te leauwen dat er it noch wolris safier bringe soe, hy moast lykwols earst noch twa diploma's helje. Hy hie in fleurich aard en wie in goed gymnast, mar syn diploma's en syn boargemasterskip blykten mear en mear in loftspegeling te wêzen. Underwilens gyng de tiid syn gong en it koe net útbliuwe, dat suster Feddes har geduld oprekke en hja ek mei him koart en dúdlik ôfweefde. Under de mjitte.
Ut ûnderfining wiis wurden woe suster Feddes no mar ien hawwe dy't al wat wie en net mear wat wurde moast. In domeny, tocht har, wie it bêste. Ta dy konklúzje kaam hja op in stuit dat der yn Trimbeets by tafal trije betsjinners fan it Wurd noch as frijfeinten troch it libben gyngen. Hja wie sa'n bytsje tsjerksk opbrocht dat hja, wat de rjochting oangyng, maklik alle kanten útkoe. Mar it gaadlikst like it har dochs, it earst ris te besykjen by domeny Kalverboer, herfoarme en frijsinnich.
Dat wie yn 'e tiid dat hja by Bouwe Caesar Hommema oer de flier kaam. Hja hie Berber alris wat ferteld, mar net tefolle. Domeny Sytse Kalverboer wie doedestiids tsjin 'e fyftich, in allerbêste man mei sneins mar in bytsje minsken yn 'e tsjerke, mar warber op it mêd fan de bernebeskerming en in tige achtenearre lid fan de fâdijrie. Ek late er, as goed kenner fan de âlde talen sa út en troch wolris jonge minsken op foar it steatseksamen. Yn syn libbensritme wiene de nachten mear as de dagen de tiden fan wurk en stúdzje en gauris gyng it ljocht by him net foar fjouwer oere yn 'e moarn út. Syn húshâldster, frou Postma, oer de sechstich al, wie wat maklik en net sa skjin, mar it wie domeny gau goed genôch.
Suster Feddes begûn mei in kear yn de nacht by domeny Kalverboer oan de skille te lûken; foarsichtich, want frou Postma mocht it fansels net fernimme. Domeny die har freonlik iepen: suster, kom der yn, is der wat? No nee, der wie neat, mar hja hie der noch let even op út moatten en tocht, doe't hja by domeny ljocht seach, dat hja him faaks hjir en dêr mei helpe koe. Helpe, jonge ja, wie suster altemets thús op 'e skriuwmasjine? Dat wie suster net, spitich, mar hja hie snein yn 'e tsjerke sjoen hoe'n