dy't gjin inkelde skoalle ôfmeitsje koe, die earne yn Hollân op in ûndúdlike wize wat oan polityk.
Underfoarsitter Kuperus lykwols fûn, dat as de man út en troch ris in dofke jaan woe en him fierder net mei de saken fan de klub bemuoide, hy syn nut hawwe koe. Wêrom soe men him de kâns ûnthâlde om de maatskippij noch op de iene of oare wize te tsjinjen?
Dêr wie net folle tsjin yn te lizzen, mar Kromsigt krige der noch al troch dat de man beskermhear wurde koe. Dat like foarnamer en joech minder rjochten. It waard him oanbean en hy wegere net. Kromsigt bleau der wat twivelich ûnder stean en krige der al gau ek noch wurden om mei boargemaster Van Nauta. Hoe krigen jimme dat yn 'e holle, Kromsigt, sa'n man dy't neat betsjut! Jo moatte rekkenje, boargemaster, wy sitte wat yn 'e skuld en wy wolle graach wat dwaan foar de jonge leden dy't net folle betelje kinne. Dizze man wol ús helpe. Witte jo in oarenien dy't dat dwaan wollen hie? Dat wie in pynlike fraach, want Sixtus fan Nauta stie yn it helpen frijwat ûngeunstich bekend, al wie it gjin geheim dat dat minder lei oan him as oan syn deun wiif. Nee, Van Nauta koe sa gjin oarenien neame, mar de sport hie dochs syn eare, de sport ferkocht him dochs net. It falt my ôf, Kromsigt, it falt my danich ôf. It wie yndied in ôfdijer foar Van Nauta, en einliks fermakke Kromsigt him der wat oer. Wy binne net ferkocht, boargemaster. Wy leverje gjin inkelde kontra-prestaasje. En dochs wie ek hy net sa foldien.
De kuorbalklub hold alle jierren yn't lêst fan augustus, as de fakânsjes ôfrûnen, har grut feest. Diskear wie it grutter as it ea tefoaren west hie. Ut it hiele lân wei wiene de kuorbalders opkommen, meimekoarren in foech heal tûzen. In grut part dêrfan koe sliepe yn soldatetinten op it Mienskar, mar ek de boeren hiene sliepplakken makke yn de skuorre. In soad medaljes en oare aardichheden foar de winners, in feestprogramma yn in mânske tinte, in draai-en in sweefmûne foar de bern, it wie in merakel wat allegearre koe. Boargemaster Van Nauta mocht in iepeningswurd sprekke of, better sein, hy moast wol, want dêrfoar