| |
| |
| |
Lytse krisis om Peter
De kwakkelwinter joech in soad snie en net folle froast. Moarns wie it faak in wite wrâld, mar tsjin 'e jûn wiene de greiden almeast wer moai grien. It wie foar Bouwe Caesar wol goed ôfrûn as de bijekasten der net west hiene. Berber fage de paden by it hûs al, mar tsjin it befriezen fan sniewetter koe hja net folle dwaan. En Bouwe Caesar woe út en troch de bijen sjongen hearre. Goaitsen hie sein, dat de bijen winterdeis yn har wêzen litten wurde moasten. Hy soe in inkelde kear wol komme om te sjen, oft der wat sûker by moast yn de kasten, mar fierder wie it in kwestje fan hoe rêstiger hoe better. Mar Goaitsen koe wol mear sizze; wa wie Goaitsen en wat wist Goaitsen?
Bouwe Caesar wie gjin gewante keardel, benammen net mei pantoffels oan op in glêd paad. Berber hold har de lea stikken as hy der útgong. Tink der om Hommema, jo lizze ear't jo it witte. It gyng lang goed. Peter stjoerde er werom as dy mei woe. Nee Peter, fuort Peter! Dû hast klompen oan, it moat stil bliuwe. It sjongen fan de bijen. Men hearde suver neat as men it ear tsjin de kast oan lei. Mar as men kloppe, dan begûn it, in wûnderlik brommen en sûzjen as trillen der snaren. Foar Bouwe Caesar wie it in teken út in oare wrâld, in soarte fan spiritistysk boadskip dat hy leare moast om te ferstean. As er werom gyng yn 'e hûs moast er dêr tige oer tinke. Dan glystere er wolris wat. Mar it gyng lang goed.
Pas begjin febrewaris, doe't de sinne al wat waarmer waard en it sjongen yn de kasten lûder, glied er raar út en kaam ûngelokkich telâne. Hy hie wat knappen heard en begûn heas en earmoedich om help te roppen. Dêr wie Berber al en dêr wie Peter ek. Peter waard útstjoerd om help en al gau kaam Eabele, Anders van Keimpema syn feint, oansetten en efkes letter Van Keimpema sels ek. Hja droegen him op bêd. Doe duorre it ek net lang of dokter Groothof syn T-Ford hold foar by it paad en mei him stapte suster Feddes út, bonkich en net bang. Bouwe Caesar hie
| |
| |
in stikkene skonk, mar dokter en suster koene der har mei rêde. It wie in ienfâldige breuk, sei dokter; it hie noch helte minder kinnen. Earst in skoft lizze, dan yn gipsferbân stadich wer wat fottelje: Suster Feddes kaam in wike of wat alle dagen. Hja achte Hommema in ynteressante man en song by Berber in lofliet op manskeardels dy't wat mear yn 'e marse hiene as sljochtwei. Hja achte dat Berber in goede kar dien hie; foar froulju wie it maklik genôch oan in klerk of in ûnderwizer te kommen, mar dat wie winlik in wat te leech nivo. En hja hie it faak oer domeny Kalverboer fan de grutte tsjerke, in frijfeint dy't oant djip yn 'e nacht him yn âlde talen útlibbe. Dat wie no ien nei har sin.
Yn dy tiid doe't de maitiid stadich yn it lân kaam, wie Peter in soad by Van Keimpema. Hy mocht meiride mei Eabele, wie yn it bûthús as de arbeider it fee fuorre en boarte mei de hûn. Frou Van Keimpema hie in boek mei de mearkes fan Andersen en lies him der wolris wat út foar, mar hy begriep it noch net allegearre. Hjir moast in jonkje wêze lyk as dû, sei frou Van Keimpema. Spitich, mar it wie no ienkear net sa.
Bouwe Caesar wie gjin maklike pasjint, mar de earbied fan suster Feddes die him tige goed. Rjochtop sittend op bêd mei in boerd foar him koe er fan alles dwaan. Berber moast foar him út syn boeken alles opsykje wat mei skiekunde te dwaan hie. Hy hie in blaumoandei ta apteker leard en woe syn kennis wer wat ophelje foar syn ûndersiik fan hunich, dêr't er al wat gleskes en buiskes foar oanret hie. In laboratoarium yn de skuorre, it like him merakelse moai ta al soe it net tafalle de geast út de stof te begripen.
Mar hy hat mear te dwaan yn dizze snuorje. Gauris skoot er de skiekundeboeken oan 'e kant en skriuwt wat op. Peter moat mei gauwens nei skoalle ta, mar dat giet samar net. Skoalmasters fertsjinwurdigje in stikje gesach. Bouwe Caesar is tsjin gesach. De iene minske kin wol leare fan de oare, mar dêr mei gjin twang oan te pas komme. Under twang kin der gjin ûntjouwing wêze nei de grutte harmony; ûnder twang begjint de geast needlottige sydpaden te sykjen. Bouwe Caesar briedt lang op in brief oan de
| |
| |
boppemaster. April komt, maaie komt, hy kin al wer gean mei in stôk, hy lit in soarte fan wurktafel timmerje yn de skuorre, hy túcht in gasflesse mei in brâner oan; en noch altyd briedt er op 'e brief.
Dan, as de langste dei net mear fierôf is, geane twa epistels de doar út: ien foar de boppemaster en ien foar de boargemaster. Bouwe Caesar lit witte dat hy Peter Hommema faaks al nei skoalle gean litte sil, op kondysje lykwols dat it personiel him net steurt yn syn frije ûntjouwing en him net stelt ûnder it gesach dat gjin gesach is, mar behindering fan it frije tinken en it frije wurd. Dan mei komme wat komme wol, mar de jonge bliuwt thús. Wat Bouwe Caesar feitlik wol is de iene of oare frijheidsferklearring fan de oerheid. Brieven op poaten hat er skreaun. As er der oan tinkt, trillet it yn him fan de emoasje.
Frijheidsheld Bouwe Caesar Hommema. Hy hie oer de brieven alhiel net praat mei Berber. Hy die syn dingen selsstannich. Mar ris sjen wat de autoriteiten tsjin syn dúdlike miening yn te bringen hiene. Lang hoegde er net te wachtsjen. Noch yn deselde junymoanne op in fredige moarn kaam in fytser it paad del. Hy makke him bekend oan Berber as Kalverboer, domeny Kalverboer. Berber seach him benijd oan. Suster Feddes hat my in soad oer jo ferteld. Jo binne in geleard man. Domeny like net sa optein. Suster Feddes, ja, just. Ik kom hjir as lid fan de fâdijrie, net as domeny. Kin ik mynhear Hommema even te wurd? Is der ek net in soantsje?
De fâdijrie. It rûn Berber in bytsje kâld oer de lea. Myn man is oan 't wurk yn 'e skuorre en ús jonkje is by boer Van Keimpema. Mar der is hjir neat te rêden, domeny.
By Hommema yn 't laboratoarium rûkte it sawat nei kokyntsjes. Der stie wat swit op Bouwe Caesar syn troanje. Domeny Kalverboer, hie 'k tocht. Wy binne net fan de tsjerke, mar ik wurkje op myn wize ta heil fan de minskheid. Hy wie fleurich, mar syn troanje beloek doe't domeny him sei dat der in klacht wie by de fâdijrie oer it âlderskip fan Hommema en frou. Jo hawwe in pear nuvere brieven skreaun en notaris Hiddinga hat
| |
| |
alris earder yngripe moatten. Wy moatte der even oer prate, mei jo frou der by.
Domeny Kalverboer: winlik in bêste man. Frijfeint as er wie joech er hast mear omtinken oan bern yn need as oan syn amt en hy hie al gau yn 'e rekken dat it hjir wat tafoel. Hommema die in steil wurd oer de deaminne maatskippij mei de frijheid ûnder de kwint fan wat him it gesach neamde, mar domeny begriep nei wat praten wol dat Berber fan de brieven neat ôfwist, al sei hja it net. Underwilens kaam Peter thús, fleurich roppend dat er op in hynder sitten hie en wat beteutere swijend doe't er de frjemde man seach. De frjemde man frege, oft er wol nei skoalle ta woe. Ja, dat woe Peter skoan. Berber glimke tsjin domeny. It komt allegearre wol yn oarder. Jo moatte mar tinke, myn man syn gedachten rikke heech, hy hat wat fan in profeet, mar hy docht gjin ûnberette dingen.
Dat sei Berber en domeny woe hawwe, mynhear Hommema soe even skriuwe dat men syn brieven net sa letterlik nimme moast, hy hie allinne syn miening jaan wollen. Bouwe Caesar sei gjin ja en gjin nee, mar domeny tochte, it sil wol goed komme. Hy joech elkenien de hân, Peter moast mar fiks leare. Him tochte, de fâdijrie koe hjir wol bûten bliuwe.
Mar it kaam noch net klear. Bouwe Caesar skreau gjin brief wer. Yn syn prakkesaasjes heve er himsels op ta in soarte fan Sint Joaris, fjochtsjend tsjin de draak fan it gesach. Nee, hy ûntskuldige him net. Nee, hy koe neat weromnimme. Mar de held yn it djipst fan syn gedachten sei wer neat tsjin Berber, dy't miende dat it twirke al lang wer oer wie en dan ek nuver opseach, doe't op in middei fjildwachter Hette Kromsigt delsetten kaam mei de meidieling dat Hommema en frou en soan ferwachte waarden by notaris Hiddinga, dêr't, nei't him sein wie, in Hommema-famyljegearkomste holden waard. Bouwe Caesar sette earst in heech boarst op. Wat binne dat foar kluchten! Mar doe skronfele er wat yn mekoar. Berber seach sa wyt. En Peter, dy't de konsternaasje wol oanfielde, skriemde.
Hette Kromsigt lykwols wist genôch om sizze te kinnen dat it wol
| |
| |
goed beslaan soe. Jo fout hat west Hommema, dat jo de boargemaster ek in brief stjoerd hawwe. Hy tinkt dat jo revolúsje meitsje wolle. Master Douma hie him der wol mei rêden.
It wie noch in moai lange mars nei de buorren. Berber wie earst stil, mar stadichoan krige hja dochs wat oardiel oer it gefal. Jo hiene noch wer in brief skriuwe sild, Hommema. Of hawwe jo dat net dien? Bouwe Caesar, de held, fun mar muoisum wurden. Dat, uh, is my trochgien. Hy rûn ek wat muoisum mei syn stôk. Berber seach Kromsigt oan. Ik wol 't jonkje net kwyt, ik wol Peter net kwyt. Efter syn hân sei Kromsigt: Dat bart ek net frou Hommema.
Berber wist net folle fan Bouwe Caesar syn famylje. En dêr sieten hja dan yn notaris syn sprekkeamer: Franke Hommema, in heech man yn de Haachske amtnerij, Rembertus Hommema, siktaris fan in Keamer fan Keaphannel, en Feyona, widdo fan in baron dy't mei douairière oansprutsen waard. En by it foarname selskip hearden dan ek noch boargemaster Sixtus van Nauta en kurator Lieuwe Hiddinga. Der waarden wat slappe hantsjes útdield, Peter moast besjoen wurde ear't Kromsigt him meinaam en doe koe de sitting begjinne.
De sitting of in klucht? Fjildwachter Kromsigt wit dat de fâdijrie net yngripe wol en dat boargemaster Van Nauta de hiele kemeedzje op tou setten hat om't er Bouwe Caesar Hommema sjocht as in gefaar foar de iepenbiere oarder. In jonge thúshâlde fan skoalle, as alle minsken dat ris diene, wêr moast it hinne? En wat beskriuwt dy man thús allegearre? Van Nauta nimt it wurd. Mynhear Hommema, wolle jo de wrâld yn ûnstjoer bringe. No nee, dat wol Bouwe Caesar sa krekt net. Ik fersmyt allinne alle geweld en alle twang. Ik set de geast boppe alles. Bouwe Caesar is wol wat betommele, mar net fij fan in nûmerke filosofyske diskusje. Franke Hommema lykwols is praktysker. Hy hat snorhierren as in kater en laket dêr wat nuver trochhinne. Earst seit er inkelde freonlike wurden oan it adres fan Berber, better let as net, en dan, Bouwe Caesar oansjende, jout er dy te hâlden dat by de bern de geast him min ûntjaan kin as dy net geregeld nei
| |
| |
skoalle ta geane. En jo, myn goede man, driigje no de boppemaster en mynhear de boargemaster, om jimme Peter thús te hâlden alle kearen as it jo op de iene of oare wize net nei 't sin giet. Dat kin gjin kant út en wy as famylje akseptearje dat ek net. Wy hawwe it bêste foar mei jo en jo húshâlding. Jo hawwe rjocht op jo eigen opfettings, mar de jonge mei dêr net de dupe fan wurde.
It binne wurden dy't Feyona, de douairière, nei't it skynt noch wat te besteklik yn 'e earen klinke. Hja is de âldste yn dizze famyljerûnte en grif de fûlste, mar net de wiiste. Moat dy jonge krektsa ûnmaatskiplik wurde as jo?
Bouwe Caesar wol opspringe, mar Berber hâldt him op 'e stoel, wat net safolle muoite kostet. En dan grypt Rembertus yn. Wy binne hjir net om mekoarren leksums te lêzen. It giet mar om ien kwestje: kinne wy der op oan dat Peter geregeld nei skoalle ta sil, ek al soene jo, Bouwe Caesar, beswieren hawwe. Gewoan ja of nee. It antwurd komt fuortdaliks: ja. It is Berber, dy't it seit. Ik sil soargje dat Peter de skoalle net fersommet, gjin dei as 't net nedich is. Myn man is ien mei grutte ideeën, mar yn syn gedachten doarmet er wolris wat ôf. Hja sjocht sydlings nei Bouwe Caesar en praat no sêft. Ik wol Peter net kwyt.
Foar Berber is Bouwe Caesar in profeet, mar hja ken no syn swakke steeën. Hja falt de famylje net ôf. En dan is it wol tiid foar de kurator, notaris Hiddinga, om in pear ferstannige wurden te sprekken. Mynhear Douma, de boppemaster, is in romhertich man dêr't jo alle swierrichheden yn goedens mei beprate kinne. Der hoege alhiel gjin problemen te wêzen. Mar Bouwe Caesar hat noch neat sein en allegearre sjogge hja him no oan. Hy kin der net foar wei. Lykwols, it ja wol net oer syn lippen komme. Hy skoot wat hinne en wer. No, goed dan. Dêr moat de famylje mei ta en it blykt genôch te wêzen. Allinne boargemaster Van Nauta, dy't de hiele fertoaning op gong brocht hat, is net sa foldien. Master Douma as riedjouwer: in man dy't er der fan fertinkt by ferkiezings read te stimmen. Hy bringt der noch út: Mynhear Hommema kin by my ek altyd terjochte. Sjoch ris
| |
| |
oan. Lykwols, nei de befrijende wurden fan Bouwe Caesar is in algemien petear loskommen en dêr wurde de boargemaster syn wurden sawat yn wei.
Berber wie bliid en Bouwe Caesar wie net ûntefreden. De famylje hie him op ja ferge en hy hie gjin ja sein. It muoide him allinne, dat de suster en broers it net wachtsje kinnen hiene even by him thús te kommen. Net dat dêr in soad te sjen wie, mar foar syn namme yn it gea hie it faaks in goed ding west: safolle lju fan kwisekwânsje by Bouwe Caesar Hommema de reed del!
Der kaam wol in oarenien de reed del: Hette Kromsigt mei Peter foar by him op 'e fyts. Peter rôp dat er tekene en kleure hie. Peter by in polysjeman yn 'e hûs en it hie him mar tige foldien. Kromsigt sette him foar Berber del. In aardich jonkje, hy mei wolris faker komme. Wy hawwe wat boartersguod bewarre fan myn dochter dy't al skoaljuffer is. Berber sei fleurich, dat dat wol koe, mar Bouwe Caesar seach as in ûle. Peter by in polysjeman, in domme grypearm fan it gesach. It like him wol neat.
|
|