De bijekening
(1981)–Sjoerd van der Schaaf– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 29]
| |
stimmen te hearren fan de hynstetyskers, gebiedend, beswarrend. Sa likernôch moat it west hawwe: der is earst yn 'e loft it weemoedich roppen fan de wylpen as in boadskip dat de moaie tiid op in ein rint. En dan, ja, dan kin it wêze dat de hynders komme, earst in fier tikjen op 'e strjitfluorring en dan in stadich folrinnen fan de buorren, in skowen en in snuven en in kletterjen fan hurd metaal. Hoe mannichien stapte dan net fan bêd om by it ljocht fan de moanne of in earmoedige strjitlantearne it taferiel yn him op te nimmen? It wiene ornaris de keppels fan de bruorren Durks, op wei nei in hjerstmerk yn Fryslân of Drinte. De bruorren Durks: hja wiene freonen fan Anders van Keimpema. Dy syn eigen hynders, in stik of fjouwer, rûnen almeast yn it lân nêst de pleats, mar bytiden wiene der ynienen wol in stik of tsien mear. Dêr wiene dan guont fan de bruorren Durks by. Anders van Keimpema libbe foar de hynders. As er sa'n keppel yn it lân hie, dan rôp er graach oer it moaie dierte dat it minskdom tabetroud wie om it yn te foegjen yn de beskaving. Syn sizzen wie: ferrykje de wrâld, lear de bisten har plak te hawwen yn in hegere besteansoarder. Dat Trimbeets gjin hynstemerk hie, wie Anders van Keimpema min nei 't sin. Mar in grutte merke wie der wol; in tige ferneamdenien dy't hast in wike duorre en dêr't hiel wat bûtenút arbeidzjend folk foar thúskaam. Op ien fan de dagen wie der in draverij fan boerehynders en dêr moast Anders van Keimpema fansels al hinne. Peter koe wol meiride en hy moast mar wat mear bern sjen te finen, der koene genôch op 'e wein. It stie Bouwe Caesar Hommema mar min oan. Wat is in merke: leech fermeits, klettergoud, falsk skel ljocht. Mar Berber sei, dat de merke der wie foar de bern en joech Peter trije stoeren mei. En Peter helle in skoallefreon op dy't Tsjerk hjitte en de soan wie fan de nije dykwurker Jan de Wit, net fier fan har fandinne. Joukje, dochter fan Goaitsen en Gelske, moast fansels ek mei; en dy helle har kammeraatske Maaike, famke fan de goefrou Rike Meindersma, der noch by. Anders van Keimpema liet harren sjonge op 'e wein en joech se allegearre in dûbeltsje. Hja hoegden net | |
[pagina 30]
| |
mei nei it hurddraven: gean de merke mar op bern en fermeitsje jimme ta de teannen út. It waard de fleurichste middei dy't Peter ea belibbe hie. Heech swiere yn de sweefmûne mei needgjalpen fan de famkes, meime-koarren yn in draaiende bank fan de karoesel, nijsgjirrich by de kreammen lâns dêr't it rûkt fan fisk en oaljeflut. Der is ek in hynstespul dêr't by de yngong in klown op 'e kop stiet, in man yn in read jaske en mei in hege hoed op de mannichte yn de tinte besiket te troaien en in cowboy op in hynder mei in lasso yn de iene hân dy't sa fûl blaast op in trompet yn de oare, dat it lûd wol kilometers fier oer de Trimbeetster prairy hinne knetterje moat. Doe't Peter thúskaam, wied er in grut foarstâner fan de merke wurden, mar hy bedimme him al wat, sa gau't er begriep dat er net spriek út syn heite namme. Want Bouwe Caesar skode op 'e stoel hinne en wer en klage dat de minsken foar dit neatwurdich gedoch slompen jild oer hiene, wylst dingen fan belang benefter bliuwe moasten. Berber begriep wol dat dat sloech op it heils-boadskip yn 'e kiste en hja woe grif minlike graach dat Hommema dat einlings ris ferkundigje koe; mar hja seach al wer hoe't Peter oplibbe tusken de oare bern en by oare minsken en dat makke har wûndere bliid. Haw mar geduld, Hommema. Jo tiid komt noch wol. Mar it wie dochs ynearsten mear Peter syn tiid. By Anders van Keimpema wied er altyd wolkom. Ut en troch sette dy him ris wer op in hynder. Hâld de moannen fêst, Peter! Hâld de skonken stevich tsjin de bealch! Letter lit ik in seal foar dy meitsje. Van Keimpema, sels sûnder bern ommers, hoegde net op in pear sinten te sjen. As de bruorren Durks kamen, wie it hûs fan Anders van Keimpema ynienen fol leven. Twillingen wiene hja, gjin Siameeske mar wol ûnskiedber. Dat de iene Klaas hjitte en de oare Ritske wie in kwestje fan boargerlike stân, want gjin minske koe se út mekoarren en dat hoegde ek net. Allinne, Klaas wie frijfeint en Ritske wie troud en heit fan twa bern, in soan dy't de see foar kar nommen hie boppe it hynstetyskjen en in dochter dy't ferkea- | |
[pagina 31]
| |
ring hie mei wat Ritske in fint fan neat neamde, om't er amper ferskil seach tusken in swiere Belch en in Iislânske pony. Ritske siet it heech, Klaas lake der wat om en dêr koe men teminsten de broers troch út elkoar as ien fan beiden rôp: yn it hynstespul kin er wol, mar dan as gekke ruter dy't oeral ôf kwakt en him oan in sturt meislepe lit. Hy hat ris mâle Tys spile yn dat healwize komeedzjestik; de minsken mar laitsje en ik beswar jimme dat ik my ek stikken lake hie, as Afke it net tafallich op him foarsjoen hie. Datsoarte ferhalen hearde Peter ek; letter hat er wol begrepen, dat de bruorren Durks hearden ta in útstjerrend gilde, al soe men dat doe net sizze. Mar, wa wit, hiene de bern fan Ritske it foar-field en yn alle gefallen moat Anders van Keimpema, dy't in rychje boerekranten lies, der wol wat aan fan hân hawwe. Hjir rûnen de hynders noch foar de ploege en de meanmasjine, mar yn Amearika daveren de trektoaren al oer de fjilden. It soe wêze kinne lykwols, dat Anders it krekt dêrom sa fûl op 'e hynders hold, de edelste fan alle bisten. Der kaam ris by Van Keimpema in riderij út it Mienskar mei in yn it grien klaaide fuorman en nêst him in fanke fan Peter syn jierren dat nijsgjirrich útkipe ûnder in strieën hoed mei reade linten. Fan de twa hynders moast ien ôflevere wurde oan de bruorren Durks dy't al mear yn it lân rinnen hiene, mar sels op 'e swalk wiene. It ferkochte hynder wie de merje Illustra dy't yn it ferline earst hiel wat prizen wûn hie en dêrnei de eigner holpen hie oan in treflike neiteam. No wie de geast der út. Anders van Keimpema rûn om it bist hinne. Soa, jonge noch ta, dat is dus Illustra, wat hat dy in prizen wûn, wat hat dy faak yn de kranten stien. Der is in tiid fan kommen, der is in tiid fan gean, spitich, ja. Op it Mienskar stie it grutte hûs fan immen, dy't Hector Camstra Simonides hjitte. De grûn, dy't yn it ferline fan de boeren meimekoarren west hie, wie yn de tachtiger krisisjierren earst ferkocht oan in ryk wurden feanbaas, mar dy syn famylje hie dat hiele besit koart foar de oarloch fan 1914-1918 wer ferkocht. Camstra Simonides hie diplomaat west en de hjitting wie dat er | |
[pagina 32]
| |
jild troud hie. It hûs wie fergrutte, de tún wie útwreide en der moast wol in man as tsien personiel wêze. Foar de twa bern wie der in goevernante dy't Frânsk koe. De man hie wat ferstân fan buorkjen en wie sljocht op hynders. It fanke dat mei de fuorman by Anders van Keimpema kommen wie, wie syn dochter. Peter seach har noch even nei skoalletiid. Der wie in lyts petear. Wa bistû, frege it fanke. Ik bin Peter, sei de jonge; hastû hjoed net nei skoalle west? Nee, sei it fanke, ik bin Hermanna Camstra, ik hoech net nei skoalle, ik krij thús les. It kaam der wat triomfantlik út, hja wist skoan dat Peter dêr net fan werom hie. Peter seach har ferheard oan. Krigestû dan hielendal allinne les? No nee, der wie ek noch in broer dy't Sikko hjitte, mar dy koe gau nei it gymnasium yn 'e stêd. Peter fertelde derfan doe't er thús kaam, in jonge sûnder euvelmoed. Want Bouwe Caesar Hommema komt los, hy slacht mei de fûst op 'e skriuwtafel, dat alles der op en der yn risselet en rattelet. Frijheid foar de iene, twang foar de oare. Dêr by dy Camstra kin alles neffens it ferlet, neffens it sin en neffens it waar regele wurde; mar Peter moat him skikke ûnder in tirannyk bewâld. Hoe kin sa'n jonge him dan harmonysk ûntjaan? Hy swetst der noch fiks op los; hy seit dat Peter ek nei it frije ûnderwiis moat yn dat hûs op it Mienskar, hy sil der wurk fan meitsje, hy sil soargje dat Peter út de ferdrukking wei komt. Peter sels doar gjin wurd te sizzen, mar Berber hâldt wol faasje. Hja pliget altyd wer tsjin Peter te sizzen: jimme heit is in geny, en hja bringt him noch wol op yn earbied foar de kiste en yn ferwachting fan it kommend heil, mar hja jout Bouwe Caesar no dochs te hâlden dat hja oer Peter syn skoalle genôch lest hân hawwe. Nammers, Peter soe net wolkom wêze dêr by dy grutte lju op it Mienskar en boppedat, hoe soe er dêr elke dei komme moatte, want it is mear as in oere rinnen; en dat dan lykme allinne. Mar it striidfjoer by Bouwe Caesar wie al wer belune, al beklage er him noch al oer it bittere krús om libje te moatten ûnder in jok; jins eigen bjusterbaarlike boeken net ienris printsje te meien, gjin baas te wêzen oer jins eigen jild en jins eigen soan nei in | |
[pagina 33]
| |
drilskoalle stjoere te moatten. Doe sakke hy swijend del op syn stoel, allinne Berber, opluchte, lústere noch: ja Peter, jimme heit sil de wrâld wat sjen litte. Sa gyng it ta yn it hûs fan Bouwe Caesar Hommema; hiel oars as op 'e pleats fan Anders van Keimpema. Lykwols, dêr koe it barre, dat de boerinne in traap fan in hynder krige. Oan Peter hie hja ferteld, dat hja Gerda hjitte, krekt as de sniekeninginne yn Andersen syn mearke, dat hja him noch wolris foarlêze soe. Hja wie rêstich en ferstannich en koel en hie wol graach in Peter hân, mar dat wiene fan dy dingen dêr't men neat oan feroarje koe. No moast hja nei it sikenhûs. It hiele gefal wie Van Keimpema ôfgryslik yn 'e wei: dat in edel dier as in hynder sok mindersoartich ding dwaan kinnen hie. It soe wol sa wêze, dat it bist dat er koart tefoaren kocht hie, fierste bluisterich en wielderich opbrocht wie; dan wurde se oerdwealsk, krekt as de minsken. Mei de boerinne foel it oars wat ta; mei in dei of acht wie hja wer thús, mar hja mocht pas stadichoan wer wat rinne en de faam moast yn 't earstoan noch hast alle wurk dwaan. Foar it ferbinen fan de smertlape kaam suster Feddes. Peter mocht wolris by har sjen. Hja sei: de boer is mâl mei hynders en hy hat der ek in soad ferstân fan, mar hy wol te min leauwe dat der smearlappen ûnder binne. Wêr wie it hopke no, woe Peter witte; hopke sei er, want hy brûkte de taal dy't Van Keimpema him leard hie. No, it hopke wie by de slachter en de merje Illustra wie ek by de slachter en de boer syn eigen âlde hynders gyngen ek nei de slachter, mar de boer die krekt as wist er it net. Hja hie ek noch fertelle wold dat er dan tsjin de bruorren Durks sei: jimme fine der wol in plakje foar, sawat as wiene der earne rêsthuzen foar âlde hynders. Mar Peter wie noch mar sa'n foege jonge. Hja sei al: hynstetyskers kinne der wat mei, Peter. Suster Feddes hoegde al nei in pear wiken net mear te kommen. Frou Van Keimpema mocht har net lije, al stie de suster foar har wurk. Yn wat hja sei wie diskear in wat skril lûd, as wie der wat mei har oan 'e hân. De minsken foelen har hieltyd wer ôf, sei hja, en hja prate oer ûntrou, oer dieverij, oer hate, oer bedrage- | |
[pagina 34]
| |
rij. De tsien geboaden wiene der, jawisse, mar wa hold him der oan? Hja moast swije fansels, mar as hja alles ris fertelde wat hja wist, ek oer foaroansteande minsken, dan soe dat wol in klap jaan. Hoe koene yn sa'n wrâld de earliken en suver fielenden har goed hâlde? Frou Van Keimpema seach har gauris oan. Wêr woe hja op ta? Wat woe hja stilhâlde? Der wie fansels wat mei har gewisse. Suster Feddes sei it pas de lêste kear dat hja kaam. Ik gean út de ferpleging wei. Ik sil trouwe. It rûn frou Van Keimpema wat kâld oer de lea. O heden, och stumper, mei wa? Suster seach har oan mei lulke eagen. Jo dogge as bart der in ûngelok. Ik trou mei de domeny. Dat wie it nuverste nijs dat frou Van Keimpema yn lange tiid heard hie. Mei domeny, sizze? Mei domeny Kalverboer? It laitsjen fan suster Feddes klonk net sa hertlik. Domeny Kalverboer, hoe komme jo der by! Dy man fertoarket en ferskronfelet tusken syn boeken en yn syn goeddwaan; en sneins stiet er te let op 'e kânsel yn in skurve toga foar noch gjin tritich minsken. Frou Van Keimpema fielde har suver wat ferromme, doe't hja hearde dat it domeny Kalverboer net wie. Hja woe gjin petear mei suster Feddes, mar wat nijsgjirrich wie hja wol. Trouwe jo dan mei in domeny út in oar plak? Yn suster Feddes lûd siet wat fan grimmitigens. Nee, ien hjirwei. Der steane dochs mear domeny's yn Trimbeets! Ik trou mei domeny Konradi. As Johan preket, dan steane de minsken yn Bethel ta de foar út, sa moai, sa treffend. Mar ja, dêr witte jimme fansels neat fan. Frou Van Keimpema bleau rêstich. Nee, folle wit ik net fan domeny Konradi. Hy is hjir ek noch net salang. Mar ik hie nea witten dat jo fan dy rjochting wiene. En is hy net in stik jonger as jo? 't Is no myn rjochting wol. En wat kinne in pear jier skele as men geastlik sa goed harmonyëarret! Suster Feddes draaide har om en gyng de doar út. |
|