Bouwe Caesar hie mei de bijen ek syn eigen doelen en dat soe Goaitsen foargoed gewaar wurde.
De bijen wiene der; in grutte dei foar Bouwe Caesar Hommema. Dit binne ús learmasters, Goaitsen, as wy witte hoe't dy har maatskippij yn mekoarren sit, sûnder hearskers, sûnder ûnderhearrigen, elk op syn plak, de iene foar allegearre, allegearre foar ien, as wy dat witte,... mar wy witte it net, wy sjogge it, mar witte dogge wy it net, noch net. Ja, wat moat in man as Goaitsen dêrf an sizze? Hy hâldt him earst stil, mar dan sjocht er, dat Bouwe Caesar in bij fan syn hân faget. Jo kinne better op in distânsje bliuwe, Hommema, bijen is nijsgjirrich spul, mar se ferdigenje har maatskippij wol. Ear't jo it witte hawwe jo in stek.
Dêr moat Bouwe Caesar al even oer tinke. Bijen ferdigenje har, dat is wier. Hja binne freedsum en wurksum, mar foar frjemd oer net ûngefaarlik. Is dat sa? Nee, it is net sa. Wat betsjut in bijestek? In pear dagen en 't is oer. Hy fynt wer wurden. Ja Goaitsen, bijen stekke, mar minsken sjutte. Hûnderttûzenen fan har soarte binne by Verdun oan flarden sketten. As men dêr oan tinkt, hoe soe men jin dan tjirgje om in bijestek? Dêr is noch nea immen oan dea gien.
Letter skreau Bouwe Caesar wer in mannich siden fan in skrift fol. It wiene dingen dy't er faaks al earder op papier setten hie, mar syn ûnthâld waard der langer net better op en syn kiste wie sà fol. De lear fan Darwin seit dat de sterkste oerlibbet, dy syn lear is ien fan altyd duorjende striid. Kropotkin giet dêr tsjin yn en mei rjocht. Hoefolle biste-mienskippen binne der net dêr't it yn alles fredich en ienriedich om en ta giet? Sjoch nei de mych-eamels, sjoch nei de bijen. En meitsje de hoarnbisten yn it wyld, as der gefaar driget, net in ring om de jongere en swakkere bisten hinne? Sokke foarbylden binne der folle mear. En as Darwin ris wat gelyk hawwe soe by de rôfdieren, dan jildt dat noch net foar de minsken. Minsken binne gjin rôfdieren en hja moatte witte en ûnder harsels witte litte gjin rôfdieren te wêzen. Sjoch net nei de tiger, sjoch nei de bijen.
De bijen. Hy hie se no nêst de doar. Hy koe se no observearje yn