fan mekoarrens gnobberijen en lytse skelmerijen yn de minne tiid.
Suster Feddes bea wolris help oan minsken yn dat diel fan Trimbeets, mar allinne op fersiik fan de dokter of de earmmaster. De gemeente betelle. Bytiden kamen fantasyen by har op: hoe moai it wêze soe bywannear't hja as grutte dame de minsken mei fan alles helpe koe: klean foar de bern, tekkens foar de bêden, ris wat goeds te iten. Wat soene dy lju har dan tankber wêze, wat soe hja yn de geunst stean, wat soene se stil tsjin mekoarren lústerje as hja foarby kaam: dêr is dy goeddiedige en meilydsume frou.
Hindrikje Feddes, in skippersdochter en al jong wees: it skip Hoop op Zegen wie op in novimberdei by Urk yn de stoarm fergien en allinne in broer, dy't swimme koe, hie it oerlibbe. Hjasels wenne yn dy tiid by minsken op 'e Lemmer dêr't hja op 'e skippersskoalle gyng. Hja hie it letter net maklik hân. Wol wie hja op alderlei wizen wat holpen, mar nea sa fan herten en feitlik altyd ûnder it stille ferwyt dat har heit dochs better nei it waarberjocht ynformearje moatten hie ear't er him op sa'n wylde hjerstdei mei it skip op 'e Sudersee weage. Har broer siet al jierren yn Amearika, hja wist net wêrsanne, wat ek kaam om't er amper de pinne tille koe. Sels wie hja mei in pear feardige hannen en in wearze tsjin goeddwaan fan oaren yn de ferpleging kommen. Sels goeddwaan, dat like al better!
Hindrikje Feddes, breid fan domeny Johan Konradi. Ik hjit Henriët, hie hja sein. De maatskippij hie twa nivo's; op it lege stiene de Jannen en de Hindrikjes, op it hege de Johannen en de Henriëttes. Johan Konradi wie mei ham en gram yn har fûke swommen, mar doe't it op in trouwen tagyng, kaam der by him dochs wol wer twivel. Jawis, hy hie in goede frou nedich; jawis, Henriët koe har nei alle kanten rêde. Mar út de papieren die it bliken dat Henriët like folle oer de tritich wie as hy der ûnder. Tichte by de tritich hie hja sein, mar net: oan de ferkearde kant. Sân jier âlder as hy, dat pakte wol nuver út. Mar syn breid hold faasje. Wat jout dat, Johan, wy kinne noch bêst in moaie húshâlding