't de hjerst kaam, ûnder de oantekenings; hy krige it doe oan tiid om se te sammeljen, te oarderjen en út te wurkjen. Hy achte it in machtich en baanbrekkend krewei en koe it net bêst hawwe dat er troch oare dingen der fan ôflaat waard. Der kaam diskear iere froast; Peter moast nije redens hawwe want de Keulse, dy't Berber ris goedkeap kocht hie, wiene no te lyts foar in jonge út de fjirde klasse. Hommema wie der net foar. Hy hie it net op reedriden dat er sels nea goed leard hie; neffens him wie it skreppen op it iis oars neat as in striid om te sjen wa't it hurdste koe. Der komt gjin bettere wrâld Berber, salang't de iene minske de oare efter him litte wol. Berber, dy't sunich húshold, hie wol it jild foar in pear nije redens. Troch ûnderfining wiiswurden prate hja net tsjin; hja meat Peter syn foet en kocht de redens, wat te grut, yn de buorren. Peter op syn bar hold him stil; op 'e nije redens ried er op 'e iisbaan, op 'e sleatten en sels mei in keppel oare skoal-jonges op 'e feart. Hy wie lang de minste net. Doe kaam it hurdriden foar skoalbern, in grut barren dat al twa jier oergien wie. Want it moat sterk iis wêze as in doarp mei alle omkriten en útbuorrens op de baan stiet om te sjen wat de eigen bern en bernsbern der fan meitsje. Bouwe Caesar Hommema, noch altyd sabeare net wittend dat Peter op nije redens stie, hie syn soan it meidwaan net ferbiede doaren. Mar Berber weage it net om nei de baan te gean. Sûnder help wie Peter lykwols net, want polysje Kromsigt sei, dat er op 'e tosken bite moast en frou Kromsigt stie oan 'e kant om him oan te fiterjen. En dêr wie sawier ek frou Van Keimpema, steatlik ridend as in echte sniekeninginne, dy't it fansels mei him hold. En sa koe it barre dat Pe- | |
[pagina 44]
| |
ter der fjouwer jonges ôfried en om priis en preemje moast tsjin Bouke Liezinga fan de slûs. Hy seach de âlden fan Bouke stean, fûl de jonge oantreastgjend. En hy tocht oan heit thús dy't sa lûd rôp, dat de iene minske der net nei stribje moat om de oare efter him te litten. Kaam it dêrfan dat Peter ferlear? Hy hearde frou Kromsigt wol en hy seach frou Van Keimpema him mei de fûsten oantreastgjen, mar hy rêde it net; twa kear bleau Bouke op it kantsje ôf foar. Hy hie him dochs goed holden en it rûze oer de baan: de preemje foar Peter, jo witte wol, de jonge fan dy nuvere Hommema. Jawis, deselde dy't earst net nei skoalle mocht fan syn heit. By de famkes wie ek in sensaasje om't Hermanna Camstra Simonides fan it Mienskar meidie. Der wie net folle opteinens by de memmen en heiten, want it like in baas fanke en hja gyng net iens op skoalle en wêrom soe hja winne moatte, ien dy't ommers alles al hie. Mar de bestjoersleden seine, dat hurdriden giet om de eare, nammers hja lieten ek wol trochskimerje dat Hermanna har heit in wolkom dofke yn 'e kas dien hie. It wie yn har ôfdieling in hurde striid mei in fûleinich oanfjurjen oan 'e kant en op it iis rychjes misslaggen en knikken yn 'e rêch, echte of sabeare, en in see fan triennen. Mar Hermanna wûn it net. By einsluten moast hja belies jaan tsjin Joukje Meinema, Goaitsen syn dochter, wat oan 'e kant noch wol foldwaning joech. Wat hie sa'n Hermanna dwaan moatten mei it pear redens dat de earste priis wie? Dêr wie Joukje folle earder oan ta. Hermanna siet foar Peter by it priisútrikken. Ha Peter, sei hja. Ha Hermanna, sei Peter; ik haw ek de preemje wûn. Hja krigen beide in grutte ferfdoaze mei in boek sûnder foarbylden. Peter set nei hûs ta mei de priis, mar hy is net allinne. Kromsigt beselskippet him om't er wat dalje ferwachtet. Mei rjocht, want sa gau't Bouwe Caesar heart fan Peter syn sukses, ropt er: wûn mei spierkrêft, wûn mei dom hurdriden, jou dy priis dochs oan in oarenien. Mar Kromsigt jout him fiks beskie. De dochter fan Camstra hat ek in ferfdoaze wûn en is der bliid mei nei it Mien- | |
[pagina 45]
| |
skar set. En wat helpt spierkrêft as der gjin oerlis by is? Kromsigt is wol wat mear as in gewoane polysjeman. Hy sjocht dwers troch Hommema hinne en dy doar it tsjin him net yn 'e kant te setten. Berber hat yn tiden sa bliid net west. Wat moai, Peter, wat moai! Peter fynt it ek moai, mar sjocht wat skou nei syn heit. Hy tinkt der oan hoe út de skroeven de dykwurker Jan de Wit west hawwe soe as Tsjerk mei in ferfdoaze thúskommen wie. Mar Tsjerk is net sa'n held op it iis en hat it net fierder brocht as de twadde omloop. Bouwe Caesar seit pas wer wat as Kromsigt fuort is. Wat in maatskippij, wat in maatskippij, dêr't de polysjemannen foar master yn opslaan. En hy grommelt ek wat oer de nije redens dy't der kommen binne bûten syn witten en tsjin syn sin. En as er betinkt, dat in jonge as Peter samar in priis wint en in djippe tinker as hy mei syn machtich wurk sûnder meilibjen fan oaren yn alle iensumens fuortfarre moat, dan wurdt it him te mânsk en set er yn skimer en kjeld yn syn tin jaske nei de bijekasten ta. As er op it hout tikket, heart er wol in wat dompich sjongen, mar hy hie it lûder ha wollen. Yn syn skuorre is it ek kâld; hy makket ljocht, mar fynt sawat neat. By syn wurkbank bliuwt er in skoft op in stoel sitten, amper de kjeld fielend. Dan wol er nochris harkje nei de bijen. Dêr, by de kasten, hellet Berber him heal ferklomme wei yn 'e hûs. By de kachel stammeret er ûnwisse en amper fersteanbere wurden oer syn ûndersikings. In heal oere letter hat Berber him op bêd mei in waarme krúk. Doe't Bouwe Caesar in jier as wat lyn syn skonk brutsen hie, wie Berber wol kjel wurden. No, foar it earst, makke hja har ûngerêst oer syn geastlike sûnens. |
|